Slappeterp is in doarp west fan Menaam yn 'e gemeente De Waadhoeke.

Op hie Slappeterp ynwenners.

Skiednis It doarp is ûntstien op in lange kwelderwâl. It heart ta de rige terpen dy't fan Arkens by Frjentsjer oer Skalsum, Peins, Tamterp, en Slappeterp oant de Hege wier tusken Menaam en Berltsum rint. It doarp stie mei de Slappeterper Feart oer de Skingster Feart yn ferbining mei de Harnzer Trekfeart.

Slappeterp is in âld doarp. Yn 'e 13e iuw hiet it Slepelterp en yn 1469 Slepperdorp. Hoe ier der bewenning west hat is net bekend, mar der is yn 'e terp Frankysk diggelguod út de 8e of 9e iuw fûn. thumb|left|Pleatske oan 'e Menamerdyk. Foar de reformaasje wie Slappeterp in selsstannige parochy, dy't by it dekanaat Frjentsjer yndield wie. Nei de reformaasje foarme Slappeterp mei Skingen ien tsjerklike gemeente. Tsjintwurdich foarmje in grutter tal doarpen ien PKN-gemeente.

De eartiids oan Sint-Dionysius wijde tsjerke is oan it begjin fan de 19e iuw fanwegen brekfalligens ôfbrutsen. Yn 1826 waard de earste stien lein foar in nije tsjerke, mar dy is yn 1926 wer ferfongen troch it hjoeddeiske gebou.

It doarp hat gjin states hân. Wol wiene der in pear sate's.

Mienskip Slappeterp foarmet mei Slappeterp in twillingdoarp en de doarpen ha ien feriening foar doarpsbelang. It doarpshûs hjit 'Op Healwei' omdat it healwei Skingen en Slappeterp stiet. Yn 2007 is by it doarp swimfiver 'De Swanneblom' oanlein as fergees alternatyf foar it swimbad yn Menaam.

Tsjerke thumb|260px|Dionysiustsjerke

PKN-gemeente Ried-Skingen e.o.

Ferienings Biljertklub De Kromme Keu Kaartklub Troef Boer Keatsferiening Ontspanning Line Dance Klub Toanielselskip It sil heve (Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside) thumb|260px|De himrik fan Slappeterp.

Befolkingsferrin Jier 1840 2013 2015 2020 Ynwenners 113 80 85 90 (Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Strjitten Kleasterdyk, Menamerdyk, Skingsterdyk.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Menameradiel Kategory:Doarp of stêd yn De Waadhoeke