Reduzum is in doarp oan de ein fan It Swin yn de gemeente Ljouwert. Alhoewol it no net mear sa dúdlik is, is it fan oarsprong in terpdoarp, en al út de tiid dat de Middelsee yn dit part fan Fryslân hearske.

Namme De Nederlânske namme wie: Roordahuizum en yn it Frysk wie dit: Roardhuzum. Yn 1989 fierde de doetiidske gemeente Boarnsterhim Frysktalige plaknammen yn. Om't it Frysk mear in sprektaal as in skriuwtaal is waard dêrby yn it gefal fan Roardhuzum keazen foar de "fonetyske" namme Reduzum, dy't neat mear te krijen hat mei de namme (fan) Roorda, dêr't de namme fan ôflaat is.

Skiednis thumb|left|250px|Alde doarpskafee Oarspronklik is it doarp ûntstien op in terp oan de âlde Middelsee. It wie it iennige doarp yn de gritenij Idaarderadiel dat letter in ynpoldere diel hie fan de Middelsee. Dêrnei ûntwikkele Reduzum him as in lintdoarp. Yn de 19e en 20e iuw waard der wer mear konsintrearre boud.

Troch de oanlis fan de Ryksstrjitte tusken Ljouwert en Swol yn de 19e iuw krige Reduzum wat mear bekendheid. By de ôfslach nei Reduzum kaam yn 1827 de Trije Romers te stean, letter ek De Grutte Trije Romers. De sintrale lizzing en de bining fan it doarp mei de boerestân makke dat yn dy herberge yn 1879 it Frysk Rundfee Stamboek en it Frysk Hynste-Stamboek stifte waard. Ek bekend waard it alkoholfrije kofjehûs 'De Blauwe Tent', dy't der û.o. troch it krewearjen fan dûmny Benjamin Boers kaam.

It âldste gebou fan it doarp is de Finsintiustsjerke. De tsjerke waard faaks as hûskapel fan de Aytta's boud yn de 15e iuw. De tsjerke en de folle nijere toer (1878) binne yn 1983 restaurearre.Histoarysk Sintrum Ljouwert

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 hearde Reduzum by de gemeente Idaarderadiel. Sûnt dy tiid hearde Reduzum by de gemeente Boarnsterhim. Nei de opheffing fan de gemeente Boarnsterhim waard Reduzum by de gemeente Ljouwert yndield.

Mienskip Reduzum hat in feriening Doarpsbelang mei in soad kommisjes: Aktiviteiten, Ferkear, Grien, Jongerein, Kearngroep, Merke, Sportbelangen en de wurkgroep Swinlân. De Linepraat is it krantsje fan Doarpsbelang. Oan de Master Gorterstrjitte stiet De Trije Doarpenskoalle (TDS). Bern út Friens en Idaerd geane hjir ek hinne.

Tsjerke thumb|260px|Finsintiustsjerke Herfoarme gemeente Reduzum-Idaerd en omkriten. De gemeente is oansletten by de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.

Skoalle Iepenbiere Trijedoarpenskoalle Side Ek bern fan Friens en Idaard geane nei de Trijedoarpenskoalle.

Ferienings

De Fjouwer Doarpen - soas Fûgelwacht Reduzum-Friens-Idaerd Iendracht - iisklub Jan Reitsma - keatsen Moarns Ier - aaisykjen (opheft 2017) Sjongnocht - koar Stânfries - gymnastyk en kuorbal, tennis en folleybal Tusken Swin & Swette - kultuer

Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1974 1990 2004 2010 2022 Ynwenners 846 830 798 816 794 1000 1093 1098 1085 thumb|260px|18e-iuwsk hûs oan de Haedstrjitte 24 Berne Boëtius Epo, (1529-1599), jurist en gelearde Sipke Lootsma (1888-1940), skiedkundige Hoyte Roucoma (1661-1719), organist en skriuwer Siebe Smeding (1830-1892), skriuwer Alle Smeding (1820-1902),Frysk skriuwer Frans Rasker (1945- ), filmprodusint Baukje Wytsma (1946- ), Fryske skriuwster en sjoernaliste Stien Terpstra (1957- ), keunstner Greet Andringa (1971- ), skriuwster Pieter Bleeksma (1821-1897)), ûnderwizer

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Reduzum rinne de folgjende buslinen:

Line 94: Snits - Reduzum Line 95: It Hearrenfean - Ljouwert fia De Jouwer en Jirnsum

De buslinen troch Reduzum wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Alle Strjitten yn Reduzum.

Ferskaat It Jabikspaad is in kuierrûte en in fytsrûte fan 150 km fan Sint Jabik nei Hasselt yn Noard-Oerisel en rint ek troch Reduzum.

Kategory:Doarp of stêd yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Doarp of stêd yn Idaerderadiel Kategory:Doarp of stêd yn Boarnsterhim