Aung San (Natmauk, 13 febrewaris 1915 – Rangoon, 19 july 1947) wie in Birmeesk revolúsjonêr, nasjonalist, militêr en politikus. Hy spile in wichtige rol yn de ûnôfhinklikens fan Birma en wurdt yn syn lân troch in protte lju as 'heit' fan de selsstannigens beskôge.

Hy wie as studint ien fan de grûnlizzers fan de Thakin-beweging, dy't ûnôfhinklikens foarstie.

Aung San hie by syn frou Daw Khin Kyi trije bern. De meast ferneamde is dochter Aung San Suu Kyi, dy't mei om reden fan har efternamme sûnt 1988 in wichtige rol yn de Birmeeske polityk spilet mei har partij de NLD. De NLD wart har tsjin de militêre diktatuer en hopet it lân te demokratisearjen.

Kategory:Birmeesk generaal Kategory:Birmeesk politikus Kategory:Birmeesk minister Kategory:Premier fan Birma Kategory:Birmeesk revolúsjonêr Kategory:Birmeesk nasjonalist Kategory:Birmeesk kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Birmeesk misdieslachtoffer Kategory:Persoan dy't omkommen is by in moardoanslach Kategory:Persoan berne yn 1915 Kategory:Persoan stoarn yn 1947