Ljouwert (Nederlânsk en offisjeel:Leeuwarden; Stedsk: Liwwadden) is in gemeente yn 'e midden fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. Oarspronklik wie dizze gemeente folle lytser as dat er no is, mei't der troch de jierren hinne ferskate kearen útwreide is, te witten mei dielen fan 'e buorgemeenten Ljouwerteradiel, Boarnsterhim en Littenseradiel. Yn 2018 gie Ljouwerteradiel sels hielendal yn Ljouwert op. De gemeente Ljouwert hie op in befolking fan (boarne: CBS) en besloech in oerflak fan 252,4 km², wêrfan mear as 16 km² wetter. thumb|left|De gemeente Ljouwert yn 1866.

Skiednis Ljouwert is ûntstien út trije terpen op de râne fan de Middelsee, en krige yn 1435 stedsrjochten (en dêrmei in eigen bestjoer), wat sjoen wurde kin as it begjin fan 'e gemeente Ljouwert. Yn de 16e iuw krige de stêd it hiele Middeltrimdiel fan Ljouwerteradiel ta gebiet. Om't de Dútske besetter in rasjonele bestjoersstruktuer easke, waard ûnder de Twadde Wrâldoarloch, op 29 desimber 1943, by in gemeentlike weryndieling ek it Sudertrimdiel fan Ljouwerteradiel part fan de gemeente Ljouwert, dat de doarpen Goutum, Himpens, Huzum, Swichum, Tearns, Wytgaard en Wurdum omfieme. Tagelyk waarden yn it noarden dêropta de doarpen Lekkum en Miedum (ek fan Ljouwerteradiel) tafoege. By de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984 krige Ljouwert it rekreaasjegebiet De Griene Stjer derby, dat oant dy tiid ta Tytsjerksteradiel heard hie. left|thumb|250px|Topografyske gemeentekaart Ljouwert

Op 1 jannewaris 2014 waard de gemeente Ljouwert útwreide mei it grutste part fan 'e op dy dei ophefte gemeente Boarnsterhim, mei de doarpen Eagum, Friens, Grou, Idaerd, Jirnsum, Reduzum, Warstiens, Warten en Wergea. Fjouwer jier letter, op 1 jannewaris 2018, folge in fierdere útwreiding mei de hiele gemeente Ljouwerteradiel en de noardeastlike helte fan Littenseradiel. Sadwaande kamen doe ek de doarpen Alde Leie, Britsum, Feinsum, Hijum, Jelsum, Koarnjum en Stiens (fan Ljouwerteradiel) en Baard, Bears, Easterlittens, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, Mantgum en Weidum (fan Littenseradiel) ûnder de gemeente Ljouwert te fallen. Formeel, d.w.s. foar de wet, waard de gemeente Ljouwert by de gemeentlike weryndielings fan 1943, 2014 en 2018 opheft en wer op 'e nij oprjochte.

Begjin april 2019 makke it gemeentlik bestjoer fan De Waadhoeke bekend dat oan fiif doarpen yn 'e súdeasthoeke fan 'e gemeente de mooglikheid fan oansluting by de Gemeente Ljouwert foarlein wurde soe. It gie dêrby om Boksum, Blessum, Deinum, Marsum en Ritsumasyl. Ofhinklik fan it draachflak foar soks ûnder de ynwenners fan 'e fiif doarpen, en de fraach oft de Gemeente Ljouwert dermei ynstimme woe, wie der wat De Waadhoeke oanbelange in grinskorreksje mooglik. Oant en mei de ein fan 'e simmer fan 2019 koe der yn 'e doarpen oer it plan diskusjearre wurde; yn it neijier moasten de ûnderskate ferienings fan doarpsbelang nei in enkête of in rûne-tafelpetear yn it doarp nei de gemeente ta mei in advys komme., Waadhoeke stelt vijf dorpen voor keus, yn: de Ljouwerter Krante, 6 april 2019, s. 22.

Op 10 oktober 2019 makke De Waadhoeke bekend dat neffens de útkomsten fan 'e holden enkêtes 83,7% fan 'e ynwenners fan 'e fiif doarpen leaver by De Waadhoeke bliuwe woene. Yn alle doarpen lei dat persintaazje boppe de 80% en yn Ritsumasyl wie it sels hast 90%. Yn Marsum wie de measte animo foar de oerstap nei Ljouwert: 14,9%. Trochinoar hie fan 'e ynwenners fan 'e doarpen 53,4% oan 'e enkête meidien. Al mei al kaam de kommisje dy't foar de eventuële grinskorreksje ferantwurdlik wie, ta de konklúzje dat der gjin draachflak bestie foar in grutte grinskorreksje en dat de sitewaasje dus bliuwe soe sa't er wie.——, Grensdorpen blijven bij Waadhoeke, yn: de Ljouwerter Krante, 11 oktober 2019, s. 1. Wol woe deselde kommisje mei fertsjintwurdigers fan 'e Gemeente Ljouwert om 'e tafel om te sjen oft der ek inkele lytse grinskorreksjes mooglik wiene foar de oplossing pleatslike swierrichheden. Yn Alde Leie rûn de gemeentegrins nammentlik dwers troch in stikmannich eftertunen hinne, en yn Easterlittens hie in melkfeehâlderijbedriuw greiden yn twa gemeenten.——, Kleine grenscorrectie Waadhoeke, yn: de Ljouwerter Krante, 12 oktober 2019, s. 25. Ein maaie 2020 waard bekend dat de beide grinskorreksjes per 1 jannewaris 2021 yn it foardiel fan De Waadhoeke trochfierd wurde soene. Om't dy gemeente ek it ûnderhâld foar ferhurding en grien derby krige, wie ôfpraat dat Ljouwert in 'breidsskat' fan €57.000 meijaan soe.——, Grond in twee dorpen gaat naar Waadhoeke, yn: de Ljouwerter Krante, 28 maaie 2020, s. 33.

Geografy De gemeente Ljouwert leit likernôch yn 'e midden fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân, op 'e skieding tusken Klaai en Wâlden. Yn it noarden grinzget de gemeente oan Ferwerderadiel (fan 2019 ôf oan Noardeast-Fryslân), yn it noardwesten en westen oan De Waadhoeke, yn it súdwesten oan Súdwest-Fryslân, yn it uterste suden oan De Fryske Marren, yn it súdeasten oan It Hearrenfean en Smellingerlân, en yn it easten oan Tytsjerksteradiel. Foar 2018 grinzge Ljouwert yn it noarden oan Ljouwerteradiel, yn it noardwesten oan Menameradiel en yn it westen oan Littenseradiel. Foar 2014 grinzge Ljouwert yn it suden oan Boarnsterhim. Foar 1984 grinzge Ljouwert yn it súdwesten oan Baarderadiel en yn it suden oan Idaerderadiel.

Sûnt de tafoeging fan in diel fan it eardere Boarnsterhim, yn 2014, hie de gemeente Ljouwert in totaal oerflak fan 166,99 km², wêrfan 151,70 km² lân en 15,29 km² wetter. By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 krige Ljouwert dêr noch 41,46 km² fan Ljouwerteradiel en 43,93 km²Weryndielingsûntwerp Gemeenten Franekeradeel, Het Bildt, Leeuwarden, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân (definitive ferzje), oktober 2015, webside Gemeente Littenseradiel. fan Littenseradiel by, sadat it totaal doe útkaam op 252,38 km².

Plakken De folgjende doarpen, flekke (Grou) en stêd (Ljouwert) lizze yn de gemeente Ljouwert: +PlaknammeOantal ynwennersAlde Leie235Baard205Bears130Britsum955Eagum35Easterlittens425Feinsum162Friens85Goutum3.355Grou5.715Hijum425Hilaard305Himpens (Nederlânsk en offisjeel: Hempens)278Húns100Idaerd80Jellum145Jelsum305Jirnsum1.400Jorwert305Koarnjum430Lekkum405Leons25Ljouwert (Ljouwertersk: Liwwadden; Nederlânsk en offisjeel: Leeuwarden)91.125Mantgum1.130Miedum37Reduzum1.080Snakkerbuorren (Nederlânsk en offisjeel: Snakkerburen)200Stiens7.805Swichum45Tearns (Nederlânsk en offisjeel: Teerns)22Warstiens35Warten905Weidum540Wergea1.885Wytgaard610Wurdum (Nederlânsk en offisjeel: Wirdum)1.165 De sifers komme út it jier 2024, fan https://allecijfers.nl/.

Buorskippen De folgjende buorskippen lizze yn de gemeente Ljouwert: Bartlehiem (diels), Fjouwerhûs, Fûns, Hesens, De Him, Hoek, Hoptille, Noardein, Rewert, Skillaard, Skrins, Tsjaard, Tsjeintgum, Wammert, Wielstersyl en Wieuwens (of Sprong).

Plaknammen It plaknammebelied fan 'e Gemeente Ljouwert is in grutte tizeboel, om't de oarspronklike Gemeente Ljouwert, dy't altyd Nederlânsktalige plaknammen holden hie, (dielen fan) trije gemeenten opslokt hat (Boarnsterhim, Ljouwerteradiel en Littenseradiel) dy't oergien wiene ta it ferfryskjen fan 'e plaknammen. Yn juny 2018 waard bekend makke dat de nije Gemeente Ljouwert gjin ienheid yn dat belied oanbringe soe, wat bygelyks kind hie troch de plaknammen fan 'e doarpen yn Ald-Ljouwert te ferfryskjen. Ynstee dêrfan waard besletten dat de sitewaasje oeral bleau sa't er op dat stuit wie., Leeuwarden Verslikt Zich in Dorpsborden, yn: de Ljouwerter Krante, 16 juny 2018, s. 18. Foar de doarpen yn 'e âlde Gemeente Ljouwert betsjutte dat offisjeel Nederlânsktalige plaknammen op kombuorden dêr't de Nederlânske namme boppe en de Fryske namme ûnder stiet: "Hempens" - "Himpens" - "Gemeente Leeuwarden". Foar de doarpen yn it âlde noarden fan Boarnsterhim en yn it âlde noardeasten fan Littenseradiel betsjutte dat offisjeel Frysktalige plaknammen op kombuorden dêr't inkeld de Fryske namme op fermeld stiet: "Wergea" - "Gemeente Leeuwarden" of: "Easterlittens" - "Gemeente Leeuwarden". Foar de doarpen yn it âlde Ljouwerteradiel betsjutte dat offisjeel Frysktalige plaknammen op kombuorden dêr't de Fryske namme boppe en de Nederlânske namme ûnder stiet: "Koarnjum" - "Cornjum" - "Gemeente Leeuwarden". Dat earst fernijd waard dat der "Gemeente Ljouwert" (yn it Frysk) op 'e kombuorden yn it âlde Ljouwerteradiel en it âlde noardeasten fan Littenseradiel komme soe te stean, berêste op in flater yn 'e gemeentlike Taalnota Frysk., Gemeente Ljouwert op Borden? Nee, Toch Niet, yn: de Ljouwerter Krante, 22 juny 2018, s. 2.

Demografy Neffens gegevens datearjend fan 30 april 2017 hie de gemeente Ljouwert doe in befolking fan 108.768 persoanen, wat soarge foar in befolkingstichtens fan 651,3 minsken de km². Fan it grûngebiet dat op 1 jannewaris 2018 by de gemeente foege waard, hie Ljouwerteradiel 10.089 ynwenners,Boarne: CBS. wylst de tsien doarpen dy't fan Littenseradiel kamen mei-inoar 3.444 ynwenners hiene.Weryndielingsûntwerp Gemeenten Franekeradeel, Het Bildt, Leeuwarden, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân (definitive ferzje), oktober 2015, webside Gemeente Littenseradiel. It totale ynwennertal fan Ljouwert kaam sadwaande nei de gemeentlike weryndieling út op 122.301 persoan. Dêrmei sakke de befolkingstichtens nei 484,6 minsken de km².

Op 31 desimber 2018 hie de gemeente Ljouwert 123.054 ynwenners., Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2018, s. 26.

Untwikkeling ynwennertal

2018 - 122.301 2016 - 108.041 2014 - 108.249 2005 - 91.749 2004 - 91.354 2003 - 91.284 2002 - 90.516 2001 - 89.453 2000 - 88.887 1996 - 88.223

Wapens en flaggen

Wapens

Flaggen De plakken Britsum, Feinsum, Jelsum, Koarnjum, Lekkum, Miedum, Snakkerbuorren en Stiens ha gjin wapen en/of flagge.

Polityk Boargemaster fan Ljouwert is sûnt augustus 2019 Sybrand van Haersma Buma, âld-fraksjefoarsitter fan it CDA yn 'e Twadde Keamer. De gemeenterie fan Ljouwert bestiet út 39 sitten. Om't Ljouwerteradiel en it noardeastlike part fan Littenseradiel by de gemeente foege waarden, fûnen der foar de gemeenterie fan Ljouwert op 22 novimber 2017 (tuskentiidske) weryndielingsferkiezings plak. De útslaggen fan de riedsferkiezings binne as folget:

Partijferkiezings 2017Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022 ferkiezings 2022Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022 % sitten%sitten PvdA 26,1 11 18,8 8 CDA 10.7 5 9,6 4 VVD 9,9 4 8,6 3 D66 9,2 4 7,0 3 Gemeentebelangen 6,5 2 10,1 4 FNP 5,9 2 11,2 4 KristenUny 5,6 2 4,8 2 List058 4,5 2 8,5 3 FvD - - 4,2 1 GL 11,6 5 17,4 7 50Plus 4,1 1 - - PvdD 4,0% 1 - - oare partijen 749 1,9% - - opkomst/totaal sitten 40,6% 39 51,0% 39

Sjoch ek Fryske doarpen Fryske gemeenten List fan boargemasters fan Ljouwert

Keppeling om utens Webstee fan de gemeente Webstee oer wenje, wurkje en rekreëarje in Ljouwert

1 Kategory:Gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1435 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1943 Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1943 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2014 Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2014 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2018 Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2018