thumb|Sport: rolstoelbasketbal In sport is in fysyk spul of tinkspul, dêr't neffens in reglemint wedstriden yn spile wurde foar in kampioenskip. Dat wol net sizze dat der allinnich soksoarte wedstriden spile wurde, mar mear dat der njonken de regels fan it spul, ek de regels binne foar it organisearjen fan wedstriden.
Skiednis Sport is al bekind út de klassike âldheid. Yn it bysûnder wit men dat ferskate steaten doe spullen organisearren. De ferneamdste fan dy spullen wienen de Olympyske Spullen. Yn de moderne tiid krige de ynternasjonale sport mei it opkommen fan de naasjes in grutte ympuls, wat úteinlik laat hat ta de hjoeddeiske opset mei lânskampioenskippen en wrâldkampioenskippen.
Typysk Fryske sporten Fierljeppen Frysk Damjen Keatsen Skûtsjesilen
Kategoryen Sporten kinne nei kenmerkende hanneling yn kategoryen opdield wurde. Hjir in yndieling yn kategoryen, mei foar eltse kategory wat foarbylden: Fjochtsporten Sporten dêr't op in formele wize by fochten wurdt: Boksen Judo Karate Skermjen Wrakseljen
Doelsporten Sporten dêr't by besocht wurdt de bal, of wat oars, yn it doel fan de tsjinstander te spyljen: Basketbal Fuotbal Hânbal Hockey Kuorbal Rugby
Slachsporten Sporten dêr't by besocht wurdt de bal sa werom te spyljen dat de tsjinstander in fout makket: Follybal Honkbal Keatsen Krikket Muorrekeatsen Skwash Softbal Tennis Tafeltennis
Handigenssporten Sporten dêr't in doel rekke of helle wurde moat. In kenmerk fan dizze sporten is dat der gjin trochgeande ynteraksje is: Bôgesjitten Bowling Darts Golf Kloatsjitten Kurling
Doersporten By dizze sporten giet it meast om it ôflizzen fan in ôfstân yn sa min mooglik tiid. It komt lykwols ek foar dat der in sa grut mooglike ôfstân yn in beskate tiid ôflein wurde moat. Hurdfytserij Hurdrinnen Hurdwanneljen Prikslydzje Reedriden Skyen Swimmen
Machtsporten Sporten dêr't op ien stuit gâns de prestaasje levere wurde moat: Diskussmiten Fierljeppen Gewichtheffen Heechspringen Pealsmiten Spearsmiten
Behearskingssporten Alhoewol't dizze sporten faak besibbe binne mei de doersporten is hjir de útfiering it doel: Keunstdûken Sierriden Syngroanswimmen Skânsspringen Turnjen
Stjoersporten Dizze sporten binne dwaande mei it behearskjen fan it ûnbehearskbere: in auto, in boat, in hynder. It doel kin de faasje wêze, mar ek de graasje: Autosport Hynstesport Loftsport Motorsport Roeien Silen
Tinksporten Dit binne sporten dy't meast op geastlike feardigens oankommme: Bridge Poalsk Damjen Frysk Damjen Go Skaken
Kombinaasjesporten Der binne ek sporten dy't opset binne as kombinaasje fan twa of mear oare sporten: Biatlon Fiifkamp Sânkamp Triatlon Tsienkamp
Oare yndielings Njonken nei type hanneling wurde sporten ek op oare wizen yndield: Atletyk Balsporten Wettersporten Wintersporten
Sportwrâld De sportwrâld is almeast organisearre yn sportferienings, lanlike sportferienings en wrâldsportassosjaasjes. In bysûnder plak wurdt ynnaam troch de organisaasjes fan sporteveneminten, lykas de Olympyske Spullen.
Gallery
Sjoch ek 20 px Tema:Sport – Wikipedy hat ek in temaside oer sport
Keppeling om utens
Kategory:Maatskippij Kategory:Fermaak Kategory:Frije tiid Kategory:Kompetysje Kategory:Lienwurd út it Ingelsk