Rhein-Sieg-Kreis is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen en hat 605.441 ynwenners. It distrikt waard oprjochte yn 1969. It distrikt omkringt it stedsdistrikt Bonn alhiel.

Skiednis It distrikt ûntstie op 1 augustus 1969 nei it gearfoegjen fan de eardere distrikten Siegkreis en Landkreis Bonn, dêr't de stêd Bonn him yn 1885 fan ôfskate.

Geografy De Rhein-Sieg-Kreis hat in grut ferskaat oan lânskippen. Dat komt troch syn lizzing tusken it Rynlânsk Laaiplato en de Keulske Bocht. It distrikt is part fan de lânskipsgebieten Bergysk Lân, Westerwald, Sânberchtme, de Eifel en de Keulske Bocht. It lânskip fan it distrikt wurdt skaaimerke tusken it middelberchtme fan it Sânberchtme, dêr't it heechste punt fan it distrikt, de Große Ölberg mei in hichte fan 461 meter en de flakten fan de dellings fan de rivieren de Ryn en de Sieg.

It natoerlike lânskip fariearret tusken greide, lânbou en mingd bosk. It boskgebiet beslacht krapoan 29 prosint fan it distrikt, it lânbougrûn krapoan 43 prosint. Der is gjin oar distrikt in Noardryn-Westfalen mei mear fruitbeamhôven. Dêrfoaroer stiet in beboud gebiet mei goed 25 prosint. In lytse twa prosint bestiet út wetter. Yn it gebiet tichter by de stêden Bonn en Keulen hat it distrikt in stedsk karakter, lykas Sankt Augustin, wylst yn de fierder ôflizzende gemeenten noch hieltyd in lanlik karakter hawwe.

Stêden en gemeenten thumb|left|Stêden en gemeenten yn Rhein-Sieg-Kreis. De folgjende stêden en gemeenten lizze yn 'e Kreis: StêdenGemeenten Bad Honnef Bornheim Hennef Königswinter Lohmar Meckenheim Niederkassel Rheinbach Sankt Augustin Siegburg Troisdorf Alfter Eitorf Much Neunkirchen-Seelscheid Ruppichteroth Swisttal Wachtberg Windeck

Befolkingsûntwikkeling right|350px|Bevölkerungspyramide für den Rhein-Sieg-Kreis (Boarne: Sensus 2011Datenbank Zensus 2011, Rhein-Sieg-Kreis, Alter + Geschlecht)

Jier YnwennersLandesdatenbank Nordrhein-Westfalen 1970 376.800 1975 435.027 1980 463.537 1985 479.330 1990 504.274 1995 546.670 2000 576.993 2005 597.857 2010 598.736 2015 596.213 2020 600.375

Keppeling om utens Offisjele hiemside

Kategory:Distrikt yn Noardryn-Westfalen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1969