De Lânkring Berchtesgadener Land is in bestjoerlik distrikt yn it súdeasten fan 'e Dútske dielsteat Beieren. De lânkring leit oan 'e grins mei Eastenryk en de Kreisstadt is Bad Reichenhall. De lânkring waard yn 1972 oprjochte út de eardere lânkring Berchtesgaden, in diel fan 'e eardere lânkring Laufen en de eardere kreisfreie Stadt Bad Reichenhall. Ynearsten waard lykas ek op oare plakken de lânkring ferneamd nei it haadplak fan 'e lânkring, Bad Reichenhall. Yn 1973 folge neffens beslút fan it Beierske regear de omneaming nei de hjoeddeiske namme. Dy namme is ûntliend oan 'e yn 'e lânkring lizzende krite Berchtesgadener Land.
Yn 'e lânkring leit de Watzmann, mei in hichte fan 2.713 m boppe de seenivo de heechste berch fan Dútslân. De basis fan 'e berch leit noch hielendal yn Dútslân. Neffens in oare berekkeningsgrûnslach is de Watzmann lykwols de op twa nei heechste berch fan Dútslân.
Stêden en gemeenten De lânkring bestiet út 15 gemeenten, wêrfan trije stêden, trije Märkte en njoggen oare gemeenten. Dêrnjonken hat de lânkring twa ûnbewenne gebieten, dy't net gemeentlik yndield binne. Ynwennertallen tusken heakjes binne fan 31 desimber 2022. thumb|left|Gemeenteyndieling lânkring.
Stêden Bad Reichenhall (18.893) Freilassing (17.816) Laufen (Dútslân) 7.431)
Märkte Berchtesgaden (7.623) Marktschellenberg (1.751) Teisendorf (9.422)Oare gemeenten Ainring (9.975) Anger (4.526) Bayerisch Gmain (3.158) Bischofswiesen (7.199) Piding (5.506) Ramsau bei Berchtesgaden (1.736) Saaldorf-Surheim (5.577) Schneizlreuth (1.386) Schönau am Königssee (5.668)
Gemeentefrije gebieten (41,87 km²,) Eck (12,60 km²) Schellenberger Forst (17,01 km²) De lânkring hat gjin Verwaltungsgemeinschaften.
Kategory:Distrikt yn Beieren Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1972