De Lytse Profeten foarmje in ûnoffisjele ûnderferdieling fan guon bibelboeken fan it kristlike Alde Testamint. Dêr wurde de folgjende boeken ta rekkene: Hoséa Joël Amos Obadja Jona Micha Nahum Habakuk Sefanja Haggai Sacharja Maleächy

De namme "Lytse Profeten" hat neat mei de steat fan tsjinst fan 'e oangeande profeten fan dwaan en alhielendal net mei harren postuer, mar slacht inkeld op 'e lingte fan 'e teksten dy't harren namme drage. Itselde jildt foar syn wjergader, de "Grutte Profeten".

De joadske Bibel, de Tenach, hâldt in oare folchoarder fan boeken oan en ferdielt de profeten yn 'e Eardere Profeten, Neḇi'im Rišonim, en de Lettere Profeten, Neḇi'im Aḥaronim. De Lytse Profeten wurde dêrby gearboske ta ien bibelboek, Ṯrei Asar ("De Tolve"), dat in part is fann 'e Lettere Profeten.

Kategory:Alde Testamint Kategory:Kristlike literatuer Kategory:Joadske literatuer