Johannes Hendricus Willem (Henri) Arnoldus (Middelburch, 22 febrewaris 1919 – dêre, 19 desimber 2002) wie in Nederlânsk skoalmaster dy't ferneamd wurden is as skriuwer fan berneboeken.

Henri Arnoldus wie in skoalmaster út Middelburch fan 1943 ôf; dat bleau er oant 1970. Hy wie de skepper fan de Pietje Puk-boekerige. De avontueren fan dy gutige post waarden troch in soad bern yn Nederlân en Flaanderen lêzen. Der binne goed 50 ferhalen fan Pietje Puk ferskynd en der waarden totaal 3,5 miljoen stiks fan de boeken ferkocht. In protte fan syn boeken, mei yllustraasjes fan Carol W. Voges (1925-2001), waarden oerset en waarden útbrocht yn ûnder oaren Dútslân, Finlân, Denemarken en Kanada tab=auteurs&actie=bio&code=arnh#pag=biografie Utjouwerij Kluitman.

Henri Arnoldus stoar yn de âldens fan 83 jier.

Bibliografy Arnoldus skreau, neist Pietje Puk, ek de rigen: Bollejan Tup en Joep Oki en Doki Jokko Pim en Pidoe In Dierenland Tillie en Tiffie Pim en Kim Klik en Klak Leks en Reks In protte boeken út de Veldboeket-rige.

Teffens wie er mei-auteur fan lesboeken foar it roomsk-katolike leger ûnderwiis, ûnder oaren: Ierdrykskundemetoade Er op uit Skiednismetoade Heden, verleden en toekomst

Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Siuwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1919 Kategory:Persoan stoarn yn 2002