Captain Vorpatril's Alliance is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. Captain Vorpatril's Alliance waard foar it earst útjûn yn 2012 en is ûnderwilens al teminsten twaris oerset, wylst oare fertalings sûnder mis op kommendeweis binne.

Eftergrûn Captain Vorpatril's Alliance is (oant no, 2013, ta) it lêst ferskynde diel fan The Vorkosigan Saga, mar neffens de ynterne gronology fan 'e searje is it eins it foarlêste diel. It is ek it earste Vorkosigan Saga-boek dat Ivan Vorpatril yn 'e haadrol hat, dy't foarhinne ornaris mar in byrol ferfolle. Ivan Xav Vorpatril is de neef fan Bujold har wenstige haadpersoan Miles Vorkosigan, en dêrby (neffens harsels) "in tawijde leechrinder", dat troch in boek oer him te skriuwen, kaam se foar hiel oare swierrichheden te stean as mei de hyper-enerzjike Miles.

Bujold begûn oan Captain Vorpatril's Alliance yn novimber 2009, mar waard geandewei opholden troch ûnderwilens oploste sûnensproblemen en dêrnei troch in heechnedige opknapbeurt fan har kantoar. De roman gie lang troch it libben ûnder de wurktitel Ivan, His Booke ("Ivan, Syn Boeck"), en foar de úteinlike titel wie ek noch Entangling Alliance ("Bestrûpend Ferbûn") yn 'e running, mar Bujold keas dochs mar foar Captain Vorpatril's Alliance ("Kaptein Vorpatril syn Ferbûn"), om't dat har nofliker yn 'e mûle lei. Captain Vorpatril's Alliance is skreaun yn it personele perspektyf en kaam yn novimber 2012 út by útjouwerij Baen Books.

Plot Ivan Vorpatril is in grutte loaibûse, dy't it leafst sa min mooglik docht om it maksimale derút te heljen. Hy is al jierren wurksum as adjudant fan admiraal Desplains, it haad fan 'e ôfdieling Operaasjes (Ops) fan 'e Barrayareeske Striidkrêften; yn dy funksje giet er mei syn baas nei Komarr, ien fan 'e trije planeten fan it Barrayareeske Ryk, foar de jierlikse ynspeksje fan 'e troepen en ynstallaasjes dêre. Captain Vorpatril's Alliance iepenet as Ivan nei in wurchsume wurkdei yn syn tydlike appartemint eefkes fan 'e koarte Komarraanske jûn gebrûk meitsje wol om te bekommen en dan folslein ûnwolkomme besite kriget fan Byerley "By" Vorrutyer.

By Vorrutyer is in yn ûngenede fallen telch fan in konservative Barrayareeske aristokratyske famylje, dy't op in kweanamme leit fanwegen syn útspattings op it mêd fan drank, drugs en seks, en sadwaande beskôge wurdt as in folsleine liddichgonger. Ivan hat lykwols in pear jier earder (sjoch: A Civil Campaign) alris ûntdutsen dat By eins in geheim agint fan 'e Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec is, dy't de malkontinten ûnder de Barrayareeske elite yn 'e rekken hâlde moat. No belûkt By Ivan, alhiel tsjin dy syn wil, by it ûndersyk dêr't er op 't heden mei dwaande is. Hy fertelt Ivan dat in frommeske hjir op Komarr, in Nanja Brindis, yn grut gefaar ferkeart. By kin lykwols de Komarraanske plysje net ynskeakelje, om't dat syn undercoverûndersyk kompromittearje soe, en om't er sels foar Binnenwrâldske Saken fan ImpSec, op 'e planeet Barrayar sels, wurket, hat er gjin kontakten by de ôfdielings Komarraanske Saken en Galaktyske Saken, dy't hjir op Komarr fêstige binne. Sadwaande freget er Ivan, dy't in reputaasje fan rokkejager hat, om by wize fan needmaatregel eefkes foar him te hantlangjen en juffer Brindis te fersieren, sadat er har mei-iens bewekje kin. Dat, tsjin better witten yn set Ivan dat út nei de winkel dêr't Nanja Brindis wurket. Hja blykt in tige kreaze en wielderige jonge frou te wêzen, mar hja moat alhiel neat fan Ivan hawwe. Mei't By him har adres trochjûn hat, stekt er binnentroch en wachtet har dêr op.

Nanja Brindis, dy't eins Akuti Tejaswini Jyoti ghem Estif Arqua (ropnamme: Tej) hjit, is de jongste dochter fan Shiv Arqua en Udine ghem Estif, de lieders fan Hûs Cordonah, ien fan 'e misdiesyndikaten dy't op 'e anargistyske planeet Jackson's Whole foar master opslane. Koartlyn hat der lykwols in fijannige oername plakfûn (in útdrukking dy't men op Jackson's Whole letterlik nimme moat) troch Hûs Prestene. Foarsafier't Tej wit, binne sy en har healsuster Rish de iennichste leden fan har famylje dy't witten hawwe te ûntkommen. Tegearre binne se op 'e flecht foar de hiermoardners en preemjejagers fan Hûs Prestene, mar fanwegen jildkrapte binne se op Komarr strâne.

Dus as hja Ivan ôfpoeiert en hy dan op har skûladres opdûkt, mient Tej dat er in hiermoardner of ûntfierder is en sjit Rish, fan wa har bestean oft By neat ôfwist, him del mei in ferdôver. Tej en Rish nimme him dêrnei mei nei harren appartemint om him dêr fêst te binen op in stoel, en it misferstân wurdt net opheldere oant midden yn 'e nacht de echte ûntfierders opdûke. Tej en Rish ferdôvje dy beide manlju en naaie mei Ivan út oer de dakken. Ivan wol net dat de ynkringers frij-út geane, mar troch syn anonime oanjefte fan ynbraak rekket ek de Komarraanske plysje yn it spul behelle.

Ivan biedt Tej en Rish ûnderdak yn syn eigen appartemint, dêr't By de oare jûns ek delkomt, alhiel oerémis om't Nanja Brindis ferdwûn is en hy har nearne fine kin. Ivan stelt him dan foar oan Tej en Rish en set him dêrnei ûnder druk om alles priis te jaan dat hy oer de saak wit. By fertelt Ivan dat er op Komarr is mei Theo Vormercier, in aristokratyske trochbringer dy't troch syn heit ûnturven is en dêrom oare ynkomsten sykje moatten hat. Mei syn jongere (ek al ûnturven) broer Roger, dy't kertiermaster by de float is, liedt Theo no in binde dy't ferâldere Barrayareesk militêr materieel, dat eins ferneatige wurde moatte soe, efteroer drukt en oan trêden ferpatst. By, dy't himsels foardocht as ien fan Theo syn neiste meirinders, is genôch bewiismateriaal oan it sammeljen om 'e bruorren en harren trewanten in moai hoart op te bergjen. Mar no is de operaasje fan 'e Vormerciers stil kommen te lizzen fanwegen de ynspeksje fan admiraal Desplains. Dat hat Theo yn finansjele swierrichheden brocht; lokkigernôch foar him hawwe syn galaktyske kontakten oanjûn dat se ek grou jild betelje wolle foar it ûntfieren en oan harren oerdragen fan in Nanja Brindis. Theo hat dy oplossing daliks oangrepen en By opdroegen om it te beävensearjen; dêrop hat By mei de rjochterhân de ûntfiering regele, wylst er mei de lofterhân Ivan ynskeakele hat om 'e ûntfiering te dwerseidzjen.

No't Tej en Rish feilich by Ivan ûnderdûkt sitte, mient By dat er alles ûnder kontrôle hat, mar hy hat bûten Theo Vormercier rekkene, dy't By passearret en de Komarraanske ymmigraasjetsjinst ynljochtet dat Nanja Brindis in yllegale frjemdlinge is. (Hy riddenearret dat se maklikernôch út har sel ûntfierd wurde kinne sil as se ienris fêstsit.) Underwilens is de Komarraanske plysje, dy't de ynbraak yn it appartemint fan 'e spoarleas ferdwûne Nanja Brindis ûndersiket, op grûn fan opnamen fan befeiligingskamera's yn 'e omkriten fan it appartemint ta de konklúzje kommen dat juffer Brindis ûntfierd is troch Ivan (en dêrnei grif in raar gat yngien is). As By ûntdekt wat Theo Vormercier him lapt hat, hastiget er him moarns ier wer nei Ivan syn appartemint ta, dêr't er krekt justjes earder arrivearret as de ymmigraasjetsjinst, dy't de yllegale Nanja Brindis oppakke wol, en de plysje, dy't Ivan arrestearje wol foar de ûntfiering en moard op Nanja Brindis.

Mei beide espels oerheidsfunksjonarissen op syn doar om te bûnzjen en Tej en Rish ree om fan it balkon te springen om't se de foarkar jouwe oan 'e dea boppe in libben as finzene fan Hûs Prestene, betinkt Ivan in drastyske oplossing. Mei't de singeliere houliksbrûkmen fan Barrayar it breidspear yn prinsipe tasteane om harrensels yn 'e echt te ferbinen, freget er Tej om mei him te trouwen. Mei By en Rish as tsjûgen raffelje se de houliksûnthjitten ôf en dan is Tej op slach Frouwe Vorpatril en dêrmei in Barrayareesk steatsboarger wurden, wylst Ivan Rish mei in symboalyske betelling yn 'e tsjinst nimt as tsjinstfaam. Sa binne se dus bûten it berik fan 'e ymmigraasjetsjinst brocht, wylst it ek dúdlik is dat de oanklachten fan 'e plysje tsjin Ivan nearne op basearre binne. Boppedat hat Ivan Tej besward dat it inkeld in tydlike oplossing is en dat se op elts momint dat se wolle in skieding krije kinne fan syn famyljehaad, greve Falco Vorpatril. De argewaasje dy't syn oanfarring mei de pleatslike autoriteiten foar syn baas, admiraal Desplains, opsmiten hat, wit Ivan te fersêftsjen troch him op it spoar te setten fan 'e binde fan 'e Vormerciers, dy't gaueftich oprôle wurdt. Sa liket elkenien baat by de sitewaasje te hawwen.

Dat sadwaande reizgje Tej en Rish mei werom nei Barrayar as admiraal Desplains syn ynspeksje fan Komarr derop sit. Op Barrayar komme hja yn 'e kunde mei Ivan syn mem, frouwe Alys Vorpatril, en dy har freon, Simon Illyan, it eardere haad fan ImpSec. Fierders moetsje se Ivan syn famyljeleden en jeugdfreonen Miles Vorkosigan en keizer Gregor, dy't Tej by harsels De Neef en De Gregor neamt. Nettsjinsteande it tydlik aard fan har houlik begjinne Tej en Ivan hieltyd mear nei inoar ta te groeien, wylst Rish in relaasje mei By kriget. As úteinlik de tiid komt om der in ein oan te breidzjen en in skieding oan te freegjen, docht bliken dat de âlde greve Falco Vorpatril folle tradisjonelere en konservativere ideeën oer it houlik hat as de jongere generaasje: hy lêst harren it leksum oangeande it frivoal omgean mei eden en ûnthjitten en wegeret harren in skieding ta te stean. Ivan en Tej binne der wat mei oan hoe no fierder, mar sette likegoed de plannen troch om Tej en Rish temûk nei Escobar ferfiere te litten troch in ImpSec-koeriersskip.

Dan, op in nacht, wurde Ivan en Tej fan bêd ôf belle om't der op 'e romtehaven fan 'e Barrayareeske haadstêd Vorbarr Sultana guon lju troch de dûane oanholden binne dy't ûnder ferfalske reisdokuminten reizgen en dy't beweare Tej te kennen. Nei't Ivan en Tej har dêrhinne hastige hawwe, blykt it om Tej har hast folsleine, deawaande famylje te gean: heit, mem, beppe, twa susters, twa healsusters, in broer en in healbroer. Shiv Arqua en syn frou Udine ghem Estif, de eardere baron en baronne Cordonah, binne wisberet om alles dat harren ôfnommen is, wer werom te winnen. It docht bliken, sij it net foar Ivan en By, dy't noch in moai hoart ûnkundich holden wurde, dat de Arqua's net inkeld nei Barrayar ta kommen binne om Tej en Rish ôf te heljen, mar ek om oare, snoade redens.