Nanne Tepper (Hegesân, 17 jannewaris 1962 - Grins, 10 novimber 2012) wie in Nederlânsk skriuwer.
Tepper giie nei de middelbere skoallen yn Veendam, dêr't er befreone wie mei de lettere kabaretier Bert Visscher en de lettere museümdirekteur Wim Pijbes. Doe't er achtjin wie ferhuze er nei Grins. Hy krige al jong niget oan popmuzyk en rjochte in garaazjerockband op, Imaginary Diseases. Letter waard er resinsint by it muzyktydskrift OOR.
Tepper debutearre mei de De eeuwige jachtvelden, wêr't er yn 1996 de Anton Wachterpriis foar krige. Yn 2000 ferskynde syn roman De vaders van de gedachte, dy't nominearre waard foar de Libris Literatuer Priis.
Novimber 2012 makke Tepper, dy't al lange tiid fan depresjes te lijen hie, yn de âldens fan 50 jier in ein oan syn libben.
Wurk De eeuwige jachtvelden (1995) Atonale schertsen (1997) De avonturen van Hilliebillie Veen (1998) De vaders van de gedachte (1998) The happy hunting grounds. Translated from the Dutch by Sam Garrett. Londen, Flamingo (in ymprint fan HarperCollins), 1999 De lijfbard van Knut de Verschrikkelijke. Atonale schertsen. Samling fan njoggen artikels. Amsterdam, De Bezige Bij, 2008 De psychologie van de constructie. Bezorgd en voorzien van een nawoord door Jack van der Weide. De Haach, Statenhofpers, 2015 De kunst is mijn slagveld. Brieven 1993-2001 (besoarge en ynlaat fan Nick ter Wal) ISBN 9789025446574, 2016 De eeuwige jachtvelden/De avonturen van Hillebillie Veen/De vaders van de gedachte ISBN 9789492928078, 2018
Keppelings om utens Profyl Tepper yn de DBNL In memoriam 'De dood van Nanne Tepper' (Vrij Nederland, 8 juny 2013) 'Ik ben nog altijd schrijver' (De Parelduiker 2013, nr. 5) 'Cowboy in Groningen' (Ons Erfdeel 2014, nr. 3) 'Zwartromantische bloedbroeders' (De Volkskrant, 23 jannewaris 2016)
Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Selsmoarddogger Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1962 Kategory:Persoan stoarn yn 2012