Dit is de list fan keningen fan Israel, sa't dy jûn wurdt yn 'e boeken 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen fan 'e Bibel. Oer de persize datearring bestiet in protte ûnienichheid; hjir binne de jiertallen oanholden sa't bibelhistoarikus E.R. Thiele dy jout. (Foar it meastepart binne dat deselde jiertallen dy't ek efteryn de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 jûn wurde yn 'e taheakke Oersjoch fan de Bibelske Histoarje, oant by Jerobeäm II in typ- of printflater it spul dêr op 'e doele bringt.) Skeanprinte nammen jouwe in omstriden keningskip oan.

List fan Keningen fan it feriene keninkryk Israel NAMMEPERIOADEOpmerkings: foàr 1030 f.Kr.predynastysk Abimêlek 1180 - 1177 f.Kr. 1030 - 1008 f.Kr.Hûs fan Saul Saul 1030 - 1010 f.Kr. Isjbosjet 1010 - 1008 f.Kr. 1008 - 931 f.Kr.Hûs fan David David 1008 - 970 f.Kr. Salomo 970 - 931 f.Kr.

Nei de dea fan Salomo skuorde it feriene keninkryk útinoar yn it noarderryk of tsienstammeryk Israel, dat it Hûs fan David ôfswarde, en it suderryk of twastammeryk Juda, dat ûnder it Hûs fan David bleau. Sjoch foar in opsomming fan 'e keningen fan Juda de list fan keningen fan Juda.

List fan Keningen fan it tsienstammeryk Israel NAMMEPERIOADEOpmerkings: 931 - 909 f.Kr.Hûs fan Jerobeäm Jerobeäm I 931 - 910 f.Kr. Nadab 910 - 909 f.Kr. 909 - 885 f.Kr.Hûs fan Basa Basa 909 - 886 f.Kr. Ela 886 - 885 f.Kr. 885 f.Kr.Hûs fan Simry Simry 885 f.Kr. (regearre 7 dagen) 885 - 841 f.Kr.Hûs fan Omry Omry 885 - 874 f.Kr. Achab 874 - 853 f.Kr. Achazja 853 - 852 f.Kr. Joaram 852 - 841 f.Kr. 841 - 753 f.Kr.Hûs fan Jehû Jehû 841 - 814 f.Kr. Joächaz 814 - 798 f.Kr. Joäsj 798 - 782 f.Kr. Jerobeäm II 782 - 753 f.Kr. Sekarja 753 f.Kr. (regearre in healjier) 752 f.Kr.Hûs fan Sjallûm Sjallûm 752 f.Kr. (regearre 1 moanne) 752 - 740 f.Kr.Hûs fan Menachem Menachem 752 - 742 f.Kr. Pekachja 742 - 740 f.Kr. 740 - 732 f.Kr.Hûs fan Pêkach Pêkach 740 - 732 f.Kr. 732 - 722 f.Kr.Hûs fan Hosjéa Hosjéa 732 - 722 f.Kr.

Yn 722 f.Kr. of dêromhinne waard Samaria, de haadstêd fan it tsienstammeryk Israel, ynnommen troch Salmanasser, de kening fan Assyrje. Hy smiet Hosjéa, de lêste Israelityske kening, yn it tichthús, en fierde (in wichtich part fan) de Israeliten yn ballingskip fuort nei Assyrje. Israel waard dêrnei ta in Assyryske provinsje.

Sjoch ek List fan keningen fan Juda

Israel, List fan keningen fan Kategory:Alde Testamint Kategory:Joadendom Kategory:Skiednis fan Israel