Dronryp, of ek wol De Ryp, is in Frysk doarp yn de gemeente De Waadhoeke op 'e grins fan 'e Bouhoeke mei de Greidhoeke, ynklamme tusken de autosnelwei A31 (tusken Ljouwert en Frjentsjer) oan 'e noardkant en it Van Harinxmakanaal oan 'e súdkant. Dronryp is ek bûten Fryslân bekend as it berteplak fan 'e achttjinde-iuwske astronoom Eise Eisinga en de njoggentjinde-iuwske keunstskilder Lourens Alma-Tadema. It doarp hat in beskerme doarpsgesicht.

Deinum hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners

Etymology Wat de etymology fan 'e doarpsnamme oanbelanget, tinkt men wol dat de delsetting oarspronklik fêstige wurden is op in smelle stripe lân (in "ryp") tusken twa slinken yn. Dy "ryp" soe doe noch ophege wêze mei terpen, mei't de seediken pas yn 'e tsiende of alfde iuw oanlein waarden. Oer "dron-" sitte de saakkundigen eins wat mei de hannen yn 't hier, al wol ien teory hawwe dat it in gearlûking is fan 'e ier Fryske famyljenamme "Drenning".

En fierders is der noch it (net serieus bedoelde) yn 1851 publisearre rymke yn Iduna fan Y.H. Bosma, wêryn't de dichter de skiednis fan Dronryp mei de gek beslacht troch út te lizzen hoe't men it plak bepaalde dêr't de tsjerke komme moast: men liet twa keppele oksen in nacht los, en wêr't dy de oare moarns oantroffen waarden, dêr soe boud wurde. De oare moarns siet it hiele lân ûnder de ryp, en fan de oksen wie gjin spoar te bekennen. Mar úteinlik hearde men har droanende gebalt, en doe die bliken dat se yn in reidpoel yn 'e drek leine. Dat de tsjerke waard op it plak fan dy reidpoel boud en it doarp dat deromhinne groeide kaam Dronryp te hjitten, fan "droan" en "ryp". De tradisjonele skelnamme fan Rypsters is "oksen".

Geografy De himrik fan Dronryp beslacht likernôch 214 ha, wêrfan't 9 ha út oerflaktewetter bestiet.Statistyske ynformaasje oer Dronryp It doarp leit yn it noardwestlike diel fan 'e provinsje Fryslân, op 'e Klaai, likernôch 8 km rjocht bewesten Ljouwert. Fuort besiden it doarp leit de âlde súdgrins fan 'e Bouhoeke, dêr't oant in jier as tritich lyn de Greidhoeke begûn en dy beide lânbougebieten mei in frij skerpe demarkaasjeline faninoar skaat waarden. Tsjintwurdich is dy oergong lykwols folle stadiger, mei't yn 'e Bouhoeke it greidlân optein is, wylst troch de bou fan maïs no yn 'e Greidhoeke ek wol boulân foarkomt. Likernôch op datseldichste plak, fuort besuden Dronryp, leit in grut ferhef yn it lân, dat yn 'e lêste iistiid opsmiten is troch de gletsjers, en dêr't no de súdlike tagongswei oerhinne rint.

Dronryp hat foarhinne altyd ta de gemeente Menameradiel heard en, dêr't it mei likernôch 3.500 ynwenners (yn 2011) de grutste wenkearn fan wie, noch foàr it haadplak Menaam, oant it per 1 jannewaris 2018 ûnder de nije fúzjegemeente De Waadhoeke kaam te fallen. De Rypster himrik grinzget yn it noarden oan Menaam, yn it noardwesten oan Skingen en yn it easten oan Deinum en Blessum. Yn it westen grinzget Dronryp oan it doarp Sweins, en yn it suden (fan west nei east) oan 'e doarpen Wjelsryp, Baaium, Winsum, Húns en Hilaard. It doarp Dronryp sels leit ynklamme tusken de Rykswei 31 oan 'e noardkant en it Van Harinxmakanaal oan 'e súdkant, al stekt de beboude kom in lyts eintsje oer dat wetter hinne út.

It lytse diel fan it doarp oan 'e súdkant fan it kanaal is mei de rest fan Dronryp ferbûn troch de (fierders nammeleaze) brêge oer it Van Harinxmakanaal, dy't yn 2018-2019 hielendal fernijd waard. In kilometer as twa besuden it doarp leit de útbuorren Hatsum, mei in eigen stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Harns. Eastlik fan 'e beboude kom, oan it Van Harinxmakanaal, leit De Puollen, dat foarhinne ek as in útbuorren beskôge waard.

Skiednis Dronryp waard foarhinne wol "it Fryske Rome" neamd, net om't men der sa roomsk is (al is it noch altyd wol ien fan 'e meast roomske doarpen fan Fryslân), mar om't it krekt as Rome boud wie op sân heuvels, al wiene dy "heuvels" yn Fryslân fansels terpen. It is net bekend wannear't Dronryp stifte waard, mar dat moat foàr Kristus west hawwe, mei't by archeologyske opgravings yn 'e ûnderskate terpen in grut ferskaat oan âldheden út 'e Romeinske tiid út 'e grûn helle is. Sa kaam by De Puollen geometrysk fersierd ierdewurk foar 't ljocht dat datearre wurde moat om it begjin fan 'e jiertelling hinne, en smieten de beide Hatsumer terpen (de iene benoarden en de oare besuden it spoar) mar leafst 451 resp. 256 ferskillende Romeinske fynsten op. Dêrûnder wiene in itensiederspot, in gielgoudene ring út de trêde iuw, in byldsje fan de Romeinske oarlochsgod Mars en fierders dakpannen by 't kroadfol.

Yn 'e Midsiuwen, doe't yn 'e measte Fryske doarpen ien inkeld haadlingelaach foar master opsloech, lei dat yn Dronryp justjes oars. Der wiene teminsten sân states: Fetsastate, Grut-Dotingastate, Osingastate en Hobbemastate yn of fuort by de buorren, Foppingastate oan 'e súdkant fan de âlde Harnzer Trekfeart, Glinsstate (ek wol it Blauhûs neamd) by De Puollen, en Hommemastate op Hatsum. Om't men sadwaande yn Dronryp tichter op in protsje siet as dat op oare plakken wenst wie, moast der ek better gearwurke wurde om mei-inoar troch de tiid te kommen. Dat liket wûnderwol slagge te wêzen, mei't út 'e saneamde benifysjaalboeken fan it doarp bliken docht dat frijwol alle (lukrative) tsjerklike amten yn it doarp út 'e eigen rûnte wei beset waarden.

Yn 'e tiid fan 'e partijskippen tusken Skier en Fet stie Dronryp ienriedich oan kant fan 'e Skieringers, krektlyk as omlizzende doarpen lykas Berltsum, Bitgum, Marsum, Deinum, Blessum en Boksum. Dêrmei hearde dizze krite ta de ynfloedssfear fan it Skieringer Frjentsjer, en kanten de doarpen har oan tsjin it Fetkeaperske Ljouwert, dat doe ek al op útwreiding út wie. Lykwols hie Dronryp in stik minder te lijen ûnder de boargeroarloch as guon buordoarpen, wat nammers te krijen hie mei it feit dat der doe noch gjin himelsbrede lânferbining tusken Ljouwert en Frjentsjer oer Dronryp bestie. Ynstee rûn de âlde haadwei oer Marsum, Bitgum, Berltsum, Rie en Doanjum, dêr't er behearske waard troch de haadlingen dy't yn dy doarpen op harren stinzen sieten, in feit dat de Ljouwerters min nei 't sin wie. Mar likegoed wiene de Rypsters solidêr mei har buorlju en tekenen se yn 1496 yn 'e mande mei de oare doarpen in ferbûn mei de stêd Grins. Yn 1497 fûn der sels in gearkomste fan 'e Steaten fan Eastergoa en Westergoa yn Dronryp plak, wêrby't de stridende partijen in bestân sleaten. Mooglik wiist it plak fan gearkomste derop dat de Rypsters by de ûnderhannelings in rol as midsman ferfollen.

Yn 'e Slach by Frjentsjer sneuvele yn 1500 û.o. Heare Rynks, haadling te Dronryp, yn 'e striid tsjin 'e troepen fan Albrecht fan Saksen. Doe't de Saksers úteinlik har rjochten yn Fryslân oerdiene oan 'e Habsburgers die it bliken dat soks foar Dronryp gjin ferbettering brocht, want yn 1516 waard it doarp plondere en ferwuostge troch de troepen fan Floaris fan Egmond, de steedhâlder fan 'e Habsburchske lânshear Karel V, dy't de befolking útmoarden en de froulju ferkrêften. Doe't it yn 1524, nei hast tritich jier fan oanhâldende oarloch, wer frede waard, krige men nije swierrichheden op it mêd fan godstsjinst, mei't dat de tiid fan 'e reformaasje wie. De ûnrêst dy't dêrmei mank gie, hold in heale iuw oan, oant úteinlik ûnder de Tachtichjierrige Oarloch de bân mei Spanje trochsnien waard en de reformaasje yn 1580 formeel trochfierd wurde koe.

Neitiid rekken de âlde haadlingelagen fan Dronryp, foar safier't hja net útstoaren, yn jildpine, mei as gefolch dat de states fan it doarp stadichoan yn it neigean rekken. Fan Fetsastate bygelyks is bekend dat om 1700 hinne de doetiidske eigner, Teake Sybrand Camminga fan Burmania, de seis rigen ipebeammen oan 'e opreed, dy't de pronk fan it doarp wiene, foar heal jild foar it hout ferkeapje moast. Tsjin 1750 wie Fetsastate in ferfallen rottekleaster wurden. Ek Osingastate en Hommemastate waarden al ier wei, mar de oaren bleaune likemin sparre. Hobbemastate, dy't tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw ôfbrutsen waard, hold it noch it langste út. Inkeld in folle jonger slot, Schatzenburg, dat yn 'e saneamde Kwestjebosk fuort benoarden it doarp stiet (oan 'e noardkant fan 'e A31) bestiet noch altyd. Schatzenburg (dat net betize wurde moat mei it rekreaasje-oard ûnder Menaam, dat dernei ferneamd is) waard yn 1698 boud yn opdracht fan Harmannus Huber, de siktaris fan 'e Steaten fan Fryslân.

Wat it sljochtwei folk oanbelange, dat hie it yn 'e achttjinde iuw net maklik, mei't Fryslân yn dy tiid troch de feepest troffen waard, in besmetlike feesykte dy't yn juny 1714 yn De Puollen by Dronryp foar it earst útbrutsen liket te wêzen. De sykte bleau jierrenlang omwaarjen, wêrby't ferskate boeren mear as ien kear yn har libben al it fee kwytrekken (yn in tiid dat fersekeringen noch net bestiene). Yn it boek Skiednis fan Menameradiel makket O. Santema melding fan in Piter Hindriks Hiemstra, dy't yn 1740 yn Ypekolsgea berne waard, boere-arbeider waard te Iens, troude mei in boeredochter en sadwaande yn Tsjom op 'e pleats kaam en dêr 37 jier buorke, mar twaris al syn bisten ferlear oan 'e feepest. Nei de twadde kear moast er fan 'e pleats ôf en waard er mei 60 jier kastlein yn Blauhûs, dêr't syn frou stoar. Fjouwer jier letter wied er wer opklaud ta pachtboer, diskear yn Dronryp, dêr't er nochris 33 jier buorke. Op syn 97ste, nei 70 jier boer west te hawwen, sette er him yn 1837 nei wenjen yn in boargerhúske yn 'e buorren, mar doe't dat ôfbrutsen wurde moast, gied er by de bernsbern yn, dêr't er úteinlik op 4 novimber 1844 yn 'e hege âlderdom fan 104 jier kaam te ferstjerren.

Tsjin dy tiid wie Dronryp troch de bank nommen in frij woltierich doarp, ek al sil it grif syn earmen hân hawwe. Mar yn 1850 krige it as ien fan 'e earste doarpen yn 'e wide omkriten strjitferljochting, neffens Santema "in healwizichheit, dêr't men yn oare doarpen it nut net fan ynseach en dat ek planút sei."Santema, O., Dronryp, yn: Santema, O., en Ypma, dr. Y.N., ûnder redaksje fan, Skiednis fan Menameradiel, s. 404. Om deselde tiid hinne krige Dronryp in goede bibleteek en wie der in heech oanskreaune (iepenbiere) legere skoalle. Teffens naam de skipfeart oer de Harnzer Trekfeart ta, wêrfan't Dronryp profitearre. Yn 1951 kaam de ferbreding en ferjipping fan 'e feart ree, dy't him tagonklik meitsje moast foar de moderne skipfeart. De Harnzer Trekfeart waard doe omneamd ta it Van Harinxmakanaal. Yn 1863 kaam it spoar, en krige Dronryp daliks in stasjon (te Hatsum). Der waard in strjitwei oanlein fan Frjentsjer nei Ljouwert, dy't lâns d noardkant fan it doarp rint. Fan 1900 ôf ried dêr de tram en sûnt de 1930-er jierren de bus.

Yn it lêst fan 'e Twadde Wrâldoarloch, op woansdei 11 april 1945, brochten de Dútsers fjirtjin gizelders út de Ljouwerter finzenis nei Dronryp ta, nei't it Rypster ferset mei springstof tusken Ljouwert en Frjentsjer in trein liet ûntspoare. Om't de brêge oer de Harnzer Trekfeart iepenset wie, en men dêr dus net fierder koe, waarden de finzenen op dat plak út 'e frachtwein helle en oan 'e igge fan it kanaal, oan 'e westkant njonken it talud fan 'e brêge, deasketten. Op it plak dêr't dy Dronryp-represaille útfierd waard, stiet noch altyd in tinkteken yn 'e foarm fan in grut wyt krús. De nammen fan 'e slachtoffers wiene: Sybrandus van Dam, Oudger van Dijk, Johannes Marinus Ducaneaux, Heinrich Harder, Dirk de Jong, Hendrik Jan de Jong, Ruurd Kooistra, Johannes Nieuwland, Hendrik Joze Spoelstra, Douwe Tuinstra en de bruorren Egbert Mark Wierda, Klaas Jan Wypcke Wierda en Hyltje Wierda. In fjirtjinde man, Gerard de Jong, waard neitiid troch it ferset swier ferwûne tusken de liken fan 'e oare slachtoffers weihelle en oerlibbe de moardpartij. Soks mocht in wûnder hjitte om't de Dútsers nei de eksekúsje de slachtoffers 24 oeren skerp yn 'e gaten holden.

Gebouwen Meiïnoar telt Dronryp 41 ryksmonuminten. Dêrfan is sûnder mis de protestantske Salviustsjerke, ek wol D'Alde Wite neamd, it wichtichste monumint. Tsjerken