Celle is in stêd yn de Dútske dielsteat Nedersaksen en de haadstêd fan de lânkring Celle. De stêd leit oan de rivier Aller en foarmet de súdlike poarte nei de Lüneburger Heide. Celle is ien fan de sân Große selbständige Städte yn Nedersaksen.

De binnenstêd fan Celle hat mear as 400 fakwurkhuzen; de âldsten binne út de 15e iuw. It sintrum fan Celle waard sparre fan bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich.

Op 23 km benoarden Celle leit Bergen, koart foar en yn de oarloch lei dêr it konsintraasjekamp Bergen-Belsen.

Oan de súdwestkant fan de stêd it fleanfjild Wietzenbruch, dêr't tsjin it ein fan de jierren 1940 wei in loftbrêge nei Berlyn ûnderhâlden waard.

Stedsyndieling De stêd Celle is njonken in stêd ek in gemeente en neffens de Nedersaksyske gemeentewet te ferdielen yn de folgjende stedsdielen: Stedsdiel Ynwenners (sifers 2016) Oerflak / km² Ynwennertal / km² Altencelle 4.804 24.280 198 Altenhagen 856 7.102 121 Blumlage (de binnenstêd) 8.374 4.011 2.088 Bostel 602 5.359 112 Boye 841 8.449 100 Garßen 2.725 32.891 83 Groß Hehlen 2.846 14.950 190 Hehlentor 7.746 3.530 2.194 Hustedt 558 14.198 39 Klein Hehlen 5.795 4.997 1.160 Lachtehausen 642 7.461 86 Neuenhäusen 7.951 2.970 2.677 Neustadt/Heese 10.728 10.216 1.050 Scheuen 1.047 13.093 80 Vorwerk 3.185 3.894 818 Westercelle 6.936 7.967 871 Wietzenbruch 4.837 10.671 453 Meiïnoar 70.473 176.045 400

Berne yn Celle Roland Freisler (1893-1945), jurist en presidint fan it Volksgerichtshof

Ofbylden

Keppeling om utens

Kategory:Gemeente yn Nedersaksen Kategory:Plak yn Nedersaksen