Knoxville (Ingelske útspraak: /ˈnɑksˌvɪl/, likernôch: "noks-wil") is in stêd en gemeente yn 'e Amerikaanske steat Tennessee, dy't it haadplak is fan it omlizzende Knox County. De stêd waard stifte yn 1791 en wie de earste en oarspronklike haadstêd fan Tennessee. Neffens in offisjele skatting út 2016 hie Knoxville doe goed 186.000 ynwenners, wat it ta de trêde stêd fan Tennessee makket (nei Nashville en Memphis) en ta de 117e stêd yn 'e Feriene Steaten. As stêdekloft, d.w.s. mei foarstêden en it omlizzende ferstedske plattelân meirekkene, hat Knoxville in befolking fan krapoan 560.000 minsken. Yn 'e stêd binne de Universiteit fan Tennessee en de Tennessee Valley Authority (TVA) fêstige. As ien fan 'e grutste stêden fan 'e Appalachen foarmet Knoxville fierders ien fan 'e tagongspoarten ta it Nasjonaal Park de Great Smoky Mountains.

Geografy Knoxville leit yn Knox County, yn it easten fan 'e Amerikaanske steat Tennessee, en yn it foarlân fan 'e Appalachen, dy't it heechste berchtme yn Noard-Amearika eastlik fan 'e Rocky Mountains foarmje. De stêd is sitewearre yn 'e Grutte Appalachendelling, dy't pleatslik bekend stiet as de Tennesseedelling, en markearret likernôch it mulpunt tusken it Cumberlandplato yn it westen en de Great Smoky Mountains (dy't ûnderdiel útmeitsje fan 'e Appalachen) yn it easten. It lânskip yn 'e neite fan Knoxville wurdt karakterisearre troch lange, smelle berchrêgen, flankearre troch brede dellings.

De rivier de Tennessee streamt dwers troch de binnenstêd fan Knoxville en ûntstiet yn it súdeastlike part fan 'e stêd, by de gearfloeiïng fan 'e rivier de Holston, dy't yn súdwestlike rjochting út Firginia wei streamt, en de French Broad River, dy't nei it westen ta streamt út Noard-Karolina wei. It diel fan 'e Tennessee dat troch Knoxville streamt, makket eins ûnderdiel út fan 'e Fort Loudoun-mar, in keunstmjittige opslachmar dy't ûntstien is troch de oanlis fan 'e Fort Loudoun-keardaam fan 'e Tennessee Valley Authority, sa'n 50 km streamôf, yn Lenoir City. Sydrivieren fan 'e Tennessee yn 'e krite fan Knoxville binne û.o. First Creek en Second Creek, dy't troch it stedssintrum streame, Third Creek, dy't westoan streamt fan 'e kampus fan 'e Universiteit fan Tennessee ôf, en Sinking Creek, Ten Mile Creek en Turkey Creek, dêr't de westlike bûtenwiken fan Knoxville yn ôfwetterje.

De stêd Knoxville hat in oerflak fan 269,8 km², wêrfan 255,2 km² lân en 14,6 km² wetter. De stêdekloft fan Knoxville wreidet him út oer in folle gruttere krite, dy't dielen beslacht fan 'e countys Knox, Anderson, Blount, Campbell, Grainger, Loudon, Morgan, Roane en Union. Gruttere plakken yn dat gebiet, dy't as foarstêden fan Knoxville jilde, binne Alcoa, Clinton, Farragut, Lenoir City, Loudon, Maryville, Maynardsville en Oak Ridge. De stêd sels leit op in hichte dy't fariëarret fan 240 m boppe seenivo oan 'e riviersigge oant 300 m boppe seenivo op 'e heuveltoppen yn 'e westlike bûtenwiken. De binnenstêd leit op in hichte fan likernôch 270 m. Hege lânskipseleminten om Knoxville hinne binne û.m. Sharp's Ridge, oan 'e noardkant fan 'e stêd, mei in hichte fan 424 m, en Brown Mountain oan 'e súdkant fan 'e stêd, mei in hichte fan 380 m. House Mountain, it heechste punt fan it hiele Knox County, leit eastlik fan Knoxville, yn 'e neite fan it foarstedsje Mascot.

Skiednis Iere skiednis Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan eastlik Tennessee troch de blanken waard de krite dêr't Knoxville no leit behearske troch de Yndiaanske Sjeroky (Cherokee), dy't oanhâldend yn oarloch wiene mei de Kriik (Creek) en de Sjâny (Shawnee). It plak dêr't Knoxville no leit, hiet yn dy tiid yn it Sjeroky Kuwanda’talun’yi, dat safolle betsjut as "it plak fan 'e moerbeibeammen". De earste blanke ûntdekkingsreizger dy't troch dit part fan Noard-Amearika kaam, wie nei alle gedachten de Spanjert Hernando de Soto, yn 1540. Yn 1761 diene de earste Britten de krite oan as ûnderdiel fan 'e Timberlake-ekspedysje, ûnder lieding fan Henry Timberlake.

Kolonisaasje De ein fan 'e Frânske en Yndiaanske Oarloch yn 1763 en de betizing dy't de yn 1775 útbrutsen Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch oan 'e eastkant fan 'e Appalachen brocht, soarge yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw foar in drastyske taname fan it tal blanken dat him bewesten de bergen nei wenjen sette. Tsjin 'e 1780-er jierren wiene de dellings fan 'e rivieren de Holston en de French Broad River al kolonisearre, en in befel fan it Amerikaanske Kongres út 1785 oan alle kolonisten om dy gebieten te ûntromjen, helle net folle út. Mei't almar mear kolonisten oer de bergen kamen om har op it lân fan 'e Sjeroky nei wenjen te setten, boazen de spannings tusken blanken en Yndianen yn dy snuorje fluch oan.

Yn 1786 bouden James White, dy't as ofsier oan 'e Amerikaanske kant yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch fochten hie, en syn freon James Connor it saneamde White's Fort oan 'e mûning fan First Creek yn de Tennessee, op lân dat White trije jier tefoarren oankocht hie. Yn 1790 liet White syn skoansoan Charles McClung it lân fan syn skoanheit opmjitte mei de bedoeling om der in doarp te bouwen. Hy ferdielde it lân yn perselen fan 0,2 ha, wêrby't er twa perselen reservearre foar de bou fan in tsjerke en de oanlis fan in tsjerkhôf, en fjouwer foar de bou fan in skoalle foar heger ûnderwiis, wylst de riviersigge in mienskar waard. De skoalle, dy't yn 1794 oprjochte waard, wie it Blount Kolleezje, dêr't neitiid de Universiteit fan Tennessee út fuortkomme soe.

De skoalle wie ferneamd nei William Blount, de troch George Washington oanstelde, earste gûverneur fan it yn 1790 stifte Territoarium Besuden de Ohiorivier. Ien fan Blount syn earste taken wie om mei de Sjeroky te ûnderhanneljen oer de grins tusken harren lân en dat fan 'e blanke kolonisten, en om it fraachstik fan 'e yllegale kolonisten op te lossen. Dat slagge him troch mei de Sjeroky-lieders yn 1791 yn White's Fort it Ferdrach fan Holston te sluten.

Hoewol't Blount oarspronklik fan doel west hie om it haadplak fan syn territoarium oan 'e gearfloeiïng fan 'e Clinch en de Tennessee te stiftsjen (dêr't no Kingston leit), wied er twongen wat oars te betinken doe't de Sjeroky ûnwillich blieken om dat lân te ferkeapjen. Sadwaande waard yn 1791 White's Fort as territoriaal haadplak oanwiisd. De delsetting dy't dêr doe nei it plan fan McClung omhinne woeks, neamde Blount Knoxville, nei de Amerikaanske minister fan Oarloch ûnder de Unôfhinklikheidsoarloch, Henry Knox.

Der oppenearren har lykwols hast fuortendaliks al nije swierrichheden, want hoewol't Blount miende dat er frijwol hiel eastlik Tennessee oankocht hie, bliek de formulearring fan it ferdrach mei de Sjeroky foar mearderlei útlis fetber, wat late ta ûnienichheid tusken de blanken en de Yndianen, mei oanhâldend geweld oer en wer ta gefolch. Doe't Blount yn 1793 it Sjeroky-opperhaad Hingjende Bek (Hanging Maw) útnûge foar nije ûnderhannelings, makken blanke kolonisten fan 'e gelegenheid gebrûk om 'e Yndiaanske delegaasje oan te fallen, wêrby't de frou fan it opperhaad fermoarde waard. Pas yn 1794 koe sadwaande in nije frede útûnderhannele wurde.

Antebellum Knoxville bleau de haadstêd fan wat bekend kaam te stean as it Súdwestlik Territoarium oant dat yn 1796 ûnder de namme Tennessee as folweardige steat opnommen waard yn 'e Amerikaanske Uny. Dêrnei tsjinne it oant 1817 as haadstêd fan Tennessee, wêrnei't dy funksje oernommen waard troch Murfreesboro. Yn 't earstoan gie it Knoxville ekonomysk tige foar de wyn om't it in 'halteplak' wie oan 'e rûte dy't kolonisten folgen oer de Appalachen nei it westen. Boppedat soarge de lizzing op it punt dêr't trije wichtige rivieren gearkamen foar oanhâldend skipsferkear fan platboaiem boaten en letter fan steamboaten. Dêrtroch ûntjoech de stêd him ta in regionaal hannelssintrum, dêr't lânbouprodukten út 'e omkriten (benammen tabak, stynske weet en whiskey) ruile waarden foar katoen út 'e súdlike steaten. Yn 1855 soarge de oanlis fan it spoar fan 'e East Tennessee and Georgia Railroad by Knoxville lâns foar in nije ekonomyske ympuls.

Yn 'e oanrin nei de sesesje fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika en de Amerikaanske Boargeroarloch wie eastlik Tennessee in bolwurk fan abolysjonisme en anty-sesesjonisme. Yn Knoxville sels wie de krante-útjouwer William "Parson" Brownlow ien fan 'e liedende tsjinstanners fan 'e ôfskieding, mar net fan slavernij. Blount County, fuort besuden de stêd, hie him ûntjûn ta in sintrum fan abolysjonisme, foar in diel troch it relatyf grutte oandiel dat de quakers dêr útmakken fan 'e befolking, en foar in part troch de ynfloed fan 'e abolysjonistyske direkteur fan it Maryville Kolleezje, Isaac Anderson. De Greater Warner Tabernacle AME Zion Church yn Knoxville wie, nei't it skynt, in stasjon op it ûndergrûnske spoar, dat ûnsnapte slaven nei it Noarden smokkele.

Saaklike belangen holden Knoxville lykwols stevich ferbûn mei de rest fan it Amerikaanske Suden: de hannel yn katoen, dy't de stêd ryk makke hie, berêste frijwol folslein op slavernij. Sok eigenbelang soarge yn Knoxville foar in sterke pro-sesesjonistyske beweging. Dat hoewol't eastlik Tennessee en Knox County by it referindum oer ôfskieding dat op 8 juny 1861 yn Tennessee holden waard, oerweldigjend tsjin 'e ôfskieding fan 'e uny stimden, stimde de stêd Knoxville mei twatrêde part fan 'e stimmen foàr. Neitiid besochten anty-sesesjonisten om fan East-Tennessee in aparte steat te meitsjen en it gebiet binnen de Uny te hâlden. Hoewol't dat yn West-Firginia (earder in diel fan Firginia) wol slagge, rêden de anty-sesesjonisten it yn East-Tennessee net op.

Amerikaanske Boargeroarloch Yn july 1861, nei't Tennessee him by de Konfederaasje jûn hie, arrivearre de Konfederearre generaal Felix Zollicoffer yn Knoxville om as kommandant fan it militêr distrikt East-Tennessee te tsjinjen. Yn 't earstoan stelde er him duldsum op foar oanhingers fan 'e Uny oer, mar nei't pro-unionistyske guerriljastriders de sân brêgen oer de Tennessee yn 'e stêd platbaarnd hiene, fierde er yn novimber de steat fan belis yn. It befel oer it militêr distrikt gie letter foar koarte tiid oer yn 'e hannen fan George Crittenden en bedarre doe by Kirby Smith, dy't yn augustus 1862 út East-Tennessee wei in mislearre ynfal yn Kentucky die. Begjin 1863 naam generaal Simon Buckner it befel oer de Konfederearre troepen yn Knoxville en omkriten oer. Om't er in Noardlike ynvaazje ferwachte, fersterke er Fort Loudon yn West Knoxville (net te betiizjen mei it koloniale fort súdwestlik fan 'e stêd) en sette er útein mei it opsmiten fan ierden ferdigeningswâlen oeral yn Knoxville.

Yn 'e simmer fan 1863 twong de opmars fan in oermacht oan Noardlike troepen ûnder generaal Ambrose Burnside Buckner lykwols om syn eigen troepen út Knoxville te evakuëarjen foar't de wâlen ree wiene. Burnside arrivearre begjin septimber yn 'e stêd, en begûn dy, krekt as Buckner, daliks te fersterkjen. Behalven Fort Loudon boude Burnside noch tolve oare forten om Knoxville hinne. Boppedat liet er in pontonbrêge oanlizze, sadat Noardlike troepen yn 'e stêd de rivier de Tennessee oerstekke koene. Underwilens hie it Konfederearre leger de Noardliken lykwols ferslein yn 'e Slach by Chickamauga, wêrnei't se belis sloegen foar Chattanooga.

Op 14 novimber 1863 foel de Konfederearre generaal James Longstreet Burnside syn troepen yn Knoxville oan as ûnderdiel fan 'e saneamde Knoxville-kampanje. Hy hie de stêd eins út it suden wei oanfalle wollen, mar om't er te min pontonbrêgen hie, wied er twongen en stek de rivier fierder streamôf oer, by Loudon, wêrnei't er opteach tsjin it swier fortifisearre westlike part fan Knoxville. Op 15 novimber slagge it generaal Joseph Wheeler om 'e Noardlike troepen te ferjeien fan 'e hichten oan 'e súdkant fan 'e stêd, mar de deis dêrop wist Longstreet yn 'e Slach by Campbell's Station net op 'e tiid de weromtocht fan 'e Noardliken ôf te snijen.