Diderik fan Assenede (Assenede, ±1230 - 1293) wie klerk fan de greve fan Flaanderen fan 1260 oant 1280.

As klerk skreau er ek literatuer. Guon saakkundigen wolle hawwe dat er in wichtige rol hân hat yn de emansipaasje fan de Nederlânske literatuer oan it Flaamske hof, omdat er nei't er sels sei skreau foar dejingen die geen walsch en konnen (dy't gjin Frânsk machtich wienen). Sadwaande sljochte er it paad foar de earste folkstalige literatuer yn it greefskip Flaanderen dêr't it Frânsk fiertaal wie, meidat it in lienhearlikheid fan Frankryk wie.

Klaas Bruinsma hat Floaris en Blankefloar fan Diderik fan Assenede yn it Frysk oerset (2009).

Keppeling om utens Biografyen en wurk fan Fan Assenede yn deDBNL

Kategory:Súdnederlânsk romanskriuwer (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk dichter (foar 1830) Kategory:Flaamsk romanskriuwer Kategory:Flaamsk dichter Kategory:Midsiuwsk skriuwer Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Persoan berne yn 1230 Kategory:Persoan stoarn yn 1293