De Lânkring Rottweil is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1934 oprjochte.

Stêden en gemeenten thumb|left|Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling. {| !align=left width=50%|Stêden |- valign=top || Dornhan Oberndorf am Neckar Rottweil || Schiltach Schramberg Sulz am Neckar

!align=left width=50%|Gemeenten |- valign=top || Aichhalden Bösingen Deißlingen Dietingen Dunningen Epfendorf Eschbronn Fluorn-Winzeln || Hardt Lauterbach Schenkenzell Villingendorf Vöhringen Wellendingen Zimmern ob Rottweil

Rottweil en Schramberg binne Große Kreisstädte.

Gearwurkingsferbannen Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

Gemeindeverwaltungsverbände (GVV). Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

In Gemeindeverwaltungsverband is: GVV Villingendorf mei de sit yn Villingendorf; oansletten gemeenten: Bösingen en Villingendorf.

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne: VVG fan 'e gemeente Dunningen mei de gemeente Eschbronn. VVG fan 'e stêd Oberndorf am Neckar mei de gemeenten Epfendorf en Fluorn-Winzeln. VVG fan 'e stêd Rottweil mei de gemeenten Deißlingen, Dietingen, Wellendingen en Zimmern ob Rottweil. VVG fan 'e stêd Schiltach mei de gemeente Schenkenzell. VVG fan 'e stêd Schramberg mei de gemeenten Aichhalden, Hardt en Lauterbach. VVG fan 'e stêd Sulz am Neckar mei de gemeente Vöhringen.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.Dútske wikipedy oer Gemeindeverwaltungsverband, ferzje 27 maaie 2024.

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.Dútske wikipedy oer Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft, ferzje 27 maaie 2024.

Kategory:Distrikt yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934