thumb|300px|Lidsteaten fan it YMF It Ynternasjonaal Monetêr Fûns (YMF) is in organisaasje foar monetêre saken, dy't tegearre mei de Wrâldbank yn 1944 en mei it systeem fan Bretton Woods oprjochte waard yn it ramt fan de weropbou nei de Twadde Wrâldkriich. It YMF waard desimber 1945 offisjeel yn bedriuw brocht troch 29 nasjonale regearings. It YMF is in spesjalisearre organisaasje fan de Feriene Naasjes.

Yn 2012 hat it IMF 188 lidsteaten en 107 miljard dollar lieningen útstean oan 87 lannen. It haadkantoar sit yn Washington, D.C.

Direkteuren fan it YMF It haad fan de YMF is in direkteur. Tradisjoneel is dat in Europeaan, wylst it haad fan de Wrâldbank altyd in Amerikaan is. De folgjende persoanen wienen direkteur fan it YMF: 1946 – 1951: Camille Gutt 1951 – 1956: Ivar Rooth 1956 – 1963: Per Jacobsson 1963 – 1973: Pierre-Paul Schweitzer 1973 – 1978: Johannes Witteveen 1978 – 1987: Jacques de Larosière 1987 – 2000: Michel Camdessus 2000 – 2004: Horst Köhler 2004 (tydlik): Anne Krüger 2004 – 2007: Rodrigo de Rato y Figaredo 2007 – 2011: Dominique Strauss-Kahn 2011 (ynterim): John Lipsky 2011 - no: Christine Lagarde

Keppelings om utens De webside fan it YMF jout geregeldwei ûndersyksrapporten, ûnder oaren alle healjierren World Economic Outlook (yn april en oktober). Webside YMF

Kategory:Ynternasjonale ekonomy Kategory:Ynternasjonale organisaasje Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1944