thumb|500px|Esonstêd fan de dyk om de Lauwersmar ôf sjoen (2009) It fakânsjepark Esonstêd (offisjeel: Esonstad), boud tusken 2004 en 2007, leit krekt eastlik fan De Skâns. It wurdt eksploitearre troch de ynternasjonale ûndernimming Landal Green Parks. It is foar in part opset as wie it in âld fêstingstedsje. Ek binne der wenten op sabeare-terpen (Geuzenhoeke en Smokkelaarshoeke). Fierders hat it kompleks in swimbad, in boarterstún, in berneklup en horekagelegenheden.

Der is in deistige fearferbining mei Skiermûntseach dy't fersoarge wurdt troch Wagenborg Passazjierstsjinsten mei de MS Esonborg.

Keppeling om utens Landal Esonstad

Kategory:Rekreaasje yn Fryslân Kategory:Frysk bedriuw Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2007 Kategory:De Skâns Kategory:Geografy fan Dongeradiel Kategory:Geografy fan Noardeast-Fryslân