Jacob (Jaap) H. Hylkema (Grou, 22 novimber 1900 - Doanjum, 8 maart 1944) wie adjunkt-direkteur fan Halbertsma's Fabriken BV yn Grou en fan 1938 oant 1943 foarsitter fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, krite 'Grou'.
Yn de Twadde Wrâldoarloch die er mei oan it ferset tsjin de Dútsers. Hy waard yn 1944 gemeentekommandant fan de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften. Op 3 maart 1945 waard er - mei fiif oare fersetsminsken - arrestearre fanwege syn fersetsaktiviteiten en nei it Burmaniahûs yn Ljouwert brocht foar ferhoar troch de Sicherheitsdienst. Op 8 maart 1945 waard er deasketten by Doanjum; hy wie doe 44 jier âld. Hylkema en syn doarpsgenoat Bauke van der Pal, dy't tagelyk mei him fusillearre waard, lizze op it Algemiene Begraafplak fan Grou.
Jacob Hylkema wie in soan fan Kerst Hettes Hylkema en Grietje van Riesen. Hy wie troud mei H. Hylkema-Houwink.
Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk misdieslachtoffer Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan berne yn Grou Kategory:Persoan stoarn yn Doanjum Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1944