De Feriene Steaten fan Amearika (FSA of yn 't koart FS, USA) binne in Noardamerikaansk lân, besteande út in federaasje fan 50 dielsteaten. De haadstêd is Washington, D.C., de grutste stêd is New York City. De Feriene Steaten binne nei Kanada en Ruslân it op twa nei grutste lân fan de wrâld foar wat grûngebiet oangiet. Neffens ynwennertal is de Feriene Steaten nei Sina en Yndia ek it op twa nei grutste lân fan de wrâld. It Ingelsk is de grutste taal fan de Feriene Steaten en yn de measte steaten ek erkend as offisjele taal.
De skiednis fan de Feriene Steaten as lân begjint mei de trettjin koloanjes dy't har yn 1776 ûnôfhinklik ferklearren fan it Keninkryk Grut-Brittanje. Troch útwreiding (kolonisaasje) fan it grûngebiet nei it westen ta en in oanhâldende ymmigraasje út Jeropa wei waard de Feriene Steaten yn de 19e iuw in lân fan betsjutting yn 'e wrâld. Yn 1945 wiene de Feriene Steaten it earste lân op de wrâld mei in atoomwapen. De Feriene Steaten binne in permanint lid fan de FN-Feiligensried en is oprjochtsjend lid fan de NAFO. Nei de ein fan de Kâlde Kriich wiene de Feriene Steaten de iennichst oerbleaune supermacht. De presidint fan de Feriene Steaten is sûnt 20 jannewaris 2025 Donald Trump.
Skiednis
thumb|200px|left|De Mayflower mei nije kolonisten yn it jier 1620. It gebiet, dat no beslein wurdt troch it kontinintale part fan de Feriene Steaten, wienen yn it ferline wengebiet fan in grut tal lânseigen Amerikaanske folken en waard fan de 16e iuw ôf kolonisearre troch Spanje, Frankryk, Nederlân en Ingelân. As resultaat fan de Frânske en Yndiaanske kriich fan 1754 oant 1763, naam Grut-Brittanje de Frânske koloanjes yn Noard-Amearika oer: it eastlik part fan Kanada en parten fan it hjoeddeistige Illinois en Ohio. Dêrmei kaam it grutste part fan de eastkust ûnder Britsk bewâld. De kolonisten wienen net mear ôfhinklik fan de beskerming tsjin de Frânsen troch it heitelân, en hja begûnen harren te fersetten tsjin it beteljen fan Britske belêstings. Trettjin koloanjes ferklearren yn 1776 harren ûnôfhinklikens fan Grut-Brittanje, wat it begjin wie fan de Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich. Yn 1783 erkende it Keninkryk fan Grut Brittanje de ûnôfhinklikens. Yn de nije steat waard in grûnwet oannaam en waard in regear foarme dat yn 1789 aktyf waard. Yn de rin fan de folgjende iuw ûntstiene hieltyd gruttere ferskillen troch de noardlike steaten en de súdlike steaten. Dizze ferskillen laten fan 1861 oant 1865 ta in boargerkriich. De ein fan de 19e iuw koe skaaimurken wurde as in rite fan westlike útwreiding, yndustrialisaasje en tafloed fan miljoenen ymmigranten. Yn de 20e iuw hawwe de Feriene Steaten aktyf meidien oan de Earste en Twadde Wrâldkriich.
thumb|200px|left|Amerikaanske troepen yn Jeropa, D-Day 1944. Yn de Kâlde Kriich fochten de Feriene Steaten en de Sowjetuny as supermachten om Jeropa en foar mear sizzenskip yn de wrâldpolityk. De Feriene Steaten besocht dat fia de NAFO, de kommunistysk Sowjets hienen dêrfoar harren eigen alliânsje, it Warsjaupakt. Alhoewol't it net ta in direkte kriich kaam, fochten Amerikaanske troepen tsjin kommunistyske Sineeske troepen yn de Korea Kriich fan 1950-53. De Sowjets makken yn 1961 de earste bemanne romtereis, de Amerikanen hienen yn 1969 as earste in man op de moanne krigen. De spanningen tusken de Feriene Steaten en de Sowjetuny wienen op in hichtepunt doe't de Sowjetuny nukleêre wapens op Kuba stasjonearre. Yn de sechtiger jierren groeide de minskerjochtebeweging ûnder Martin Luther King. Nei de deadlike oanslach op Kennedy yn 1963, waard de Civil Rights Act fan 1964 en de Voting Rights Act fan 1965 ratifisearre ûnder presidint Lyndon B. Johnson. Tusken 1959-75 fochten Amerikaanske troepen tsjin de kommunistyske Fietkong yn de ûnsúksesfolle Fietnam-kriich. Mei de tiid boaze it tal tsjinstanners fan de kriich oan, it swarte nasjonalisme groeide, it feniminisme groeide en út de Feriene Steaten wei wreide de seksuele revolúsje him út oer de westerske wrâld. Troch it Watergate skandaal fan 1974 waard Richard Nixon de earste Amerikaanske presidint dy't ôftrede moast foar de ein fan syn presidintstermyn. Jimmy Carter waard twa kear keazen as presidint. Hy wie benammen sterk yn diplomasy mei de Sowjetuny. Mei de fal fan de Sowjetuny kaam der in ein oan de Kâlde Kriich.
thumb|200px|Oanslach op it World Trade Center. Nei de Kâlde Kriich bleau de Feriene Steaten oer as iennige supermacht op ierde. Dêrby hienen hja ek in liedende rol yn de Golf Kriich en de kriich yn it eardere Joegoslaavje. Troch in seksskandaal yn 1998 kaam Bill Clinton wat nuver yn it nijs, mar hy bleau sitten as presidint. By de presidintsferkiezings fan 2000 waard George W. Bush presidint. Op 11 septimber 2001 fleane Al Kaida terroristen mei fleantugen yn beide tuorren fan it World Trade Center yn New York City, it Pentagon by Washington, D.C., likernôch trije tûzen minsken rekken dêrby dea. In direkt gefolch fan dy oanslaggen wie de "War on Terrorism". Dy't oan 'e ein fan 2001 begûn mei in Amerikaanske ynvaasje yn Afganistan, dêr't de Amerikanen de Taliban by út it lân reagen. De Taliban feroare har taktyk en begûn mei in gueriljakriich. Yn 2002 woe it Bush regear in rezjymwiksel yn Irak ha. De NAFO en de Feriene Naasjes stipen de Feriene Steaten hjirby net, wêrtroch it Bush regear begjint mei in "Coalition of the Willing" (koalysje fan reewilligen). De koalysje foel Irak oan yn 2003 en mei in moanne wie de Irakkriich wûn en de diktator Saddam Hussein fuort. Minskerjochtenorganisaasjes beskuldigen de Feriene Steaten fan it net neikommen fan ynternasjonale ôfspraken op it mêd fan minskerjochten.Ferslach fan Amnesty International Op 4 novimber 2008, middenmank de kredytkrisis, wurdt Barack Obama keazen as presidint. Hy is de earste swarte presidint fan de Feriene Steaten.
Geografy Grinzen & swetten thumb|200px|Topografyske kaart Yn it noarden grinzet de Feriene Steaten oan Kanada, yn it easten oan de Atlantyske Oseaan, yn it suden oan Meksiko en oan de See fan Meksiko, en yn it westen oan de Stille Oseaan.
De steat Alaska leit apart fan de oare steaten en grinzet oan de Noardpoalsee yn it Noarden, oan Kanada yn it easten, oan de Stille Oseaan yn it suden en oan Ruslân yn it westen. Yn de Stille Oseaan leit de steat Hawaï. Fierder hat it lân nog wat oare gebieten dy't der fia in ferskaat oan regels oan keppele binne.
De grins mei Kanada is 8.895 kilometer lang (wêrfan allinnich al 2.477 kilometer grins tusken Alaska en Kanada). De grins mei Meksiko yn it suden is 3.326 kilometer lang. De kustliny mei de Atlantyske Oseaan, Pasifyske Oseaan en de Golf fan Meksiko is 19.924 kilometer lang. Fan de Kanadeeske grins yn it noarden nei de Meksikaanske grins yn it suden is sa likernôch in ôfstân fan rûchwei 2.500 kilometer. Fan de Atlantyske nei de Pasifyske is sa'n 4.500 kilometer.
Geology & geakundige yndieling Fan east nei west sjoen begjinne de 48 steaten mei de Atlantyske kust. Dan komme de Appalachen. West dêrfan leit it bekken fan de grutte rivieren en de grutte marren. Fierder nei it westen wurdt it lân hieltyd heger en minder, oant yn Wyoming en Kolorado, dêr't in pear fan de heechste toppen fan it Rotsberchte lizze. Fan dêr ôf bliuwt it lân, it Grutte Bekken, meast 1.500 meter en heger, oant de Sierra Nevada mei Mount Whitney (4.418 m.). Dêr foarby leit it lân wer ticht by seenivo, mar by de kust fan de Stille Oseean komt dan noch it Kustberchte.
Alaska wurdt foaral foarme troch de noardwestlike einen fan it Rotsberchte en it Kustberchte. It westlikste útrinsel fan it Rotsberchte einiget as Cape Prince of Wales dy't tegearre mei de Eastkaap yn Ruslân de Bering Strjitte foarmet. It útein fan it Kustberchte draait as it Alaska Berchte nei it súdwesten, en foarmet sa it Alaska Skiereilân en úteinlik de Aleûten dy't yn in bôge de Bering See beheine.
Hawaiï is in rige fan eilânen yn de Stille Oseaan, súd fan Alaska en west fan Meksiko. Fierder hearre ek oare eilannen ta de FS, lykas Porto Riko, Gûam en Amerikaansk-Samoa.
Politike geografy
thumb|right|Kaart: CIA World Factbook. De neikommende steaten, ôfhinklike gebieten en federale distrikt binne meiïnoar de Feriene Steaten.
Amerikaanske steaten Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Floarida - Georgia - Hawaï - Idaho - Illinois - Indiana - Iowa - Kalifornje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konettikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippy - Missoury - Montana - Nebraska - Nevada - Nij-Hampshire - New York - Nij-Jersey - Nij-Meksiko - Noard-Dakota - Noard-Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd-Dakota - Súd-Karolina - Teksas - Tennessee - Utah - Washington - West-Firginia - Wyoming - Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria fan de Feriene Steaten Amerikaansk-Samoä - Gûam - Amerikaanske Famme-eilannen - Noardlike Marianen - Porto Riko
federaal distrikt Distrikt Kolumbia
By de ûnôfhiklikensferklearring yn 1776 wienen der mar 13 steaten.
Alaska is de grutste steat (1.700.578 km²), en Rhode Island de lytste (4.003 km²). Kalifornje hat it grutste tal ynwenners (33.871.648 in 2000), wylst Wyoming it lytste tal ynwenners hat (493.782 yn 2000). Yn de lette 20e iuw woeksen de ynwennertallen fan Nevada, Arizona, Kolorado, Uta, Georgia en Teksas it hurdst. West Firginia, Noard Dakota en it Distrikt fan Kolumbia hienen yn dyselde rite te krijen mei in delgong fan it tal ynwenners.
Klimaat thumb|left|Klimaatgebieten yn de Feriene Steaten. De Feriene Steaten hawwe ferskate klimaattypen. Alaska hat in arktysk klimaat, mei dêrby de heechste bergen fan de Feriene Steaten (Mount McKinley, 6195 meter). Hawaï hat in tropysk klimaat mei tropysk reinwâld, en it suden fan Florida hat de tropyske savannen fan de Everglades. De hûndertste meridiaan is ornaris de skiedsline tusken de drûge en fochtige klimaten. Westlik fan de hûndertste meridiaan hearsket in frijwat drûch steppeklimaat, eastlik dêrfan is it klimaat oer it generaal fochtich. It noardeasten fan de Feriene Steaten hat in fochtich, kontinintaal klimaat. Yn grutte berchgebieten lykas de Rocky Mountains, de Sierra Nevada, en de Cascade Range oerhearsket in berchklimaat (alpine climate). Yn it súdwesten lizze ferskate woastyngebieten. It pasifyske kustgebiet yn it noardwesten falt wol in soad rein.
Yn it midwesten komme wol gauris tornado's foar, yn it gebiet dat ek wol Tornado Alley neamd wurdt. Yn it súdeasten komme grutte tropyske orkanen foar. De Feriene Steaten hawwe mear tornado's as alle oare lannen op de wrâld mei-inoar.Charles A. Doswell III: Severe Storms
Fan grutte ynfloed op it klimaat is de jetstream yn de hegere atmosfear dy't grutte lege drukgebieten út it noarden fan de Pasifyske Oseaan meibringt. As dy lege drukgebieten yn kontakt komme mei oare lege drukgebieten foar de eastkust fan de Feriene Steaten, dan falle der yn 'e winter grutte sniebuien dy't Nor’easters neamd wurde.
Yn it easten fan de Feriene Steaten lizze gjin hege berchgebieten. Dêrtroch kin de kjeld him winterdeis maklik útwreidzje nei it suden, en yn 'e simmer wreidet de waarmte him maklik út nei it noarden sadat de simmers yn it noardeasten fan de Feriene Steaten en it súdeasten fan Kanada relatyf hyt wêze kinne.
Polityk thumb|250px|De Senaat komt gear yn It Kapitoal De Feriene Steaten fan Amearika hat trije machten. Leden fan it Electoral College kieze alle fjouwer jierren de lieder fan de útfierende macht, de Presidint fan de Feriene Steaten. In presidint wurdt foar fjouwer jier keazen en kin ien kear op 'e nij keazen wurde.
De wetjouwende macht is it Kongres. It Kongres bestiet út twa tûken, it Hûs fan Offurdigen en de Senaat
Mei goedkar fan de Senaat hat de presidint it foech en kies ien fan de 9 rjochters fan it Heechgerjochtshof, de rjochterlike macht. De rjochters fan it Heechgerjochthof wurde beneamd foar it libben. It Heechgerjochtshof hat it foech om te sizzen dat in wet net neffens de grûnwet is wêrtroch de wet ûnjildich ferklearre wurde kin.