Master fan Alle Ringen, yn it oarspronklike Ingelsk: The Lord of the Rings (en yn 'e Nederlânske oersetting: In de Ban van de Ring), is in fantasy-trilogy fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Britske skriuwer en taalkundige J.R.R. Tolkien (1892-1973), dy't hjirmei grutdiels ferantwurdlik wie foar de fêstiging fan fantasy as in literêr sjenre. De dielen fan 'e trilogy waarden yn 1954 en 1955 foar it earst útjûn en binne in ferfolch foar in folwoeksen publyk op Tolkien syn eardere berneboek The Hobbit.

Yn 'e trije dielen, It Selskip fan de Ring (The Fellowship of the Ring), De Twa Tuorren (The Two Towers) en De Kening Komt Wer (The Return of the King), wurdt it ferhaal ferteld fan 'e hobbit of healmling Frodo Balsma (yn it Ingelsk: Frodo Baggins), dy't op in lange en gefaarlike kweeste giet nei it fiere lân Mordor, dêr't de dûnkere hear Sauron (de Master of Lord út 'e titel) regearret. Dêr moat er de Iene Ring, dy't it grutste part fan Sauron syn krêften befettet, ferneatigje troch him yn 'e fjurren fan 'e Doemberch te smiten, dêr't er lang lyn smeid waard.

Troch de jierren hinne is The Lord of the Rings ien fan 'e populêrste boeken ea wurden, dat in grutte en noch altiten merkbere ynfloed (hân) hat op fral fantasy, mar ek op oare literêre sjenres. Yn 2003 waard it troch it Britske publyk ta it bêste Ingelske boek ea keazen yn The Big Read-wedstryd, organisearre troch de BBC (foàr Jane Austen har Pride and Prejudice, dat op it twadde plak einige). It is mei mear as 150 miljoen ferkochte eksimplaren it op ien nei bestferkeapjende fiksjewurk op 'e wrâld en hat derfoar soarge dat it wurd "tolkienesk", as omskriuwing fan eat dat op Tolkien syn wurk liket of deroan tinken docht, yn withoefolle talen opnommen is. De oanhâldende populariteit fan it boek hat laat ta adaptaasjes foar in ferskaat oan oare media, wêrfan't de filmtrilogy fan regisseur Peter Jackson sûnder mis de bekendste is. Begjin 2013 wie The Lord of the Rings (hielendal of foar in part) oerset yn 49 talen; Liuwe Westra syn Fryske oersetting fan The Fellowship of the Ring waard útjûn yn 2011, en dy fan The Two Towers yn 2016.

Eftergrûn The Lord of the Rings is in epyske fantasy-trilogy fan it subsjenre dat hege fantasy neamd wurdt. It ferhaal begûn as in ferfolch op Tolkien syn fantasy-roman foar bern The Hobbit, út 1937, mar ûntjoech him úteinlik ta in folle omfangriker wurk as dat de skriuwer earst foar eagen stien hie. De trilogy waard skreaun yn in stikmannich fazes tusken 1937 en 1949, foar in grut part ûnder de Twadde Wrâldoarloch. Tolkien hie it oarspronklik bedoeld as ien diel út in twadielige set (mei The Silmarillion as oare diel), mar dat stie syn útjouwer net oan. Om finansjele redens waard it yn trijen útjûn tusken 29 july 1954 en 20 oktober 1955. Opboutechnysk is elk fan 'e trije dielen yntern wer ûnderferdield yn twa "boeken", mei ferskate taheakken mei bykommende en eftergrûnynformaasje folgjend op it sechsde "boek" (oan 'e ein fan The Return of the King dus).

De trilogy makket mei The Hobbit, The Silmarillion en oare ferhalen diel út fan in grutter epos dêr't Tolkien al fan 1917 ôf oan wurke. Dêr ferwurke er ynfloeden yn fan ûnderwerpen dy't syn belangstelling hiene, lykas taalkunde, (de roomske) godstsjinst, mearkes, Germaanske mytology en, yn mindere mjitte Keltyske, Slavyske, Perzyske, Grykske en Finske mytology. Tolkien hat sels erkend dat er fierders beynfloede wurden is troch it Angelsaksyske Beowulf-epos en de njoggentjinde-iuwske grûnlizzers fan 'e moderne fantasy, George MacDonald en William Morris.

Hoewol't der út The Lord of the Rings en Tolkien syn oanbesibbe wurk net eksplisyt in beskate religy nei foarren komt, hat de skriuwer sels folholden dat it likegoed as in kristlik en leafst noch roomsk ferhaal beskôge wurde moat. Oersetter Liuwe Westra, dy't him yn dat aspekt fan Tolkien syn wurk ferdjippe hat, neamt yn syn essay "Not Wholly True, Not Perfectly Theocentric": In dwerse wurdearring fan Tolkien syn "The Lord of the Rings" as in kristlik boek û.m. it lân Mordor as in allegory op 'e hel en de elfinne Galadriel as in wjerbyld fan 'e Faam Marije, wylst de hobbit Frodo Balsma en de tsjoender Gandalf trekken fan Kristus drage soene. Hy stelt lykwols fêst dat de likenis oerflakkich is en nei syn miening net duorret.

Los fan it ûnderlizzende boadskip fan Tolkien moat fêststeld wurde dat The Lord of the Rings skreaun is yn in epyske styl dy't op plakken tige tinken docht oan 'e Midsiuwske goade- en heldedichten en ridderromans. Punten fan krityk binne benammen de beheinde rol dy't froulju taparte wurdt en de hierskerpe (en dêrtroch folslein ûnreälistyske) skieding tusken goed en kwea.

Plot It ferhaal spilet yn in net neier oantsjutte (en optochte) oertiid fan ús wrâld tusken de opkomst fan it feeëryk en de hearskippij fan 'e minske.

It Selskip fan de Ring

De hobbit Frodo Balsma, út it freedsume hobbit-lantsje it Goa, ervet in ring fan syn omke Bilbo, dat de ferlern waande Iene Ring fan Sauron, de dûnkere hear fan Mordor, blykt te wêzen. Sauron, dy't it meastepart fan syn macht yn it smeien fan dy ring stoppe hat en him nedich is om 'e wrâld te oerhearskjen, kriget der lucht fan dat Frodo him yn syn besit hat. Mei in trijetal freonen en efterfolge troch de ringsjammen, de neiste tsjinners fan Sauron, flechtet Frodo nei Riedelle, dêr't de healelf Elrond him riedt om in kweeste te ûndernimmen nei Mordor, mei't de ring inkeld ferneatige wurde kin troch him yn 'e fjurren fan 'e Doemberch te smiten, dêr't er ek smeid is.

Dêrop set Frodo ôf op dy lange en nuodlike reis, yn it selskip fan 'e trije oare hobbits, Tabe, Merten en Pepyn; de elf Legolas; de dwerch Gimli; Aragorn, de lêste erfgenamt fan 'e minskene keningen; Boromir, de soan fan 'e steedhâlder fan Gondor; en de tsjoender Gandalf. Hjitfolge troch de tsjinners fan Sauron, lykas oarken en wearwolven, tsjogge se troch de lege lannen westkant de Diisbergen, op 'e siik nei in manear om dy hege barriêre oer te stekken. Uteinlik liedt Gandalf harren ûnder de bergen troch fia de ferlitten Minen fan Moarje, in âld dwergeryk. Dêr blike no lykwols oarken en noch mindere dingen te húsmanjen en op 'e nij moatte se flechtsje. By de lêste brêge foar de eastlike poarte falt Gandalf yn 'e djipte as er twongen is en gean it gefjocht oan mei in demoanyske balroch. De oaren ûntsnappe nei it elveryk Lothlórien, eastkant de bergen, dêr't se in hoartsje bekomme. right|thumb|180px|John Ronald Reuel Tolkien yn 1916.

Dan sakje se de Grutte Rivier ôf oant se by de wetterfal fan Rauros komme. Dêr besiket Boromir Frodo de ring ôf te krijen, mei't er dy brûke wol om syn belegere lân Gondor te rêden. Frodo flechtet mei inkeld syn freon en tsjinstfeint Tabe Snasta de rivier oer, wylst syn efterbleaune freonen krekt dan oerfallen wurde troch in kliber oarken. Boromir wint syn eare werom troch himsels dea te fjochtsjen yn 'e ferdigening fan Merten en Pepyn, mar kin net foarkomme dat dy troch de oarken, yn opdracht fan 'e kweade tsjoender Saruman, finzen nommen en ûntfierd wurde. Aragorn, Gimli en Legolas komme te let om te helpen.

De Twa Tuorren

Dwers troch it lân fan Rohan efterfolgje Aragorn, Legolas en Gimli de kliber oarken dy't Merten en Pepyn ûntfierd hat, mar as se dy einlings ynhelje, oan 'e râne fan it wylde wâld fan Fangorn, binne se ferslein en ferdylge wurden troch in ôfdieling ruters fan Rohan. De beide Hobbits binne lykwols ûntkommen nei it wâld, dêr't se yn 'e kunde komme mei de int of beamhoeder Beamburd. Aragorn, Legolas en Gimli moetsje oan 'e wâldsigge Gandalf wer, dy't yn Moarje net omkommen blykt te wêzen, mar troch fjoer en wetter en hichte en djipte hinne gien is om lottere en grutter as tefoaren wer foar 't ljocht te kommen. Hy nimt harren mei nei it hof fan Théoden, de kening fan Rohan, dy't ûnder in tsjoen fan Saruman ferkeart. Gandalf ferbrekt de betsjoening en stjoert Aragorn-en-dy mei Théoden en al syn mannen nei de sterkte fan 'e Helmsdjipte, om him dêr te ferskânzjen tsjin 'e ynfaazje troch it leger oarken en kweaminsken fan Saruman wylst hysels om help giet. Yn 'e Slach om 'e Helmsdjipte warre de trije maten harren omraak, krekt as harren Rohander bûnsgenoaten, mar de fijân is te machtich. As alles op 't lêst ferlern liket, komt einlings Gandalf mei de rest fan 'e Rohirrim opdaagjen en wurde Saruman syn troepen ferslein. Underwilens hawwe Merten en Pepyn de stadige inten oantrune om har tsjin Saruman oan te kantsjen. De inten weve handich ôf mei de efterbleaune oarken yn Saruman syn bolwurk Isengard en tsjin 'e tiid dat Gandalf en de oaren dêr mei it leger fan Rohan oankomme is Saruman in finzene yn syn eigen toer.

Wylst dat allegear bart, reizgje Frodo en Tabe yn súdlike rjochting troch de woeste lannen eastkant de Grutte Rivier. Dêrby moetsje se it wêzen Gollum, de eardere eigner fan 'e ring, dy't him by harren jout mei as doel om syn "skatsje" werom te krijen. Mar as se úteinlik oan 'e grinzen fan Mordor slagje, fine se de Swarte Poarte, yn 'e iennichste berchpas dy't nei dat lân liedt, sletten en swierbewekke. Op oanrieden fan Gollum reizgje se fierder súdoan, by de Skaadbergen lâns dy't de westgrins fan Mordor foarmje. Hja bedarje by de Treppen fan Cirith Ungol, dy't in paad oer de bergen biede, mar ek troch it leger fan 'e reuseftige spinne Shelob liede. Gollum ferriedt de beide hobbits oan har, en Frodo moat it hast mei de dea bekeapje, mar troch rislút yngripen fan Tabe rêdt er it libben derôf en witte se de ring te behâlden.

De Kening Komt Wer

Gandalf giet mei Pepyn súdoan nei Gondor, dêr't it dan krekt de legers fan Mordor slagge is en stek de Grutte Rivier oer. De ferdigeners fan Gondor lûke har werom yn 'e haadstêd, Minas Tirith, en wurde dêr belegere. Gandalf stjoert tsjin it sin fan 'e oan wanhope ta proai fallen Denethor, de steedhâlder fan Gondor, in fersyk om help nei Rohan ta. Dêrop set it ruterleger fan 'e Rohirrim, mei Merten en de as jonge ferklaaide prinsesse Éowyn, de omkesizzer fan kening Théoden, ek nei Gondor ta. Underwilens binne Aragorn, Legolas en Gimli oer de Paden fan 'e Deaden troch in tunnel yn 'e bergen gien, wêrby't Aragorn de withoefolle geasten dy't dêr omhúsmanje, oan him ûnderwerpt.

Op 'e moarn dat de legers fan Mordor einlings troch de poarte fan Minas Tirith brekke, arrivearret teffens it langferwachte leger fan Rohan en dan fynt de Slach op 'e Fjilden fan 'e Pelennor plak. De Rohirrim en de ta de stêd út kommen Gondorezen witte it oarkeleger te ferslaan, mar dan smyt de fijân de Haradrim, minsken út it fiere suden, yn 'e striid. Théoden wurdt deadien troch de lieder fan 'e ringsjammen, mar tegearre witte Éowyn en Merten dyselde út 'e ljochten te helpen. As de striid suver ferlern liket te wêzen, arrivearje einlik Aragorn-en-dy mei in leger geasten, dy't koarte metten meitsje mei de fijannige troepen.

Nei ôfrin fan 'e slach wurdt Aragorn ynhuldige as kening fan Gondor. Mei Gandalf en Éomer, Éowyn har broer en de nije kening fan Rohan, fiert er in leger oan dat er opmarsjearje lit nei de Swarte Poarte fan Mordor. Dêr fynt de lêste slach plak, dy't foar de bûnsgenoaten ferkeard út liket te pakken as Sauron alle legers fan syn ryk op harren ôfstjoert.