Hermanus Alma (Menaam, 10 maaie 1839 - Ljouwert, 3 oktober 1915) wie in notaris.
Alma begûn as notaris op it kantoar fan syn pake Tjeerd Alma yn Menaam (1835-69). Mei Klaas Aartsma en S. Sybouts brocht er it Menamer selskip ‘Nut en Genoegen’, dêr't er ek de oprjochter fan wie, ta grutte bloei. Hy wie fan 1876 oant 1891 notaris yn Ferwert; doe waard er oerpleatst nei Berltsum dêr't syn heit Hendrik Willem Alma fan 1867-77 ek notaris west hie. Hy bleau oant 1910.
Hy skreau anomym trije toanielstikken: Trije jierren letter of Levi Smoel, de lotterijjoad (1863), Rabberij beskamme en woldwaen beleane (1865) en Fryheid, Lîkheid en Broerskip (1866)
Keppeling om utens Fryheid, Lîkheid en Broerskip, folsleine tekst by books.google.nl
Kategory:Frysk notaris Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Menaam Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1839 Kategory:Persoan stoarn yn 1915