Rastatt is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1939 oprjochte as opfolger fan it Oberamt Rastatt. Rastatt leit om 'e stêd Baden-Baden hinne. Kreisstadt is de stêd Rastatt.

Op 1 jannewaris 1973 waard de lânkring Rasstatt útwreide mei in part fan 'e ophefte lânkring Bühl, 3 gemeenten út de Landkreis Kehl en Loffenau út de lânkring Calw.

Stêden en gemeenten Yn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten: thumb|left|Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling. {| !align=left width=50%|Stêden |- valign=top || Bühl Gaggenau Gernsbach Kuppenheim || Durmersheim Lichtenau Rastatt Sinzheim

!align=left width=50%|Gemeenten |- valign=top || Au am Rhein Bietigheim Bischweier Bühlertal Durmersheim Elchesheim-Illingen Forbach Hügelsheim || Iffezheim Loffenau Muggensturm Ötigheim Ottersweier Rheinmünster Sinzheim Steinmauern Weisenbach

Bühl, Gaggenau en Rastatt binne Große Kreisstädte.

Gearwurkingsferbannen Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

Gemeindeverwaltungsverbände (GVV). Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne: GVV Nachbarschaftsverband Bischweier-Kuppenheim mei de sit yn Kuppenheim; oansletten gemeenten binne: de stêd Kuppenheim en de gemeente Bischweier. GVV Durmersheim mit Sitz in Durmersheim; oansletten gemeenten binne: Au am Rhein, Bietigheim, Durmersheim en Elchesheim-Illingen. GVV Rheinmünster-Lichtenau mit Sitz in Rheinmünster; oansletten gemeenten binne: de stêd Lichtenau en de gemeente Rheinmünster.

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne: VVG fan 'e stêd Bühl mei de gemeente Ottersweier. VVG fan 'e stêd Gernsbach mei de gemeenten Loffenau en Weisenbach. VVG fan 'e stêd Rastatt mei de gemeenten Iffezheim, Muggensturm, Ötigheim en Steinmauern. VVG Rheinmünster-Lichtenau mei de sit yn Rheinmünster; oare oansletten gemeenten binne: de stêd Lichtenau en de gemeente Rheinmünster. VVG fan 'e gemeente Sinzheim mei de gemeente Hügelsheim.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.Dútske wikipedy oer Gemeindeverwaltungsverband, ferzje 27 maaie 2024.

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.Dútske wikipedy oer Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft, ferzje 27 maaie 2024.

Kategory:Distrikt yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1939