thumb|Stânbyld op it Carolus de Brimeuplein yn Megen, troch Frans Donders

Karel fan Brimeu (Noard-Frankryk, 1524 - Swol, 9 jannewaris 1572) (Frânsk: Charles de Brimeu, Latyn: Carolus de Brimeu) wie greve fan it greefskip Megen fan 1547-1572. Teffens wie er hear fan Humbercourt, Houdain en Sperleke yn de Súdlike, Frânsktalige Nederlannen. Hy wie ridder yn de Oarder fan it Gulden Flues en hâlde oan it hof fan de Spaanske kening ta.

Libben Karel wie in meistanner fan Willem fan Oranje, Lamoraal fan Egmont en oare ealju yn harren ferwar tsjin de Spaanske sintralistyske polityk, oant dy nei de byldestoarm fan 1566 tsjin de Spaanske foarst yn opstân kamen. Hy ferdigene de stêd Grins yn 1568 tsjin Loadewyk fan Nassau, dy't yn de Slach by Hilligerlee de greve fan Arenberg ferslein hie en de stêd ynnimme woe en brûke woe as útfalsbasis. Karel folge Arenberg op as steedhâlder yn al syn goaen en bleau trou oan de kening.

Syn hâlden en dragen hie fan gefolgen dat it greefskip Megen, dat oars mar bestie út it stedsje Megen en in lyts tal doarpkes yn de omkriten, katolyk bleau. Karel wie trouwens wreed foar herfoarmden oer. It puntsje fan harren tonge waard mei gloeiend izer bewurke.

Under de Republyk fan de Nederlannen bleau de godstsjinstfrijheid yn it lytse greefskip bestean.

Neisieten Karel hie gjin bern. Syn neiste sibbe wie Maria fan Brimeu (1550-1605) dy't efterelkoar Lancelot fan Berlaymont en, dy syn, yn 1580 mei Karel III fan Croÿ boaske. Sy wie kalvinistysk. Karel gie by har wei yn 1584 en waard wer katolyk. Maria bleau ont har dea frou fan Megen. Fan 1610 ôf waard de (katolike) famylje Croÿ oars eigner fan dat greefskip.

Keppeling om utens Charles de Brimeu, graaf van Megen. Universiteit Leien

Kategory:Greve fan Megen Kategory:Súdnederlânsk amtner (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk ofsier (foar 1830) Kategory:Súdnederlânske adel (foar 1830) Kategory:Waalsk amtner Kategory:Waalsk ofsier Kategory:Waalske adel Kategory:Steedhâlder fan Gelderlân Kategory:Steedhâlder fan Fryslân Kategory:Steedhâlder fan Grinslân Kategory:Steedhâlder fan Drinte Kategory:Steedhâlder fan Oerisel Kategory:Steedhâlder fan Henegouwen Kategory:Steedhâlder fan Lúksemboarch Kategory:Súdnederlânsk persoan yn de Tachtichjierrige Oarloch Kategory:Spaansk militêr yn de Tachtichjierrige Oarloch Kategory:Waalsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Súdnederlânsk persoan fan Frânsk komôf (foar 1830) Kategory:Persoan fan Pikardysk komôf Kategory:Hûs Brimeu Kategory:Persoan berne yn 1524 Kategory:Persoan stoarn yn 1572