Plattèl is in Nederlânske sjongster. Sy waard berne yn Rotterdam en brocht har teener-jierren troch yn it doarp Jonkerslân. Dêr learde hja de Fryske taal. Se fûn de taal sa moai, dat se dêr op skoalle op It Hearrenfean in karfak fan makke. Hoewol't se meast Ingelsk sjongt, brocht se yn desimber 2012 op in single-kompaktskiif it Fryske nûmer 'Hjir bin ik' út.
Keppeling om utens Plattèl Music
Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw