Rems-Murr-Kreis is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1973 oprjochte.

Kreisstadt is de stêd Waiblingen.

Stêden en gemeenten thumb|left|Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling. {| !align=left width=50%|Stêden |- valign=top || Backnang Fellbach Murrhardt Schorndorf || Waiblingen Weinstadt Welzheim Winnenden

!align=left width=50%|Gemeenten |- valign=top || Alfdorf Allmersbach im Tal Althütte Aspach Auenwald Berglen Burgstetten Großerlach Kaisersbach Kernen im Remstal Kirchberg an der Murr Korb || Leutenbach Oppenweiler Plüderhausen Remshalden Rudersberg Schwaikheim Spiegelberg Sulzbach/Murr Urbach Weissach im Tal Winterbach

Backnang, Fellbach, Schorndorf, Waiblingen, Weinstadt en Winnenden binne Große Kreisstädte. Gearwurkingsferbannen Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

Gemeindeverwaltungsverbände (GVV). Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

Gemeindeverwaltungsverbände binne: GVV Plüderhausen-Urbach mei de sit yn Plüderhausen; oansletten gemeenten: Plüderhausen en Urbach. GVV Sulzbach mei de sit yn Sulzbach an der Murr; oansletten gemeenten: Großerlach, Spiegelberg en Sulzbach an der Murr. GVV Winnenden mei de sit yn Winnenden; oansletten gemeenten: de stêd Winnenden en de gemeenten Leutenbach en Schwaikheim en Weissach im Tal.

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne": VVG fan 'e stêd Backnang mei de gemeenten Allmersbach im Tal, Althütte, Aspach, Auenwald, Burgstetten, Kirchberg an der Murr, Oppenweiler en Weissach im Tal. VVG fan 'e stêd Schorndorf mei de gemeente Winterbach. VVG fan 'e stêd Welzheim mei de gemeente Kaisersbach.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.Dútske wikipedy oer Gemeindeverwaltungsverband, ferzje 27 maaie 2024.

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.Dútske wikipedy oer Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft, ferzje 27 maaie 2024.

Kategory:Distrikt yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1973