thumb|Fatoumata Diawara, festival Le Murmure du son Eu (76) 13 juy 2024 Fatoumata Diawara (Abidjan, Ivoarkust, 1982) is in Malineesk muzikant, sjonger en aktrise dy't yn Frankryk wennet.

Libben Fatouma waard berne yn Abidjan út Malineeske âlden. Sy ferfarre nei Frankryk om te aktearjen. Sy spile yn Cheick Oumar Sissokos film La Genèse (1999), Dani Kouyaté syn populêre film Sia, le rêve du python (2001), yn it ynternasjonaal ferneamde teaterselskip Royal de Luxe en spile boppedat de haadrol yn de musical Kirikou et Karaba.Chabasseur, Eglantine. "Fatoumata Diawara Reinvented", RFI musique, 8 april 2009.

Letter pakte sy it gitaarspyljen op en komponearre sy har eigen lieten; wurk dat in kombinaasje is fan Wassaloutradysjes út Súd-Maly en ynternasjonale ynfloeden., BBC Radio 3, 13 novimber 2010. Sy hat optreden mei Oumou Sangaré, en ek muzyk mei him opnaam,Cummings, Tim. "Oumou Sangare, Barbican Hall, London", The Independent, 28 april 2009. mei AfroCubism,Phillips, Glyn. "AfroCubism", WorldMusic.co.uk, 8 juny 2011. Dee Dee Bridgewater (oer Red Earth: A Malian Journey),Stoudmann, Elisabeth. "Fatoumata Diawara: Nouvelle deesse malienne". Vibrations, juny 2011 en it Orchestre Poly-Rythmo de Cotonou.Denselow, Robin. "Orchestre Poly-Rythmo: Cotonou Club", The Guardian, 24 maart 2011. De plaat Kanou waard maaie 2011 útbrocht en har debútalbum Fatou op it platemerk World Circuit Records kaam septimber 2011 út.

Septimber 2012 hat hja optrede yn in kampanje mei de namme "30 Songs / 30 Days" om Half the Sky: Turning Oppression into Opportunity for Women Worldwide te stypjen, in muly-mediaprojekt yspirearre troch it boek fan Nicholas Kristof en Sheryl WuDunn. http://www.halftheskymovement.org/blog/entry/30-songs-30-days-for-half-the-sky1

Yn 2017 droech Diawara by oan Lamomali, it Malineeske projekt fan Matthieu Chedid. Yn 2018 ferskynde har twadde solo-album Fenfo, produsearre troch Chedid. Fatoumata Diawara annonce un nouvel album avec le clip de la chanson "Nterini", France Info, 9 maart 2018. Argivearre op 15 april 2019.Avec « Fenfo » Fatoumata Diawara donne le la du printemps, France Inter, 8 maart 2018. Argivearre op 14 april 2022.

Wurk

Filmografy 1996 : Taafe Fanga fan Adama Drabo 1999 : La Genèse fan Cheick Oumar Sissoko : Dina 2002 : Sia, le rêve du python fan Dani Kouyaté : Sia 2008 : Il va pleuvoir sur Conakry, fan Cheick Fantamady Camara : Siré 2010 : Encourage, fan Eleonora Campanella 2010 : Ni brune ni blonde, fan Abderrahmane Sissako 2011 : Les Contes de la Nuit, fan Michel Ocelot (stim) 2014 - Timbuktu (Abderrahmane Sissako), as de sjongster 2015 - Morbayassa (Cheick Fantamady Camara) 2018 - Yao (Philippe Godeau), as Gloria

Teäter 1998 : Antigone fan Sofokles ; bewurking Jean-Louis Sagot Duvauroux, produksje Sotiguy Kouyaté 2002 -2008 : Royal de Luxe ; fan Jean-Luc Courcoult 2007-2008 : Kirikou et Karaba : Karaba

Diskografy 2011 : Kanou (World Circuit - EP) 2011 : Fatou (World Circuit - Album) 2012 : Optreden yn Rocket Juice & the Moon (Honest Jon's - Album) 2012 : Optreden yn it liet "Nothin' Can Save Ya" fan it album The Bravest Man In The Universe fan Bobby Womack 2013 - Sketches from Ethiopia (Mulatu Astatke), meidogger oan it nûmer Surma 2015 - At Home (Live in Marciac) mei Roberto Fonseca 2017 - Lamomali (Matthieu Chedid), meidogger oan de nûmers Manitoumani, Bal De Bamako, Cet Air, Une Âme en Toi Moi 2018 - Fenfo (Wagram Music) 2020 - Désolé (Gorillaz) 2023 - London Ko (Wagram) 2025 - Lamomali Totem (Wagram Music) 2025 - Lamomali Je t'aime (Wagram Music)

Nominaasjes Yn desimber 2018 hearde Diawara ta de nominearden foar twa Grammy Awards: Best World Music Album foar har album Fenfo en Best Dance Recording foar Ultimatum fan de groep Disclosure dêr't se oan meiwurke hie.Winners and Nominees 61st Annual GRAMMY Awards (2018), Grammy Awards

Keppelings om utens www.fatoumatadiawara.fr IMDb-profy

Kategory:Ivoriaansk sjonger Kategory:Ivoriaansk muzikant Kategory:Ivoriaansk filmakteur Kategory:Ivoriaansk toanielakteur Kategory:Malineesk sjonger Kategory:Malineesk muzikant Kategory:Malineesk filmakteur Kategory:Malineesk toanielakteur Kategory:Ivoriaansk persoan fan Malineesk komôf Kategory:Persoan berne yn 1982