Borken is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It distrikt waard yn syn hjoeddeistige foarm oprjochte yn 1975.

Geografy De Kreis Borken leit yn it westen fan Múnsterlân en dielt yn it westen in 108 km lange grins mei Nederlân. De maksimale noard-súd-ôfstân is 57 km, en de maksimale west-east-ôfstân is 61 km. It heechste punt is in útrinner fan 'e Baumberge, de saneamde Schöppinger Berg, dy't 154 m boppe NAP leit. Mei 14 m boppe NAP is it leechste punt by Anholt. Fan it oerflak fan 'e Kreis Borken is 42,8% (608,4 km²) oanwiisd as lânskipbeskermingsgebiet, en 48,4 km² is natoerbeskermingsgebiet.

Stêden en gemeenten thumb|left|Stêden en gemeenten yn Kreis Borken. De folgjende stêden en gemeenten lizze yn 'e Kreis: StêdenGemeenten Ahaus (sûnt 1975) Bocholt Borken Gescher Gronau (sûnt 1975) Isselburg Rhede Stadtlohn (sûnt 1975) Velen Vreden (sûnt 1975) Heek Heiden Legden Raesfeld Reken Schöppingen (sûnt 1975) Südlohn

Befolkingsûntwikkeling Jier 1975 1980 1985 1990 1995 2000 2005 2010 Ynwennertall 289.649 299.578 307.162 320.580 342.688 359.573 369.112 379.070 Jier 2015 2020 2022 Ynwennertall 369.666 371.898 379.070

Kategory:Distrikt yn Noardryn-Westfalen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1975