Salzlandkreis is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Saksen-Anhalt mei 184.943 ynwenners (2023). It distrikt waard oprjochte yn 2007. It haadplak is Bernburg
Skiednis De Salzlandkreis waard op 1 july 2007 yn it ramt fan 'e twadde weryndieling fan Saksen-Anhalt stifte troch de eardere distrikten Aschersleben-Staßfurt (útsein Falkenstein), Bernburg en Schönebeck gear te foegjen. Bestjoerlike yndieling De lânkring is yn 21 gemeenten ûnderferdield. Der binne twa gemeenteferbannen mei elk fiif oansletten gemeenten. De rest fan 'e gemeenten binne ienheidsgemeenten. De stêden binne mei fette letters wjerjûn. IenheidsgemeentenAschersleben Barby Bernburg Bördeland Calbe HecklingenKönnern Nienburg Schönebeck Seeland Staßfurt
ferbânsgemeenten 1. Egelner Muldemei de oansletten gemeenten: Bördeaue Börde-Hakel Borne Egeln * Wolmirsleben 2. Saale-Wippermei de oansletten gemeenten: Alsleben Giersleben Güsten * Ilberstedt Plötzkau
(* = bestjoerssintrum)
Kategory:Distrikt yn Saksen-Anhalt Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007