Sándor Márai, earst Sándor Grosschmid de Mára. (Košice, 11 april 1900 - San Diego, 22 febrewaris 1989) wie in Hongaarsk skriuwer en sjoernalist.

Biografy Márai waard berne yn Kassa (doe yn Eastenryk-Hongarije, no Košice yn Slowakije), yn in magyarisearre Saksyske boargerhúshâlding. Hy studearre yn Leipzig, Frankfurt en Berlyn, en wie tusken 1923 en 1929 korrespondint fan de Frankfurter Zeitung yn Parys. Hy sette wurk fan Franz Kafka en Georg Trakl oer yn it Hongaarsk. Fan 1929 ôf ferskynden romans, ferhalen, essays en toanielstikken fan syn hân.Sándor Márai, Wereldbibliotheek.nl

Nei't Márai in skoft yn Italië wenne hie, emigrearre er nei de Feriene Steaten, dêr't er him nei wenjen sette yn San Diego. Hy bleau publisearjen yn syn memmetaal, mar syn boeken berikten mar in lyts publyk, omdat syn wurk yn Hongarije – op dat stuit kommunistysk – tsjin hâlden waard. In feriensume Márai die himsels tekoart yn de âldens fan 88 jier.

In jier letter, yn 1990, waard syn haadwurk A gyerták csonkig égnek (1942) op 'en nij yn it Hongaarsk útbrocht. Yn 1998 waard it yn it Italjaansk oerset en troch de Italjaanske kritikussen bot priizge. Dêrnei rekke it wurk fan Márai fluch wiidferneamd. Yn 1999 wie Hongarije it haadtema op de Frankfurter Buchmesse en ynienen begûn it boek te rinnen. Nei in besprekking fol fan lof fan de wichtige Dútske kritikus Marcel Reich-Ranicki op telefyzje waard de roman in bestseller. Márai, Sándor - Dútske taal en kultuer; UvA Student

Wilens hat Márai syn wurk in fêst plak ferôvere yn de Europeeske literêre kanon fan de 20e iuw.

Bibliografy Oersettingen yn it Nederlânsk:

Idegen emberek (1930) - Vreemdelingen (1934, oersetters László Székely en Madelon Székely-Lulofs), útj.: Nederlandse Keurboekerij Amsterdam,

Yn Nederlân binne sûnt Márai fannijs ûntdutsen waard de folgjende boeken útjûn (Wereldbibliotheek, Amsterdam):

A gyertyák csonkig égnek (1942) - Gloed (2000, oers. Mari Alföldy), . Eszter hagyatéka - De erfenis van Eszter (2000, oers. Mari Alföldy), Föld, föld!... - Land, land!... (2002, oers. Mari Alföldy), Zendülők - De opstandigen (2003, oers. Henry Kammer), Vendégjáték Bolzanóban - De gravin van Parma (2004, oers. Margreeth Schopenhauer), Az Igazi/Judit - Kentering van een huwelijk (2005, oers. Henry Kammer), Válás Budán - De nacht voor de scheiding (1939/2006, oers. Lászlo Székely en Madelon Székely-Lulofs), Egy polgár vallomásai - Bekentenissen van een burger (2007, oers. Henry Kammer), Sirály (1943) - De meeuw (2009, oers. Frans van Nes),

Galery

Keppelings om utens Offisjele Maraiside by Knopf, dy't Marai's romans yn it Ingelsk útjout Wrâldbibleteek

Kategory:Hongaarsk romanskriuwer Kategory:Hongaarsk dichter Kategory:Hongaarsk deiboekskriuwer Kategory:Hongaarsk balling Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk dichter Kategory:Amerikaansk deiboekskriuwer Kategory:Selsmoarddogger Kategory:Hongaarsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan fan Hongaarsk-Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Hongaarsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1989