Omsk (Russysk: Омск) is in Russyske stêd yn Sibearje, haadstêd fan 'e oblast Omsk. De stêd leit op it plak dêr't de rivieren de Irtysj en de Om byelkoar komme.
Under it Russysk keizerryk wie Omsk de sit fan 'e Gûverneur-generaal fan West-Sibearje en letter fan 'e Gûverneur-generaal fan 'e Steppen. Yn 'e Russyske boargeroarloch, yn 1918–1920, wie Omsk de haadstêd fan 'e anty-bolsjewistyske Sibearyske Republyk en waard de keizerlike goudreserve dêr bewarre.
Ekonomy Omsk hat in wichtige haven en de Russyske oaljemaatskippij Sibneft sit dêr. thumb|260px|Skouboarch Omsk Ferkear en ferfier Omsk is goed te berikken oer it wetter (Irtysj en Om) en hat oanslúting op wichtige wegen en it spoar. It Transsybearysk spoar en de autowei M5 ferbynt Omsk oer Tsjeljabinsk mei Moskou en it oerbliuwend part fan Jeropeesk Ruslân. Teffens hat de stêd in eigen lofthaven dy't troch mear as ien maatskippijen betsjinne wurdt en dy't de basis is fan Omskavia. It stedske iepenbier ferfier bestiet út trams, stedsbussen en trolleybussen.
Omsk is it einpunt fan 'e Jeropeeske wei 30 dy't yn Cork begjint. De 5800 kilometer lange dyk rint ek troch Nederlân.
Sûnt 1992 waard der ek wurke oan it oanlizzen fan in metro ûnder Omsk. It wie ynearsten it doel om it earste trasee te iepenjen yn it ramt fan it 300-jierrich bestean fan de stêd yn 2016. Mar noch foar it jubileum fan de stêd rekke it jild op en gyng de projektûntwikkelder NPO Mostovik failliet. It hiele projekt waard yn 2018 troch de oblast Omsk offisjeel stopset. Njonken in diel fan it earste trasee en de metrobrêge oer de Irtysj waard allinne it earste metrostasjon Alekander Pûsjkin-bibleteek iepene (2011).
Unjouwing befolking Jier Ynwenners 1725 992 1825 9.000 1858 18.000 1897 37.376 1926 162.000 1939 288.855 1959 581.108 1970 821.151 1979 1.014.246 1989 1.148.418 2002 1.134.016 2010 1.154.116 2024 1.104.485 Kultuer en ûnderwiis As foaroansteand kultuer- en ûnderwiissintrum hat Omsk in tal museums, teaters, skouboargen en (heger)ûnderwiisynstituten.
De meast wichtige museums binne: It steatmuseum foar regionale skiednis It Dostojevskymuseum fan literatuer It Vrûbelmuseum foar keunsten It militêr museumkompleks It Kondraty Belov keunstmuseum It Liberovsintrum foar keunst
Teaters binne de Opera fan Omsk, it Dramateater Omsk, it Sirkus fan Omsk en in tal lytsere kulturele ynstellings.
Heger ûnderwiis Steatsuniversiteit Omsk Technyske Steatsuniversiteit Omsk Pedagogyske Steatsuniversiteit Omsk Agraryske Steatsuniversiteit Omsk Steatsuniversiteit foar Fervierkunde Omsk Siberyske Steatsakademy foar Wegenbou Siberyske Steatsakademy foar Lichems Oefening en Sport
Berne yn Omsk Vissarion Sjebalin (11 juny 1902), Russysk komponist Valentina Talyzina (22 jannewaris 1935), Russysk aktrise Jevsjej Tsejtlin (1948), Russysk-Joadsk literatuerwittenskipper en skriuwer Michail Vroebel (17 maart 1856), Russysk skilder en bylhouwer
Sjoch ek Marije-Himelfeartkatedraal (Omsk)
Keppelings om utens
Omsk online mei kaarten De trije Omsker maratons (en Russysk)
Kategory:Plak stifte yn 1716