Wâldsein (Nederlânsk: Woudsend) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súd fan Snits. Oant 2011 lei Wâldsein yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Skiednis thumb|260px|Monumintaal hûs, Ald Wyk 3 Wâldsein wurdt foar it earst neamd yn 1337 as it kleaster fan de paters fan de Karmeliten stifte wurdt. Om't de Ie yn de tiid fan de Middelsee ferbining hie mei Drylts, Snits en Ljouwert ûntstie hannel en skipfeart yn in goa mei in soad boeren. Om de skipfeart te beskermjen waard yn 1523 in blokhûs boud by it kleaster. Letter kamen der wenten oan de Midstrjitte en by de mole. Doe't yn 1710 de Sontfeart begûn waard Wâldsein hieltyd mear in haven. Yn 1762 waard der ek oan de oare kant fan de Ie boud.

Ferskillende nammen fan Wâldsein binne: Woldesende (1337), Woldensend (1446), Waldeseende (1447), Woldseinde 1492, Wolseyndt (1505), Walseyndt (1516), thoe waldzein (1520) en Waldsem (1579). Wâldsein ûnstie op in sânrêch, mar de namme bestjut dat it plak oan it ein fan in bosk lei.

Beskerme doarpsgesicht In part fan it doarp is in beskerme doarpsgesicht. Karakteristyk foar it doarp binne de njoggentjin stegen dy 't it sintrum fan east nei west trochkruse en dêr't de langste fan sa'n hûndert meter lang is. Fierders binne der yn it doarp ferskate ryksmonuminten.

Sport en rekreaasje Troch de geunstige lizzing fan Wâldsein tusken de Sleattemer Mar en de Hegemer Mar, net fier fan de Gaasterlânske bosken, lûkt it doarp in soad wettersporters.

Wâldsein leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht.

Mienskip It doarp hat fjouwer buertferienings: Markant, It Fuottenein, Oer de Brêge en Oer de Weisleat. De Bonifatiusskoalle en M. van der Brugskoalle binne de basisskoallen, De Beltsjeblom is it pjutteboartersplak.

Ferienings Fertier - toaniel Om 'e Nocht / Reinbôge - sjongen De Pôlesjongers - shantykoar De Poedelaar, BBC, Libre 1, Libre 2, Hy rint troch, DDOS, KET, KOT - biljerten WSV - gymnastyk Eensgezindheid - damjen WISKY - follybal Fuotbalferiening Wâldsein

Tsjerken thumb|260px|De Karmel PKN: De Karmel Roomsk-katolyk: Sint-Michaeltsjerke De grifformearde tsjerke waar yn it ramt fan de foarming fan ien gemeente mei de herfoarmen yn 1998 ôfstjitten en is ferboud as appartemintekompleks. De Fermanje waard yn 1967 ferkocht en is tsjintwurdich in restaurant

Befolking thumb|260px|Monumint yn Wâldsein foar de fallen slachtoffers yn 'e kriich In bekende ynwenner wie arsjitekt Hindrik Hindriks Kramer (1850-1934). Befolkingsferrin Jier 1840 1890 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2011 2021 Ynwenners 1.200 1.400 1.100 1.049 1.034 1.116 1.074 1.308 1.390 1.380

It besjen wurdich thumb|260px|De Jager De Karmel Sint-Michaeltsjerke Houtseachmûne De Jager Nôtmûne 't Laam

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Wâldsein rinn de foljende buslinen:

Line 44: Boalsert - Snits fia Gaasterlân Line 45: Snits - Himmelum fia Wâldsein

De buslinen troch Wâldsein wurde fersoarge troch Qbuzz.

Lân en wetterferkear Simmerdeis foarmet de brêge oer de Ie yn de buorren fan Wâldsein in knelpunt foar it wei- as wetterferkear. Troch de bou fan in rûnwei mei it Ie-Akwadukt besuden it doarp kaam yn 2007 in ein oan de oerlêst fan it ferkear.

Strjitten Alle strjitten yn Wâldsein.

Ferneamde persoanen Jan Couperus (1755-1833), regint en folksfertsjintwurdiger Lieuwe Annes Buma (1796-1876), klassikus en filantroop Hendrik Hendriks Kramer (1850-1934), arsjitekt Hylke Michiel Tromp (1866-1935), boargemaster Wybe Jelles van der Meer, (1883-1948), arsjitekt Willem Pot (1888-1963), NSB-boargemaster

Sjoch ek Fryske doarpen Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân

Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân Kategory:Beskerme doarpsgesicht yn Nederlân Kategory:Doarp of stêd yn Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Doarp of stêd yn Wymbritseradiel