De skiednis fan Fryslân en fan de Fryske gewesten of Grut-Fryslân ferhellet oer it Fryske ferline. Yn dat ramt wurde de skiedkundige ûntjouwings yn it wengebiet fan de Friezen oan de súdeastlike igge fan de Noardsee beskreaun.

De skiednis fan Fryslân rint lykop mei de skiednis fan de Friezen. De Friezen teagen sa likernôch yn de 4e iuw f.Kr. nei it kustgebiet oan de súdlike igge fan de Noardsee. Geakundich sjoen in bysûnder lânskip troch de ynfloed fan de see en it terpelân. Om 700 hinne is Fryslân in heidensk lân. Yn de 8e en 11e iuw wurdt Noard-Fryslân fan Friezen befolke, mar ûntjout himsels frij fan de oare Fryslannen. Yn de lette midsiuwen ferienigje de frije Fryske lannen (Fryske frijheid) har yn it Upstalbeambûn. Troch ûntwikkelingen yn de 15e en 16e iuw falle de Fryske gebieten útinoar: Westfryslân en de provinsjes Fryslân en Grinslân komme yn Nederlânsk steatsferbân. East-Fryslân bliuwt oant 1744 in greefskip yn it Hillige Roomske Ryk, dat as de foarrinder sjoen wurde kin fan Dútslân, dat as nasjonale steat yn 1871 oprjochte waard. Noard-Fryslân dat hiel lang ûnder Denemark foel, komt yn de 19e iuw foarfêst by Dútslân. De skiednis fan Fryslân as provinsje begjint yn de 16e iuw mei it Hearlikheid Fryslân. Yn de Frânske tiid heart East-Fryslân in jiermannich by de Frânske fasalsteat Nederlân. Nei de Frânske tiid wurdt it eardere Hearlikheid Fryslân yn it jier 1814 in provinsje fan Nederlân.

Prehistoarje thumb|De earste fêste bewenners fan de Fryske gebieten wennen op terpen. De âldste fynsten fan minsken yn Fryslân binne dien yn Aldeholtpea en Skûlenboarch en Wynjewâld stamje fan om-ende-by 100.000 jier foar de kristlike jiertelling.Fryslâns ferline, side 19, Afûk 2002 Op dy plakken binne fûstbilen fûn dy't troch Neandertalers brûkt waarden. Allinnich by Skûlenboarch hawwe de Neanderthalers in lytse delsetting hân dêr't se wat langer taholden.apanarcheo.nl Neanderthalers yn Fryslân De Neanderthaler sil trochstrings yn it Fryske gebiet west hawwe foar de jacht, foar de jacht op mammoeten bygelyks. Yn de tiidrekken dy't derop folgen, dy fan de iistiden, wie Fryslân net bewenne. By Oerterp en op oare plakken yn de Wâlden binne op de ein fan de Würmiistiid wer minsken ferskynd. De restanten dy't hjir fûn binne stamje út 13.000 f.Kr. en tsjutte op de oanwêzigens fan groepen rindierjagers. Dizze minsken wurde rekkene ta de Hamburchkultuer. It lânskip fan Fryslân yn dy tiid hie doe in soad wei fan in toendra, dêr't keppels rindieren libben. De grûn wie beferzen en allinnich leech strewelte en bepaalde moassoarten tiere goed yn de kjeld. De seespegel lei 65 meter leger as tsjintwurdich, en de Noardsee wie sawat drûch. De rindierjagers hawwe in soad spoaren efter litten. Sa likernôch tusken 13.000 en 10.000 f.Kr. hat in folk fan jagers en samlers by de Tsjonger libbe.'Koninsdiep rapport' side 8 útjefte fan de RUG Nei it fynplak fan harren resten wurde dizze prehistoaryske bewenners ta de Tsjongerkultuer rekkene. Dy minsken hawwe nei alle gedachten yn de Fryske omkriten wenne yn de oergongsfase fan de iistiden nei in waarmer geologysk tiidrek, it Holoseen.

Sa likernôch om 3400 foar Kristus komme der stadichoan boeren yn it plak foar de jagers en samlers. De earste fêste bewenners fan Fryslân libben nei alle gedachten op de sângrûnen yn it súdeasten fan de provinsje, sawat yn de notiidske Wâlden en yn Gaasterlân.friesland.org sjoch by 'Eerste Bewoners' Sy wienen ôfkomstich út Drinte. Op grûn fan it ierdewurk dat fan harren weromfûn is, wurde hja Trechterbekerminsken neamd. Troch útwreiding fan it fean rekke it boerelân oerwoekere en rûn harren libbensromte hieltyd fierder tebek. Dêrtroch teagen famyljes nei de tige fruchtbere kwelders, dêr't se har benammen op kwelderwâlen nei wenjen setten. Stadichoan waakste de kultuer fan dizze famyljes út ta in eigen Fryske kultuer. De see hie yn de kweldergebieten frij spul. By seestigingen strûpte de see it lân der ûnder, wat foar de earste bewenners fan Fryslân altyd reden wie har hjir net permanint te wenjen te setten. As beskerming tsjin de see smieten de nije fêste bewenners terpen op, dêr't se op wennen en buorken. De terpebou begûn likernôch om 600 foar Kristus en wie oant de oanlis fan de seediken beskiedend foar it lânskip en de feiligens fan de Friezen.friesland.org Terpenbouw

Aldheid

Oan it begjin fan de kristlike jiertelling skreaunen de Romeinen oer de Friezen, in folk oan de súdlike igge fan de Noardsee. Under keizer Augustus waard besletten dat de Elbe de noardgrins fan syn ryk wurde moast. Dêrtroch soenen de Fryske gebieten ûnderdiel wurde fan it Romeinske Ryk. Troch Drusus, dy't yn it jier 12 f.Kr. by de Ryndelta oankaam, waarden de Friezen skatplichtich makke oan it Romeinske ryk. Dy belesting waard betelle mei kowehûden. Olennius stelde yn 28 n.Kr. dat de kowehûden it formaat fan dy fan oeroksen hawwe moasten. Dat wie foar de Friezen mei harren lytse kij net mooglik. De Friezen kamen yn opstân en foelen de Romeinen oan by it castellum Flevum. Yn de Slach fan Baduhenna ferslaan de Friezen de Romeinen. De oerlibjende Romeinen flechten werom nei it suden. De Romeinen stjoerden gjin strafekspedysje nei de Friezen, dêr't de Friezen harren frijheid mei werom krigen. Earst yn 47 kamen de Romeinen ûnder Korbulo nei Fryslân. De Friezen waarden doe al ferslein, mar keizer Klaudius besleat de grins (limes) fan it ryk by de Ryn te lizzen. De Romeinen hienen it oer Frisiavones foar de minsken dy't besuden de Ryn wennen, en dêrmei part fan it ryk wienen, en fan Frisii foar de lju oer de Ryn, dy't gjin fêst part fan it ryk wienen, al waarden se yn it earstoan wol troch de Romeinen betwongen. Hoe't fierders de ferhâldings tusken de Romeinen en de Friezen leinen, is net alhiel dúdlik omdat dêrfoar te min oerlevere is. Dat der kontakt wie mei de Romeinen yn de foarm fan hannel is wis. It skriuwplankje fan Tolsum en de Hludana-stien binne bewizen fan ynfloeden fan de Romeinen yn de Fryske gebieten.Kanon fan de Fryske skiednis De Hludana-stien Yn de Fryske gebieten binne in pear plakken dêr’t Romeinske soldaten legere wiene. Friezen sieten ek yn Romeinske kriichstsjinst, lykas yn it noarden fan Ingelân, by de muorre fan Hadrianus. It is bekend dat twa Fryske oanfierders, Ferritus en Maloriks, yn 58 nei Kristus nei Rome teagen om oan keizer Nearo tastimming te freegjen om lân súdlik fan de Ryn brûke te meien.Tekst fan Tacitus: sjoch hjir foar Latynske tekst mei Nederlânske oersetting

Al yn de 2e iuw hie Markus Aurelius yn de Markomannenoarloch grutte tsjinslaggen tsjin de Germaanske stammen. It wie in earste teken fan delgong fan it Romeinske Ryk dy’t oanboaze yn de 3e iuw. Yn it noarden hienen de Romeinen swierrichheden mei de Germanen, yn it easten mei de Sassaniden. Ferskate stammen foelen út it noarden wei it Romeinske Ryk binnen. De Romeinen ferlieten harren Limes oan de Ryn en de Friezen koenen sa it lân súdlik dêrfan bewenje. Mooglik is in part fan dy groep opnommen yn it ferbûn fan de spearen. Mei it Romeinske Ryk yn it neigean begûn de tiid fan it Grutte Folkeferfarren. It grutste part fan de Fryske migrisaasje hat mei de nei de Britske eilannen west. It wie in stream út Fryslân, it noarden fan it hjoeddeiske Dútslân, en út Jutlân wei. Oare folken dy’t yn dy stream nei de Britske ta setten wienen de Angelen, Saksen en Juten. Der kin net mei wissigens fêststeld wurde oft der yn de Fryske lannen wol plakken wienen dy’t trochgeande bewenning hân hawwe. De stammen dy’t oan de súdlike iggen fan de Noardsee wennen, waarden troch de Romeinen de Frisii neamd. It folk dêr’t yn de 6e iuw oer skreaun wurdt wienen de Friezen. Yn de tiid fan it grutte folkeferfarren wreide it wengebiet fan de Friezen him fierder út nei de Wezer ta.

Iere midsiuwen thumb|Kaart fan it Fryske Ryk mei de Latynske nammen.

Yn de 6e iuw waard de migraasje fan it grutte folkeferfarren minder en yn de Fryske lannen ûntstiet om 600 hinne in nij folksferbân. Der binne ferskillende muntfynsten dien fan mooglik in kening Audulfus út de earste helte fan de 7e iuw. Yn de rin fan de 6e iuw waard it Fryske gebiet stadichoan in federaasje fan ferskate gebieten dy’t ta in wisse hichte mei in sintraal gesach ferbûn wienen. Ofsjoen by Winaam wienen der elitêre delsettings op Tessel (De Burch) en Rynsburch oan de kust yn Súd-Hollân. It is net dúdlik oft de Fryske keningen keazen waarden út de adel of troch erfopfolging kening waarden.De Friezen tusken 500 en 600 op bertsgeschiedenissite.nl De earste Fryske kening dêr’t in bytsje oer bekend is wie kening Aldgilles. Hy liet kristlike missionarissen ta yn de Fryske lannen. Yn de winter fan 678 joech Aldgillis de Ingelske biskop fan York Wilfried yn Utert in ûnderkommen. Sa likernôch om it jier 680 hinne stjert Aldgilles en hy wurdt opfolge troch Redbad. Kening Redbad is in tsjinstanner fan it Kristendom.Kanon fan de Fryske skiednis Redbad en Bonifatius Ien fan de suksessen fan Redbad is de oerwinning tsjin de Franken yn de Slach by Keulen yn 716.Ynfo oer Redbad op germaanse-joelfeest.nlGronologyske skiednisside fan de universiteit Bremen By Redbad syn dea yn 719 is Fryslân in heidensk lân. Stêden as Utert en Dorestêd wienen wichtige hannelsstêden. Beide stêden leinen oan de Ryndelta, dêr't in grut part fan de Frysk-Frankyske oarloggen om west hat. It kristlike leauwen kaam út it suden wei, dêr’t de Franken wennen. Der komme ek missionarissen fan de Britske eilannen lykas Willibrord en Bonifatius. Under Poppo ferlieze de Friezen yn 734 de Slach oan de Boarn. Troch dat ferlies wurde de Franken de nije machthawwers yn it gebiet tusken de Alde Ryn en de Lauwers. Mei de Frankyske oerhearsking wurde de Friezen kerstene. De dea fan Bonifatius by de Dokkum yn 754 is in teken fan ferset tsjin dy kerstening. It gebiet eastlik fan de Lauwers is nei de Slach oan de Boarn noch gjin ûnderdiel fan it Frankyske Ryk. De Friezen dienen mei oan de Saksenkriich dy’t yn 772 ûnder Widukind begûn. De kriich einige mei de beneaming fan de Fryske missionaris Liudger ta earste biskop fan Münster yn it jier 805.Liudger (Ludger) von Münster op heiligenlexikon.de

Tsjustere midsiuwen