Aldtsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It doarp hat likernôch 635 ynwenners (2022) en is it noardlikste en âldste doarp fan de Trynwâlden. Aldtsjerk grinzget oan de noardkant fan Oentsjerk.

It doarp leit oan de grutte dyk fan Ljouwert nei Dokkum. Der binne gjin winkels. Súdwest fan it doarp leit de Aldtsjerkster Mar. Yn Aldstjerk stiet ek de Klinze, in âlde state dêr't de famylje Fan Sminia wenne hat.

Eastlik fan de kearn leit rjochting Readtsjerk de buorskip Sânhuzen.

Aldtsjerk hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners. Skiednis It doarp waard yn 1421 'Aldakerka' neamd, yn 1486-1487 as 'auldatzercka' en yn 1579 as 'Altzierck'. De namme ferwiist nei in âlde tsjerke dy't der stie, Alda is Aldfrysk foar âlde. De Paulustsjerke thumb|left|Paulustsjerke

De Paulustsjerke is út de 12e iuw en foar in diel fan dowestien boud. Der is troch de jierren in hiel soad oan ferboud. Yn 1750 waard de tsjerke fergrutte, en de yngong gie fan de súdkant nei de noardkant. By de tsjerke is in grêfhichte, dêr't jonkhear Arent Johannes van Sminia (1806-1857) en syn frou Clara Coehoorn fan Scheltinga (1806-1875) lizze.

De Klinze

Om 1680 hinne liet Hessel fan Aysma dizze Aysmastate sette. Der wiene yn dy tiid in soad aadlike lju dy't bûtenút wenje woenen. Yn 1722 waard der in oprydleane by makke. Tusken 1990 en 1995 is de state hielendal opknapt. Der leit in park omhinne mei bochtige paadsjes en brechjes (Ingelske lânskipsstyl). It is ûntwurpen troch arsjitekt Roodbaard yn 1834. De Klinze is no in hotel en konferinsjesintrum.

Iisherberch It doarpskafee 'De Moarkswâl' wie in ferneamde iisherberch by de klapbrêge. De nammen fan de earste reedriders dy't út Ljouwert wei, oer De Moark en de Bonke, by it kafee oankamen waarden op de balken skreaun. Yn 1982 is it kafee lykwols ôfbrând. Yn it nije kafee is ek in nije balke oanbrocht.

Mienskip thumb|260px|Van Sminiawei Al jierren organisearret de doarpsferiening mei it Feintebûn de doarpsfeesten. Fan it Feintebûn kinne allinnich frijfeinten oant 30-jier lid wêze. De jierlikse optocht rydt op it doarpsfeest troch hiel Trynwâlden. De Stifting Alde Kultuer Aldtsjerk wol de skiednis libben hâlde troch lêzingen, eksposysjes en klank- en diabylden. Foar sport is Aldtsjerk op Oentsjerk oanwiisd. Winkels hat it doarp net mear en de boadskippen kinne út Oentsjerk of Gytsjerk helle wurde.

Tsjerke thumb|260px|Pastorij PKN Trynwâlden Skoalle Iepenbiere basisskoalle Sinnehonk Ferienings thumb|260px|Iisklubgebou Aldtsjerk Foarút Iisklub. De iisclub bestiet al sûnt 1865, der wurde hurdriderijen hâlden op de Aldtsjerker Mar, súdwestlik fan it doarp. Der is in strantsje by de mar oanlein. Mingd Koar Aldtsjerk Berne Jurgen Uitterdijk (1781-1845),wiskundige Sijo Kornelis Thoden fan Velzen (1809-1900), teolooch. Johan Bothenius Lohman (1887–1977), boargemaster Johannes Doedes de Jong (1912-1996), fotograaf en dichter Ernst Langhout (1956), folksmuzikant Erik Sinnema, betinker fan in iisflier fan keunstof

Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2020 Ynwenners 635 606 602 564 595 610 630

Aldtsjerkermûne thumb|260px|Aldtsjerkermûne

De Aldtsjerkermûne is in poldermole tichtby it doarp Aldtsjerk.

Ynfrastruktuer

Provinsjale wei Lâns Aldstjerk rint de N361.

Bustsjinst Troch Aldtsjerk rinne de folgjende buslinen:

Line 51: Lauwerseach - Ljouwert fia Dokkum

Line 151: Dokkum - Ljouwert fia Driezum

De buslinen troch Aldtsjerk wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten

Aldemiedwei - Boerfinne - Eysingapaad - Freuleleane - Jonkerspaad - Klaas Douweswei - ferneame nei Klaas Douwes Marwei - Miedemawei - Rhaladyk - Sânhuzen - de buorskip Sânhuzen Van Sminiawei - Wierewei

Sjoch ek Fryske doarpen.

Keppeling om utens FB-side oer Aldtsjerk Oer De Klinze

Kategory:Trynwâlden Kategory:Doarp of stêd yn Tytsjerksteradiel