De Lânkring Deggendorf is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Beieren. It distrikt waard yn syn hjoeddeistige foarm yn 1972 oprjochte.
Geografysk wurdt de lânkring Deggendorf troch de Donau yn twa dielen snien: it lânskip fan 'e iene helte bestiet út de útrinner fan it Bayerischer Wald, de oare helte bestiet út de fruchtbere flaktes fan it Gäuboden. Dêrnjonken mûnet yn 'e lânkring de Isar yn 'e Donau. De lokaasje yn it Bayerische Wald en yn it Bayerische Golf- & Thermenland makket fan 'e lânkring in populêre toeristyske bestimming.
Stêden en gemeenten De lânkring bestiet út 26 gemeenten. Trije dêrfan binne in stêd en fjouwer binne Märkte. In oantal lytse gemeenten hawwe harren oansletten by in Verwaltungsgemeinschaft, dy't taken fan de gemeente oernimt. De neamde ynwennertallen efter de gemeenten binne fan 22 desimber 2024. thumb|left|Yndieling lânkring neffens gemeenten Stêden Deggendorf, Große Kreisstadt (35.172) Osterhofen (12.171) Plattling (13.121)
Märkte Hengersberg (8.070) Metten (4.216) Schöllnach (4.928) Winzer (3.805)
Verwaltungsgemeinschaften (*) Lalling(Dielnimmende gemeenten: Grattersdorf, Hunding, Lalling en Schaufling). Moos(Dielnimmende gemeenten: Buchhofen en Moos). Oberpöring(Dielnimmende gemeenten: Oberpöring, Otzing en Wallerfing). Schöllnach(Dielnimmende gemeenten: Außernzell en Markt Schöllnach).Oare gemeenten Aholming (2.363) Auerbach (2.141) Außernzell (1.520) Bernried (4.761) Buchhofen (937) Grafling (2.748) Grattersdorf (1.313) Hunding (1.128) Iggensbach (2.216) Künzing (3.197) Lalling (1.631) Moos (2.348) Niederalteich (1.790) Oberpöring (1.212) Offenberg (3.396) Otzing (1.961) Schaufling (1.525) Stephansposching (3.177) Wallerfing (1.274)
Gemeentefrije gebieten gjin. (*) In Verwaltungsgemeinschaft (bestjoersmienskip) yn Beieren is in gearwurking fan oan inoar buorjende gemeenten fan 'e selde lânkring, wêrby't de gemeenten polityk selsstannich bliuwe. In Verwaltungsgemeinschaft fiert publike taken út om se foar de dielnimmende gemeenten better út te fieren. Sa'n Verwaltungsgemeindschaft wurdt troch leden út de dielnimmende gemeenten fertsjintwurdige (yn 'e regel in boargemaster en in gemeenteriedslid). It gemeentekantoar fan 'e Verwaltungsgemeinschaft fersoarget de administraasje en ûnderstipet de dielnimmende gemeenten.Dútsk lemma oer de Verwaltungsgemeinschaft yn Beieren, ferzje 4 juny 2024.
Kategory:Distrikt yn Beieren Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1972