Biberach is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring Biberach hat in oerflak fan 1.409,82 km² en is yn 1938 oprjochte.
Stêden en gemeenten Yn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten: thumb|left|Yndieling lânkring Biberach neffens gemeenten. {| !align=left width=50%|Stêden |- valign=top || Bad Buchau Bad Schussenried Biberach an der Riß |valign=top| Laupheim Ochsenhausen Riedlingen
!align=left width=50%|Gemeenten |- valign=top || Achstetten Alleshausen Allmannsweiler Altheim Attenweiler Berkheim Betzenweiler Burgrieden Dettingen/Iller Dürmentingen Dürnau Eberhardzell Erlenmoos Erolzheim Ertingen Gutenzell-Hürbel Hochdorf Ingoldingen Kanzach Dettingen/Iller |valign=top| Kirchdorf an der Iller Langenenslingen Maselheim Mietingen Mittelbiberach Moosburg Oggelshausen Rot an der Rot Schemmerhofen Schwendi Seekirch Steinhausen an der Rottum Tannheim Tiefenbach Ummendorf Unlingen Uttenweiler Wain Warthausen
Biberach an der Riß en Laupheim binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
Gemeindeverwaltungsverbände (GVV). Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
thumb|260px|Yndieling lânkring Biberach yn gearwurkingsferbannen. Gemeindeverwaltungsverbände binne: GVV Bad Buchau mei de sit yn Bad Buchau; oansletten gemeenten binne: de stêd Bad Buchau en de gemeenten Alleshausen, Allmannsweiler, Betzenweiler, Dürnau, Kanzach, Moosburg, Oggelshausen, Seekirch en Tiefenbach. GVV Illertal mei de sit yn Erolzheim; oansletten gemeenten binne: Berkheim, Dettingen an der Iller, Erolzheim, Kirchberg an der Iller en Kirchdorf an der Iller. GVV Rot-Tannheim mei de sit yn Rot an der Rot; oansletten gemeenten binne: Rot an der Rot en Tannheim
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne: VVG fan 'e stêd Bad Schussenried mei de gemeente Ingoldingen. VVG fan 'e stêd Biberach an der Riß mei de gemeenten Attenweiler, Eberhardzell, Hochdorf, Maselheim, Mittelbiberach, Ummendorf en Warthausen. VVG fan 'e stêd Laupheim mei de gemeenten Achstetten, Burgrieden und Mietingen. VVG fan 'e stêd Ochsenhausen mei de gemeenten Erlenmoos, Gutenzell-Hürbel und Steinhausen an der Rottum. VVG fan 'e stêd Riedlingen mei de gemeenten Altheim, Dürmentingen, Ertingen, Langenenslingen, Unlingen und Uttenweiler. VVG fan 'e gemeente Schwendi mei de gemeente Wain.
Allinne de gemeente Schemmerhofen is net by in GVV of in VVG oansletten.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.Dútske wikipedy oer Gemeindeverwaltungsverband, ferzje 27 maaie 2024.
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.Dútske wikipedy oer Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft, ferzje 27 maaie 2024.
Kategory:Distrikt yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1938