Marcel Reich-Ranicki (Włocławek, 2 juny 1920 - Frankfurt am Main,18 septimber 2013) wie in wichtich Dútsk literatuerkritikus. Hy wie fan Joadsk komôf.
Reich-Ranicki wie in oerlibbene fan it getto fan Warsjau. Yn 1958 ferhuze er nei de Bûnsrepublyk Dútslân, dêr't er wurke as literêr kritikus, earst by it wykblêd Die Zeit en dêrnei by de Frankfurter Allgemeine Zeitung. Hy wie in foaroansteand kritikus fan Gruppe 47, wurdfierder fan de sjuery fan de Ingeborg Bachmann-priis en inisjatyfnimmer fan it literêre programma Das Literarische Quartett, dat er fan 1988 oant 2001 organisearre. Troch legindaryske telefyzje-optredens waard Reich-Ranicki, by it publyk bekend as de "Paus fan de Literatuer", en in mediastjer. Syn memoires My Life (1999, ferfilme yn 2009) diene syn populariteit fierder omheech gean.
Reich-Ranicki wie troud mei Teofila Reich-Ranicki en heit fan harren soan Andrew Ranickim, de lettere wiskundige.
Kategory:Poalsk literatuerkritikus Kategory:Poalsk autobiograaf Kategory:Poalsk diplomaat Kategory:Poalsk spion Kategory:Poalsk kommunist Kategory:Poalsk ateïst Kategory:Poalsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútsk literatuerkritikus Kategory:Dútsk autobiograaf Kategory:Dútsk diplomaat Kategory:Dútsk spion Kategory:Dútsk kommunist Kategory:Dútsk ateïst Kategory:Holokaustoerlibbene Kategory:Poalsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Poalsk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 2013