Jelle Reyners (Fryslân, 1600 - dêre, 1634) wie in Frysk skilder yn de Gouden Iuw.
Biografy Neffens Houbraken wie er in goede glêsskilder; hy wie in tiidgenoat fan Wybrand de Geest. Fanwege it timmerljusgilde yn Snits makke er in brânskildere rút mei it ôfbyld fan de 'Flecht nei Egypte' foar harren tsjerke dêre.biografy Jelle Reiniers yn De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen (1718) troch Arnold Houbraken, yn de DBNL] Fan dat wurk waard sein dat it lykweardich wie oan it wurk fan de bruorren Crabeth yn Gouda.
Neffens de RKD wie er ek dejinge dy't faaks de begraffenis fan Ernst Casimir yn 1632 tekene hat.Jelle Reyners yn de RKDVan der Aa, diel 16, s. 203
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1600 Kategory:Persoan stoarn yn 1634