It Frânsk (Frânsk: français) is in Romaanske taal dy't út it sprutsen Latyn fan Galje ûntstien is. It heart ta de langues d'oïl, de Romaanske taalfoarmen dy't har yn de midsiuwen yn it noarden fan it hjoeddeistige Frankryk en oanswettende regio's ûntjoegen.Bibliothèque nationale de France: Langues d'oïl. Yn 'e rin fan de iuwen ûntjoech it Frânsk him ta in bopperegionale skriuw- en standerttaal mei sprekkers oer de hiele wrâld.
It Frânsk wurdt tsjintwurdich op alle kontininten sprutsen. De Organisation internationale de la Francophonie rûsde yn 2022 dat sa'n 321 miljoen minsken har yn it Frânsk uterje kinne, fan wa't sa likernôch 255 miljoen de taal alle dagen brûke.Organisation internationale de la Francophonie: Qui parle français dans le monde?, gegevens oer 2022. It grutste part fan de Frânsktalige wrâld leit yn Jeropa en Afrika, oare grutte Frânsktalige mienskippen binne te finen yn Noard-Amearika, it Karibysk gebiet en Oseaanje.
It Frânsk is yn 29 lannen in offisjele taal.Feriene Naasjes: Les six langues officielles de l'ONU. Njonken Frankryk hat it ûnder mear in offisjele status yn Belgje, Switserlân, Lúksemboarch, Monako, Kanada en in grut tal Afrikaanske lannen. It is ek ien fan de seis offisjele talen fan de Feriene Naasjes en ien fan de 24 offisjele talen fan de Europeeske Uny.Europeeske Uny: Langues, multilinguisme, régime linguistique.
Troch syn grutte geografyske fersprieding hat it Frânsk ferskate nasjonale en regionale farianten ûntwikkele. Njonken it Frânsk fan Frankryk bestiet der ûnder oaren it Belgysk-Frânsk, Switsersk-Frânsk, Kebeksk Frânsk, Akadysk Frânsk en ferskate Afrikaanske farianten. Nettsjinsteande regionale ferskillen yn útspraak, wurdskat en taalgebrûk foarmet it Standertfrânsk de mienskiplike skriuwtaal fan it grutste part fan de Frânsktalige wrâld.
Taalgebiet It Frânsk is yn 30 lannen op ierde in offisjele taal. thumb|left|Taalkaart Frânsk yn Europa. Frânsk yn Europa Fierwei de measte memmetaalsprekkers fan it Frânsk wenje yn Frankryk. Yn grutte dielen fan Belgje, Lúksemboarch, Switserlân en yn it uterste noardwesten fan Itaalje wurdt de taal troch memmetaalsprekkers sprutsen. De stedsteat Monako is folslein Frânsktalich.
Neffens in ûndersyk dat útfierd is yn opdracht fan de Europeeske Kommisje, wurdt it Frânsk troch 12% fan de ynwenners fan de Europeeske Uny as memmetaal praat (2012). It Frânsk is dêrmei nei it Dútsk (16%), Ingelsk (13%) en Italjaansk (13%) de fjirdgrutste Europeeske taal.Europeeske Kommisje (Special Eurobarometer 386): Europeans and their Languages (sjoen op 29 augustus 2016)
Mei it Ingelsk en Dútsk is Frânsk ien fan de wichtichste amts- en wurktalen fan de Europeeske Uny. Dat leit ûnder oaren oan de posysje fan Frankryk as oprjochtingslid en oan de sprieding fan de ynstituten fan de Europeeske Uny yn Frânsktalige stêden lykas Brussel, Straasboarch en Lúksemboarch. Lykwols is it Ingelsk as wurktaal fanselssprekkender wurden as wurktaal. Dêrtroch wurde der hieltyd minder dokuminten direkt yn it Frânsk fêstlein.France Diplomatie: The French language in European institutions (sjoen op 29 augustus 2016)
Frânsk bûten Europa Bûten Europa wenje yn de Kanadeeske provinsje Kebek in soad memmetaalsprekkers. Sa'n 6 miljoen minsken, sa'n 80% fan de ynwenners, hawwe it Frânsk as memmetaal. Yn de provinsjes Ontario, Alberta, Manitoba, Nij-Breunswyk en Nij-Skotlân wenje noch mear Frânsketalige minderheden. Dêrtroch hat sa'n dik 20% fan de Kanadeeske befolking it Frânsk as memmetaal. Yn de Feriene Steaten wenje Frânsktalige minderheden yn Louisiana en Maine, mei-inoar inkelde tsientûzenen memmetaalsprekkers. thumb|upright=1.5|It Frânsk yn 'e wrâld Yn Afrika hat it Frânsk noch hieltyd in belangrike status as ferkears- en hannelstaal. Yn in protte Afrikaanske lannen is it Frânsk de offisjele amtstaal en spilet in belangrike rol yn bygelyks bestjoer, rjochtspraak en ûnderwiis. Sa hat de Demokratyske Republyk Kongo wol mear as 200 talen, 4 ynterregionale talen en it Frânsk as neutrale amtstaal dy't ek yn it ûnderwiis brûkt wurdt. Yn fierwei de measte Frânstalige lannen yn Afrika is it Frânsk dus de twadde of tredde taal. Der binne stêden lykas Abidjan (Ivoarkust) en Libreville (Gabon) dêr't it Frânsk troch in mearderheid fan de befolking as memmetaal sprutsen wurdt.
Yn de ferskillende oerseeske gebieten dy't Frankryk hjoed de dei hat, is it Frânsk de iennichste amtstaal.
Ynternasjonale amts- en wurktaal It Frânsk is in amts- of wurktaal by ferskate ynternasjonale organisaasjes (bgl. de Europeeske Uny, Ynternasjonnale Olympyske Kommisje, Wrâld Hannel Organisaasje, Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje, FIFA, Afrikaanske Uny, ESA, Ynterpol ensfh.) en it is ien fan de seis offisjele talen fan de Feriene Naasjes en syn organisaasjes.
Frânskpraters it lân + Geografyske fersprieding fan Frânsksprekkers yn 'e wrâld Lân/regio Soart gebiet Oantal Frânsksprekkers Beskriuwing 20px Frankryk Haadgebiet sa'n 68 miljoen It grutste Frânsktalige gebiet yn 'e wrâld. Frânsk is de nasjonale en offisjele taal. Der besteane ek regionale talen en farianten lykas Oksitaansk, Bretoensk, Alsaasysk en Korsikaansk. 20px Belgje Haadgebiet sa'n 4,8 miljoen Frânsk is ien fan de trije offisjele talen. It wurdt benammen sprutsen yn Walloanje en it grutste part fan Brussel. 20px Switserlân Haadgebiet sa'n 2,3 miljoen Frânsk is ien fan de fjouwer nasjonale talen. It wurdt benammen sprutsen yn westlik Switserlân (Romandje). 20px Lúksemboarch Haadgebiet mei meartaligens sa'n 500.000 Frânsk is ien fan de bestjoerstalen en wurdt in soad brûkt yn wetjouwing, media en it iepenbier libben. 20px Monako Haadgebiet sa'n 40.000 Frânsk is de iennichste offisjele taal fan it foarstedom. 20px Kanada Haadgebiet en minderheid L1: sa'n 7,5 miljoenL2: sa'n 3,5 miljoen Frânsk is ien fan de twa offisjele talen fan Kanada. De measte memmetaalsprekkers wenje yn Kebek, mar der binne ek mienskippen yn Nij-Brunswyk en Ontario. 20px Haïty Haadgebiet L1: in pear hûnderttûzenL2: sa'n 10 miljoen Frânsk is njonken it Haïtiaansk-Kreoalsk in offisjele taal. De measte ynwenners hawwe Kreoalsk as memmetaal. 20px Demokratyske Republyk Kongo Haadgebiet L1: in lyts talL2: mear as 50 miljoen Frânsk is de offisjele taal en de wichtichste taal foar bestjoer, ûnderwiis en kommunikaasje tusken ferskate taalmienskippen. 20px Ivoarkust Haadgebiet L1: sa'n 1–2 miljoenL2: sa'n 28–29 miljoen Frânsk is de offisjele taal en wurdt breed brûkt yn it iepenbier libben. 20px Senegal Haadgebiet L1: tsientûzenenL2: sa'n 18 miljoen Frânsk is de offisjele taal, neist nasjonale talen lykas Wolof. 20px Kameroen Haadgebiet L1: sa'n 1 miljoenL2: sa'n 19 miljoen Frânsk is ien fan de twa offisjele talen, neist Ingelsk. It grutste part fan de befolking wennet yn it Frânsktalige gebiet. 20px Boerkina Faso Haadgebiet L1: tige lyts talL2: sa'n 23 miljoen Frânsk is de offisjele taal en de wichtichste bestjoerstaal. 20px Maly Haadgebiet L1: tige lyts talL2: sa'n 22 miljoen Frânsk wurdt brûkt yn bestjoer, ûnderwiis en as mienskiplike taal tusken ferskate groepen. 20px Niger Haadgebiet L1: tige lyts talL2: sa'n 27 miljoen Frânsk is de offisjele taal en wurdt brûkt yn ûnderwiis en bestjoer. 20px Tsjaad Haadgebiet L1: tige lyts talL2: sa'n 20 miljoen Frânsk is ien fan de twa offisjele talen, neist Arabysk. 20px Madagaskar Haadgebiet L1: in lyts talL2: sa'n 15 miljoen Frânsk is ien fan de offisjele talen, neist Malagasy. 20px Algerije Twadde taal L1: beheind talL2: mear as 30 miljoen Frânsk hat gjin offisjele status, mar wurdt in soad brûkt yn ûnderwiis, wittenskip, media en ekonomy. 20px Marokko Twadde taal L1: beheind talL2: mear as 15 miljoen Frânsk wurdt breed brûkt yn bedriuwslibben, heger ûnderwiis en oerheid. 20px Tuneezje Twadde taal L1: beheind talL2: sa'n 7 miljoen Frânsk wurdt in soad brûkt neist Arabysk, benammen yn ûnderwiis en technyske domeinen. 20px Libanon Twadde taal L1: beheind talL2: miljoenen Frânsk hat in sterke histoaryske posysje en wurdt brûkt yn ûnderwiis en media. 20px Mauritsius Haadgebiet mei meartaligens L1: lyts talL2: mear as 1 miljoen Frânsk wurdt breed brûkt yn media, kultuer en it deistich libben, neist Mauritiaansk Kreoalsk en Ingelsk. 20px Seysjellen Haadgebiet mei meartaligens L1: in lyts talL2: sa'n 100.000 Frânsk is ien fan de trije offisjele talen, neist Ingelsk en Seselwa. 20px Fanuatû Haadgebiet mei meartaligens L1: lyts talL2: sa'n 300.000 Frânsk is ien fan de trije offisjele talen, neist Ingelsk en Bislama. 20px Frânsk-Polyneezje Oerseesk gebiet L1: sa'n 200.000L2: tsientûzenen Frânsk is de offisjele taal neist ferskate Polynezyske talen. 20px Nij-Kaledoanje Oerseesk gebiet L1: sa'n 180.000L2: tsientûzenen Frânsk is de offisjele taal en de lingua franca fan it gebiet.
Skiednis It Frânsk is ûntstien út it Latyn. Dy sprutsen folkstaal ûntjoech him yn de rin fan de iuwen stadichoan ta in eigen taal.Académie française: Le français aujourd'hui. It Frânsk is dêrmei ien fan de Romaanske talen. De oergong fan it Latyn nei de Romaanske taalfoarmen dêr't letter ûnder oare it Frânsk út fuortkaam, wie gjin hommelse feroaring, mar in proses dat him oer ferskate iuwen útstrekte.Larousse: Latin. Oer it momint stuit dat it Latyn yn Galje net mear as de deistige omgongstaal beskôge wurde kin, bestiet yn de literatuer gjin folsleine ienriedigens; Larousse neamt datearringen dy't fan de 6e oant de ein fan de 8e iuw rinne.
Fan Latyn nei Gallo-Romaansk thumb|Galje yn de tiid fan Julius Caesar (58 f. Kr.) Foar de Romeinske ferovering waarden yn Galje ferskate talen sprutsen, dêrûnder it Gallysk, in Keltyske taal.Larousse: Gaule. Nei de Romeinske ferovering wûn it Latyn stadichoan terrein en ferdwûn it Gallysk yn de rin fan ferskate iuwen as deistige omgongstaal. It Gallysk liet lykwols spoaren nei yn it lettere Frânsk, benammen yn plaknammen en yn in beheind tal wurden.Larousse: Français. Larousse jout dêrby in rûge skatting fan sa'n tachtich Frânske wurden dy't op it Gallysk weromgeane.
Fan de 5e iuw ôf kaam de Gallo-Romaanske befolking yn kontakt mei ferskate Germaanske folken, benammen mei de Franken. De Franken namen úteinlik de Romaanske taal fan de Gallo-Romaanske befolking oer, mar harren Germaanske taal liet wol spoaren yn it Frânsk nei. Dy ynfloed is ûnder oare yn de wurdskat werom te finen.Ministère de la Culture, Bilan 2014 – Droit au français et pluralité linguistique: . It Frânske Ministearje fan Kultuer neamt ûnder oare de kleurnammen bleu, blanc, blond, brun, gris en blême as wurden fan Germaansk komôf en wiist ek op de Germaanske oarsprong fan tal fan persoansnammen. Ek de namme Frankryk giet werom op de Franken.Larousse: Francs.
De taal dy't út it Latyn fan Galje ûntstie, feroare stadichoan safolle dat dy net mear sûnder mear mei it klassike of skreaune Latyn gearfoel. In wichtich dokumintearre momint is it Konsylje fan Tours fan 813. Dêr waard bepaald dat preken oerset wurde moasten yn de rustica Romana lingua of yn de Germaanske folkstaal, sadat de befolking se begripe koe. Dy bepaling lit sjen dat de sprutsen Romaanske taal en it Latyn doe net mear foar alle sprekkers ûnderling te begripen wiene.
De earste skriftlike attestearrings thumb|In hânskrift mei de Serments de Strasbourg út 842. In wichtich referinsjepunt yn de skriftlike skiednis fan it Frânsk binne de Serments de Strasbourg, of Eden fan Straasburch.Bibliothèque nationale de France: Serments de Strasbourg. Dy eden waarden op 14 febrewaris 842 ôflein troch Loadewyk de Dútser en Karel de Keale en troch Nithard optekene. In part fan de tekst waard yn in Romaanske folkstaal optekene en in oar part yn in Germaanske taalfoarm.