Red Hot Chili Peppers is in band út de Feriene Steaten, oprjochte yn Los Angeles yn 1983 troch Anthony Kiedis en Flea.
Skiednis
Begjinjierren De oaren yn de oarspronklike band wienen Hillel Slovak en Jack Irons. Om't Slovak en Irons mei in oare band, What Is This?, in kontrakt by MCA hiene, namen Kiedis en Flea it earste album, The Red Hot Chili Peppers, op mei gitarist Jack Sherman en drummer Cliff Martinez. It twadde album, Freaky Styley, waard al opnaam mei Hillel Slovak, mar east by it tredde album, The Uplift Mofo Party Plan spile gâns de band by de opnammen. Dit wie lykwolsek de lêste kear. Yn 1988 ferstoar Slovak troch in oerdoasis heroïne, en yn reaksje stoppe ek Irons mei de band.
Kommersjeel sukses Yn 1989 kamen Chad Smith en John Frusciante by de band. Yn dy formaasje brocht de band yn 1989 Mother's Milk út en twa jier letter Blood Sugar Sex Magik. Mei Blood Sugar Sex Magik waard de band ferneamd oer de wrâld, benammen troch de single Under the Bridge, dy't yn 1992 ûnder oare yn Nederlân op 1 yn de hitlist stie.
Dat jier naam Frusciante wer ôfskied. Hy hie neat mei de populariteit fan de band en boppedat rekke er ferslave oan heroïne. Nei in pear ferskate gitaristen kaam Dave Navarro by de band. Mei him brochten se it sechsde studio-album, One Hot Minute, út. De chemy mei Navarro wie lykwols minder as earder mei Slovak en Frusciante.
Frusciante werom Flea hie kontakt holden mei Frusciante, dy't healwei jierren njoggentich yntusken swier ferslave wie. Navarro stapte yn 1997 út de band en se fregen Frusciante om werom te kommen. Dy wie in jier letter fan de drugs ôf, mei help fan Kiedis, Flea en Johnny Depp.
Yn de suksesformaasje fan 1989-1992 naam de band it album Californication op, dat se útbrochten yn 1999. Dat waard op 'e nij in kommersjeel sukses, mei hits as Scar Tissue, Californication en Otherside. Trije jier letter hold dat kommersjele sukses oan mei By the Way. Yn 2006 brocht de band it dûbeldalbum Stadium Arcadium út. Dêrfoar wûnen se yn 2007 in Grammy Award foar bêste album en ek it nûmer Dani California waard bekroane.
Klinghoffer ferfangt Frusciante Nei in skofte rêst waard yn 2009 bekend dat Frusciante de band op 'e nij ferliet. Diskear net om in drugsferslaving, mar it spyljen yn in ferneamde rockband befoel him net mear. Josh Klinghoffer waard de opfolger fan Frusciante. Sy wiene en binne goede freonen en ha earder ek mei syn twaen albums útbrocht. Klinghoffer wie boppedat al langer belutsen by de band, bygelyks as twadde gitarist by optredens.
Mei Klinghoffer as gitarist brochten de Peppers yn 2011 har tsiende studio-album út, mei de namme I'm With You. Yn 2012 publisearre de band nûmers dy't se tagelyk mei I'm With You opnaam hiene, mar it album net hellen. Yn novimber 2013 waarden dy nûmers mei-inoar op ien LP útbrocht (I'm Beside You).
Yn febrewaris 2014 spile de band tegearre mei Bruno Mars yn de halftime-show fan de Super Bowl. Letter dat jier begûnen se oan de opnamen fan in nij studio-album, dat letter de namme The Getaway krije soe. The Getaway waard yn 2016 útbrocht.
Band thumb|240px|right|In optreden fan de band De band bestiet út: sjonger: Anthony Kiedis gitarist: Josh Klinghoffer bassist: Flea drummer: Chad Smith
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) The Red Hot Chili Peppers10 augustus 1984EMIGet Up and JumpFreaky Styley 16 augustus 1985Jungle Man,Hollywood (Africa)The Uplift Mofo Party Plan29 septimber 1987Fight Like a BraveMother's Milk16 augustus 1989Higher Ground,Knock Me Down,Taste the Pain Blood Sugar Sex Magik24 septimber 1991Warner Bros.Give It Away,Under the Bridge,Suck My Kiss,Breaking the Girl,If You Have to Ask One Hot Minute12 septimber 1995Warped,My Friends,Aeroplane,Shallow Be Thy Game,Coffee ShopCalifornication8 juny 1999Scar Tissue,Around the World,Otherside,Californication,Road Trippin,Parallel UniverseBy The Way9 july 2002By the Way,The Zephyr Song,Can't Stop,Dosed,Universally SpeakingStadium Arcadium9 maaie 2006Dani California,Tell Me Baby,Snow (Hey Oh),Desecration Smile,Hump de Bump I'm With You26 augustus 2011The Adventures of Rain Dance Maggie,Monarchy of Roses,Look Around,Brendan's Death Song The Getaway17 juny 2016 Dark Necessities,Go Robot,"Sick Love,Goodbye AngelsUnlimited Love1 april 2022Black SummerReturn of the Dream Canteen14 oktober 2022Tippa My Tongue
Live-albums Album Utbrocht op Label Live in Hyde Park3 augustus 2004Warner Bros.Cardiff, Wales: 6/23/0417 maart 2015ûnbekint
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opSock-Cess1989What Hits!?29 septimber 1992Live Rare Remix Box1994The Plasma Shaft13 oktober 1994Out in L.A.1 novimber 1994The Best of the Red Hot Chili Peppers1994Under the Covers: Essential Red Hot Chili Peppers31 maart 1998Greatest Hits18 novimber 200310 Great Songs2009Road Trippin' Through Time2011I'm Beside You29 novimber 2013
Oar útbrocht guod 1988 The Abbey Road E.P. (EP) 2003 The Red Hot Chili Peppers (remastered) 2003 Freaky Styley (remastered) 2003 The Uplift Mofo Party Plan (remastered) 2003 Mother's Milk (remastered)
Ferwizing De webstee fan Red Hot Chili Peppers .
Kategory:Amerikaanske rockband Kategory:Grammy-winner Kategory:Band oprjochte yn 1983