De Lânkring Schwäbisch Hall is in bestjoerlik distrikt yn it noardeasten fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1938 oprjochte.
Stêden en gemeenten thumb|left|Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling. {| !align=left width=50%|Stêden |- valign=top || Crailsheim Gaildorf Gerabronn Ilshofen Kirchberg an der Jagst || Langenburg Schrozberg Schwäbisch Hall Vellberg
!align=left width=50%|Gemeenten |- valign=top || Blaufelden Braunsbach Bühlertann Bühlerzell Fichtenau Fichtenberg Frankenhardt Kreßberg Mainhardt Michelbach an der Bilz || Michelfeld Oberrot Obersontheim Rosengarten Rot am See Satteldorf Stimpfach Sulzbach-Laufen Untermünkheim Wallhausen Wolpertshausen
Crailsheim en Schwäbisch Hall binne Große Kreisstädte. Gearwurkingsferbannen Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
Gemeindeverwaltungsverbände (GVV). Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände binne: GVV Braunsbach-Untermünkheim mei de sit yn Braunsbach; oansletten gemeenten: Braunsbach en Untermünkheim. GVV Brettach-Jagst mei de sit yn Rot am See; oansletten gemeenten: de stêd Kirchberg an der Jagst en de gemeenten Rot am See en Wallhausen. GVV Fichtenau mei de sit yn Fichtenau; oansletten gemeenten: Fichtenau en Kreßberg GVV Ilshofen-Vellberg mei de sit yn Ilshofen; oansletten gemeenten: de stêden Ilshofen und Vellberg en de gemeente Wolpertshausen. GVV Limpurger Land mei de sit yn Gaildorf; oansletten gemeenten: de stêd Gaildorf en de gemeenten Fichtenberg, Oberrot en Sulzbach-Laufen. GVV Oberes Bühlertal mei de sit yn Obersontheim; oansletten gemeenten: Bühlertann, Bühlerzell en Obersontheim.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne: VVG fan 'e stêd Crailsheim mei de gemeenten Frankenhardt, Satteldorf en Stimpfach. VVG fan 'e stêd Gerabronn mei de stêd Langenburg. VVG fan 'e stêd Schwäbisch Hall mei de gemeenten Michelbach an der Bilz, Michelfeld en Rosengarten.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.Dútske wikipedy oer Gemeindeverwaltungsverband, ferzje 27 maaie 2024.
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.Dútske wikipedy oer Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft, ferzje 27 maaie 2024.
Kategory:Distrikt yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1938