Böblingen is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard oprjochte yn 1938.
Stêden en gemeenten thumb|left|Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling. {| !align=left width=50%|Stêden |- valign=top || Böblingen Herrenberg Holzgerlingen Leonberg || Renningen Sindelfingen Waldenbuch Weil der Stadt
!align=left width=50%|Gemeenten |- valign=top || Aidlingen Altdorf Bondorf Deckenpfronn Ehningen Gärtringen Gäufelden Grafenau Hildrizhausen || Jettingen Magstadt Mötzingen Nufringen Rutesheim Schönaich Steinenbronn Weil im Schönbuch Weissach
Böblingen, Herrenberg, Leonberg en Sindelfingen binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
Gemeindeverwaltungsverbände (GVV). Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne: GVV Aidlingen/Grafenau mei de sit yn Aidlingen; oansletten gemeenten binne: Aidlingen en Grafenau. GVV Gärtringen/Ehningen mei de sit yn Ehningen; oansletten gemeenten binne: Gärtringen en Ehningen. GVV Holzgerlingen mei de sit yn Holzgerlingen; oansletten gemeenten binne: de stêd Holzgerlingen en de gemeenten Altdorf en Hildrizhausen. GVV Oberes Gäu mei de sit yn Gäufelden; oansletten gemeenten binne: Bondorf, Gäufelden, Jettingen en Mötzingen. GVV Waldenbuch-Steinenbronn mei de sit yn Waldenbuch; oansletten gemeenten binne: de stêd Waldenbuch en de gemeente Steinenbronn.
In Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft is: VVG fan 'e stêd Herrenberg mei de gemeenten Deckenpfronn en Nufringen.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.Dútske wikipedy oer Gemeindeverwaltungsverband, ferzje 27 maaie 2024.
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.Dútske wikipedy oer Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft, ferzje 27 maaie 2024.
Kategory:Distrikt yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1938