The World of the Five Gods, earder faak de Chalion-syklus neamd, is in fantasy-romansearje fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De romans, dy't yn in mienskiplike optochte wrâld spylje, mar allegearre los faninoar lêzen wurde kinne, foarmje in miks fan spanning, romantyk, komeedzje en tragyk. De searje tanket syn namme oan it keninkryk Chalion, dêr't de earste beide boeken spylje. De boeken út The World of the Five Gods hawwe in grut tal prizen yn 'e wacht sleept, mei dêrûnder in Hugo, in Nebula en in Locus Award, en yn 2018 wûn The World of the Five Gods de Hugo Award foar bêste romansearje. De boeken út 'e searje binne oerset yn teminsten fjirtjin talen; yn 2014 kaam ien út yn it Frysk.
Eftergrûn Nei it minder súksesfolle The Spirit Ring, út 1992, wie The Curse of Chalion, it earste boek fan The World of the Five Gods, yn 2001 it twadde útstapke fan Lois McMaster Bujold nei it sjenre fan 'e fantasy. Foartiid hie se har fierhinne by science fiction holden, dêr't se mei har populêre en bekroande Vorkosigan-kroniken in grutte namme yn opboud hie. Oars as dat by de Vorkosigan-kroniken it gefal is, dy't grutdiels in fêste haadpersoan hawwe, wikselje de personaazjes yn The World of the Five Gods; elts fan 'e romans yn 'e searje hat oant no ta syn eigen haadpersoan. De ferbinende faktor wurdt foarme troch de fiif goaden fan 'e wrâld dêr't de ferhalen har yn ôfspylje en dy't harren frij streekrjocht lykje te bemuoien mei de libbens en dieden fan 'e minsken.
Hoewol't de boeken út dizze searje fierhinne op harsels steane, sit der al wat plotbejerrende ynformaasje oer The Curse of Chalion yn Paladin of Souls, dat it is it handichst om earst The Curse te lêzen en dan pas Paladin. Bujold, Lois McMaster, The Vorkosigan Saga Reading Order Debate: The Chef Recommends (www.dendarii.com).
It wie oarspronklik Bujold har bedoeling om in pentalogy, in searje fan fiif boeken, te skriuwen, elts wijd oan ien fan 'e fiif goaden. Nei The Curse of Chalion (oer de Dochter fan 'e Maityd), Paladin of Souls (oer de Bastert, hoewol't ek de Heit fan 'e Winter der in wichtige rol yn spilet), en The Hallowed Hunt (oer de Soan fan 'e Hjerst), stûke it lykwols, mei't se gjin ynspiraasje fine koe foar de lêste beide boeken. Doe't se noch miende dat it meitiid wol slagje soe, sei Bujold dêroer yn in fraachpetear: "Ideeën foar de lêste beide Chalion-boeken rattelje my al jierren yn 'e holle om, mar se binne net ien fan beiden al hielendal folwoeksen." Lewis, Jeremy L.C., A Conversation with Lois McMaster Bujold (clarkesworldmagazine.com). Uteinlik besleat se harsels gjin geweld oan te dwaan. Ynstee skreau se in rige novelles, wêrfan't de publikaasje troch de yntroduksje fan e-boeken folle makliker wurden wie. Dat waard de subrige Penric and Desdemona.
Wrâld De boeken fan The World of the Five Gods spylje yn in fiksjonele wrâld dy't basearre is op 'e Jeropeeske Midsiuwen. Sterker noch, in lânkaart dy't te finen is op Bujold har persoanlike webside is gewoan de kaart fan Jeropa 180 graden draait, sadat it Ibearysk Skiereilân nei it noarden útstiket.Map of the Ibran Peninsula (www.dendarii.com). Oan 'e hân fan dy lânkaart kin men fêststelle dat it lân Chalion oerienkomt mei it âlde keninkryk Kastylje; Ibra mei it âlde keninkryk Aragon; Brajar mei Portegal; de Roknaarske foarstedommen mei de Moarske emiraten fan Andalúsje; en Darthaca mei Frankryk. Sawol The Curse of Chalion as Paladin of Souls spylje fierhinne yn Chalion. The Weald (wat oersetten wurde kinne soe mei "It Wâld" of "It Wold"), it keninkryk dêr't The Hallowed Hunt spilet, wurdt op 'e lânkaart op Bujold har webside net werjûn, mar it is net dreech om út it boek ôf te lieden dat it oerienkomt mei Dútslân, wylst it yn The Hallowed Hunt neamde eilân Arfrastpekka sterk oan Iislân tinken docht.
Net inkeld de geografy, mar ek oare eleminten fan 'e wrâld fan The World of the Five Gods binne basearre op Midsiuwsk Jeropa. In lêzer dy't op dat mêd wat bekend is, sil yn 'e searje frijwat winken gewaarwurde kinne. It meast opfallend binne yn dat ferbân de ferwizings nei de Werovering of Reconquista, de bemastering fan it Ibearysk Skiereilân troch de kristlike keninkriken nei de mear as fiifhûndertjierrige oerhearsking troch de Arabieren. Mar ek de striid fan Karel de Grutte tsjin 'e Saksen wurdt oanstipt.
Goaden Yn 'e wrâld fan The World of the Five Gods besteane fiif goaden, dy't net ôfhâldich binne of op in distânsje bliuwe, mar dy't aktyf yn 'e libbens fan 'e haadpersoanen yngripe. Dy goaden binne: de Heit, de Mem, de Soan, de Dochter en de Bastert. Yn haadstik 3 fan Paladin of Souls wurdt de ûnderlinge relaasje fan 'e goaden út 'e doeken dien. Dat ferhaal begjint mei de wurden "Yn it oanbegjin wie de wrâld, en de wrâld wie lôge." Doe't de wrâld begûn ôf te kuoljen, ûntstie stadichoan út it fjoer yn 'e kearn fan 'e wrâld de Wrâldsiel. Mar om't it each himsels net sjen kin, spjalte de Wrâldsiel yn twaen, dat er himsels gewaarwurde koe; sa ûntstiene de Heit en de Mem. En út harren earste leafde waarden de Soan en de Dochter berne. De fjouwer goaden oarderen doe de wrâld en ferparten ûnderling de seizoenen. Mar it fjoer yn it binnenste fan 'e wrâld befette ek krêften fan gaos, dusoarder en ferneatiging; dêrút kamen de demoanen fuort, dy't de fan 'e goaden oardere wrâld binnenkrongen en jacht makken op 'e minsken. Sa ûntstiene machtige demoanehearen, dy't wiis en trochferkeard wiene troch it opfretten fan withoefolle minskene sielen. Mar op dei spjalte in hillige syn eigen siel midstwa en joech de helte út frije wil oan 'e machtichste fan dy demoanehearen; sa krige dy demon foar it earst in eigen siel en alle skiene en bittere jeften dy't dêrmei mank geane, lykas it besef fan sûnde en skamte en skuld, en de demoanehear waard tramtearre troch berou oer syn dieden. Mar in ferearster fan 'e Mem genies syn siel, dat er as in paladyn fan 'e goaden de oare demoanen befjochtsje koe op plakken dy't foar de goaden sels ûnberikber wiene. Hy waard de kampioen fan 'e Mem en har leafde foar him wie ûnbeheind. En al kaam de demoanehear om doe't de oare demoanen him yn in grutte kliber oanfoelen, dochs joech it harren neat, want de Mem wie fannijs swier rekke en sa waard de Bastert berne, de oerwûne soan fan 'e Mem en dy grutbesielde demoanehear, en him waard foech jûn oer alle demoanen en oer alle dingen bûten har rjochte tiid.
De Heit fan 'e Winter is de god fan âldere manlju, de rjochtspraak, ôfsluting en de dea yn 'e âlderdom. Hy wurdt assosjearre mei de winter en de kleur griis (en yn minder mjitte swart). Syn lichaamlike oantsjutting is it krús of geslacht, en syn hjeldei, de Dei fan 'e Heit, falt op midwinter. De Mem fan 'e Simmer is de goadinne fan âldere froulju, sûnens, genêskeunst en it libben. Hja wurdt assosjearre mei de simmer en de kleur grien (en yn minder mjitte giel en goud). Har lichaamlike oantsjutting is de nâle, en har hjeldei, de Dei fan 'e Mem, falt op midsimmer. De Soan fan 'e Hjerst is de god fan jongemannen, freonskip, de jacht en de oarloch. Hy wurdt assosjearre mei de hjerst en de kleur brún (en yn minder mjitte read). Syn lichaamlike oantsjutting is it hert, en syn hjeldei, de Dei fan 'e Soan, falt op 'e hjerstevening. De Dochter fan 'e Maityd is de goadinne fan jongfammen, ûnderrjocht, iepenbiere oarder en lyryske poëzij. Hja wurdt assosjearre mei de maityd en de kleur blau (en yn minder mjitte wyt). Har lichaamlike oantsjutting is de foarholle of it ferstân, en har hjeldei, de Dei fan 'e Dochter, falt op 'e maitydsevening. De Bastert is de god fan it lykwicht, skabeljeuze grappen en alle dingen dy't ôfwike fan 'e noarm (lykas fûnlingen en weesbern, sykten, natuerrampen, ûngelokken, foartidige stjergefallen, ensfh.). Hy hat ek sizzenskip oer de legioenen demoanen fan dusoarder, dy't soms oan syn gryp ûntglûpe en nei de materiële wrâld ta ûntkomme. Hy wurdt assosjearre mei dingen bûten harren rjochtlike seizoen en de kleur wyt (en yn minder mjitte krêm en sulver). Syn lichaamlike oantsjutting is de tonge sawol as de tomme, en syn feestdei, de Dei fan 'e Bastert, is "dy ynterkalindryske hjeldei dy't ienris yn 'e twa jier tafoege wurdt nei Memme Midsimmer om foar te kommen dat de kalinder út syn krekte seizoenen wei ferskoot."<ref>The Curse of Chalion, hardcoveredysje, s. 221.</ref>
It leauwe yn dizze fiif goaden wurdt it otterdokse kwintarisme neamd. De wichtichste ôfwiking dêrfan is it ûntkennen fan 'e godlikheid fan 'e Bastert, sa't de Roknaren dogge; dat wurdt de kwadreenske ketterij neamd. De kwadrenen leauwe dat de demoanehear de Mem ferkrêfte en dat sa de Bastert ûntstie en dat dy dêrom de grutste demon fan allegear is. Kwintaristen snije se de tommen ôf of skuorre se de tongen út (de lichaamlike oantsjuttings fan 'e Bastert). Der is allegeduerigen oarloch tusken de kwadreenske Roknaarske foarstedommen en de kwintaristyske keninkriken fan Chalion, Ibra en Brajar.
Bujold hat sein dat har betinken fan 'e opfallend goed útwurke godstsjinst fan 'e wrâld fan The World of the Five Gods debet wie oan in stikmannich faktoaren. Yn it foarste plak woe se har ôfsette tsjin 'e "oerflakkige of sleauwe of fijannige" soarten godstsjinsten dy't hja yn fantasyboeken gauris tsjinkommen wie en oard kaam it fuort út har eigen lêzen op it mêd fan teology en skiednis. Mar fral woe se in religy skeppe dy't oars wie as eltse moderne godstsjinst, en yn it bysûnder woe se it dualisme fan goed en kwea mije, "wat nei myn miening in filosofyske flater is dy't troch de iuwen hinne withoefolle fertriet feroarsake hat."Bujold, Lois McMaster, Science Fiction, Fantasy, and Me: Keynote Address for the 2008 UPC Awards (www.dendarii.com). Dat sadwaande keas hja foar fiif goaden, foar in diel om't yn dat getal dingen út 'e fysike wrâld wjergalmje (de fingers fan in hân, de fjouwer jiertiden plus skrikkeldagen), en foar in diel om't it in sifer is dat net midstwa dield wurde kin. Se seit dêr fierders noch oer: "Want yn 'e echte wrâld treft men goed en kwea nea kreas opdield oan; it is altiten in mingsel, krekt as de soerstof en de stikstof yn 'e lucht. Men kin har by wize fan gedachte-eksperimint ta poere foarmen skiede, mar men moat se wer trochinoar hutselje as men weromkeart nei it tinken oer de reäliteit, en guon lju ferjitte dy stap. In ûnbidich soad ferskrikkings út 'e skiednis binne begien troch skrandere minsken dy't in rommelige reäliteit besochten yn te passen yn in te himmel opromme teory. En dy't dan, as dat net blykt te wurkjen, net ta de konklúzje komme dat harren teory derby troch is, mar miene dat de gegevens — dat wol sizze, harren buorlju — feroare, of fermoarde, wurde moatte sadat se yn 'e teory passe."Bujold, Lois McMaster, Science Fiction, Fantasy, and Me: Keynote Address for the 2008 UPC Awards (www.dendarii.com).
Op dit plak moat noch oantekene wurde dat de boeken fan The World of the Five Gods elkmis oerienkomme mei ien fan 'e goaden. The Curse of Chalion beljochtet benammentlik de Dochter fan 'e Maityd; Paladin of Souls behannelet fral de Bastert; en The Hallowed Hunt giet oer de Soan fan 'e Hjerst. De beide noch ûntbrekkende boeken soene dus logyskerwize de Mem fan 'e Simmer en de Heit fan 'e Winter behannelje moatte.
Hilligen Yn 'e boeken fan The World of the Five Gods komme ferskate libbene hilligen foar. Sokke lju binne net bûtenwenstige goed of from, noch is harren hilligens in beleanning. Earder kinne se beskôge wurde as in stik ark yn 'e hannen fan 'e goaden, en dy moatte genoegen nimme mei hokker ark oft op in stuit beskikber is, mei't lang net elkenien in hillige wurde kin. It kritearium liket te wêzen oft men in sterke eigen wil, ambysje of persoanlikheid hat. Sa ja, dan is men as in folle kop dêr't neat mear by kin. Mar as men leech is — of jinsels leech meitsje kin — fan soksoarte dingen, dan is der romte foar it wêzen fan 'e goaden.