thumb|It grêf fan Sylvia Plath yn Heptonstall, West Yorkshire Sylvia Plath (Boston, 27 oktober 1932 – Londen, 11 febrewaris 1963) wie in Amerikaanske dichteresse, romanskriuwster en essayiste. Hoewol't hja fral ferneamd is fan har poëzy, wie hja ek ferneamd fan har heal-autobiografyske roman The Bell Jar ('De glêzen stolp'), dêr't har wrakseljen mei depresjes sekuer yn beskreaun wurdt. Plath wie troud mei de Ingelske dichter Ted Hughes. Nei har selsmoard is se foar in soad minsken in ikoan wurden. Yn 1982 waard har postúm de Pulitzerpriis foar poëzy takend.

Bibliografy Poëzy The Colossus (1960) Ariel (1965) Crossing the Water (1971) Winter Trees (1972) The Collected Poems (1981)

Proaza The Bell Jar (1963), ûnder it pseudonym 'Victoria Lucas' Letters Home (1975), brieven skreaun oan har mem, dy't de bondel ek gearstald hat Johnny Panic and the Bible of Dreams (1977) The Journals of Sylvia Plath (1982) The Magic Mirror (1989), Plaths einskripsje oan Smith College The Unabridged Journals of Sylvia Plath (2000), gearstald troch Karen V. Kukil

Berneboeken The Bed Book (1976) The It-Doesn't-Matter-Suit (1996) Collected Children's Stories (2001) Mrs. Cherry's Kitchen (2001)

Oer Sylvia Plath Ronald Hayman syn biografy, The Death and Life of Sylvia Plath, 1991; De film Sylvia (regy Christine Jeffs, 2003) sketst in byld fan de nuodlike ferhâlding mei Ted Hughes; De Amerikaanske singer-songwriter Ryan Adams skreau it nûmer Sylvia Plath dat op syn album Gold ferskynde; De Nederlânske skriuwster Connie Palmen skreau yn 2015 de roman Jij zegt het, soarte fan sabeare-autobiografy fan Ted Hughes oer syn ferhâlding mei Sylvia Plath. Dy roman waard bekroand mei de Libris Literatuerpriis 2016.

Keppelings om utens Poets.org over Sylvia Plath: biografy, gedichten, essays en keppelings (side fan de Academy of American Poets) Sylvia Plath-foarum Peter K. Steinberg - A celebration, this is: A website for Sylvia Plath

Kategory:Amerikaansk dichter Kategory:Amerikaansk essayist Kategory:Amerikaansk deiboekskriuwer Kategory:Selsmoarddogger Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:Persoan stoarn yn 1963