thumb|Byld fan Anton Wachter yn Harns, makke troch byldhouster Suze Boschma-Berkhout De Anton Wachterpriis is in priis foar it bêste skriuwersdebút. De priis waard yn 1977 ynsteld troch it Centraal Comité 1945 fan Harns en wurdt om it jier útrikt. It is de iennichste debútpriis dy't troch faksjuery takend wurdt. De priis is ferneamd nei it haadpersoan Anton Wachter út it searje romans fan de skriuwer Simon Vestdijk. De priis wurdt alle kearen útrikt yn Harns, it berteplak fan Vestdijk. Fan 2020 ôf hat de gemeente Harns de priis op 'e noed mei't it Centraal Comité 1945 nei 2020 ophold mei syn aktiviteiten.
Priiswinners 1977 - Frans Kellendonk foar Bouwval 1979 - Patrizio Canaponi (pseudonym fan A.F.Th. van der Heijden) foar Een gondel in de Herengracht 1981 - Peter Joannes Burgstedde foar Mijn boosaardige zuster Elektra 1984 - Tessa de Loo foar De meisjes van de suikerwerkfabriek 1986 - Wessel te Gussinklo foar De verboden tuin 1988 - Gijs IJlander foar De kapper 1990 - Herman Stevens foar Mindere goden 1992 - Paul Verhuyck foar De doodbieren 1994 - Arnon Grunberg foar Blauwe maandagen 1996 - Nanne Tepper foar De eeuwige jachtvelden 1998 - Sipko Melissen foar Jonge mannen aan zee 2000 - Marek van der Jagt (pseudonym fan Arnon Grunberg) foar De geschiedenis van mijn kaalheid 2002 - Ilja Leonard Pfeijffer foar Rupert, een bekentenis 2004 - Arjan Visser foar De laatste dagen 2006 - Christiaan Weijts foar Art. 285b 2008 - Anne-Gine Goemans foar Ziekzoekers 2010 - Maartje Wortel foar Dit is jouw huis 2012 - Peter Buwalda foar Bonita Avenue 2014 - Niña Weijers foar De consequenties 2016 - Roos van Rijswijk foar Onheilig 2018 - Ellen de Bruin foar Onder het ijs 2020 - Annemarie Haverkamp foar De achtste dag 2022 - Simone Atangana Bekono foar Confrontaties 2024 - Tiemen Hiemstra foar W
Keppeling om utens webside Anton Wachterpriis
Kategory:Nederlânske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1977