Frans Bauer (Roosendaal, 30 desimber 1973) is in Nederlânsk folkssjonger fan it libbensliet, telefyzjepresintator en akteur. Hy jildt as ien fan de meast suksesfolle artysten fan Nederlân, mar is ek populêr yn Flaanderen. Bauer ûnderskiedt him troch syn werkenbere stim en mei syn typyske, hjoeddeiske, libbenslietnûmers.
Ta syn grutste hits hearre Als sterren aan de hemel staan (1994), De regenboog (1997), Heb je even voor mij (2003) en Als ik met jou op wolken zweef (2008). As telefyzjepresintator is er foaral bekend fan programmas as Bananasplit, Vive la Frans en Bauer's Zigeunernacht.
Diskografy Sjoch :nl:Frans Bauer#discografie
Keppeling om utens Offisjele webside fan Frans Bauer
Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Sjonger fan it libbensliet Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:TROS-wurknimmer Kategory:Dielnimmer oan in Nederlânsk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Nederlânsk filantroop Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1973