Berltsum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Fan âlds wie it in flekke, in doarp mei merkrjocht. Berltsum leit noardlik fan Menaam, eastlik fan Wier, westlik fan Bitgum en Bitgummole en besuden Sint-Anne. De doarpskearn bestiet út ferskate strjitten eastlik fan de Koepeltsjerke.
Sûnt 1963 heart de buorskip Kleaster Eanjum ek by Berltsum. Earder wie Tutgum ek in buorskip, mar Tutgum is no part fan it doarp sels.
Berltsum hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis Berltsum is oan it begjin fan de jiertelling as in terpdoarp ûntstien . Yn de midsiuwen lei it plak oan de trachtermûning fan de Middelsee. De flekke hat him út twa doarpen foarme, Tutgum en Berltsum, dy't nei inoar ta groeiden, wat laat hat ta in tige lange Buorren. Berltsum ûntwikkele him as in langhalich doarp, it Berltsumer Wiid bylâns.
Yn de 19e iuw hie it doarp in tramstasjon fan de NTM oan de line Ljouwert-Sint Jabik.
Berltsum leit yn in ikkerbougebiet en wie yn de Planologyske Kearnbeslissing (PKB) en de Fyfte Nota Iepenbiere Romte (2001) oanwiisd as konsintraasjelokaasje foar glêstúnbou. Ein 2004 besleat de Rie foar it Lanlik Gebiet lykwols dat ekstra finansjele stipe fan de ryksoerheid net nedich wie en dat de glêstúnbou konsintrearre wurde moast yn de "greenports" Westland, Oostland, Aalsmeer en omkriten en Venlo.
Sûnt 2018 leit Berltsum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Menameradiel.
Kleaster Eanjum Yn de midsiuwen stie yn 'Aningum', doe in tsjerkedoarp oan De Rie by Berltsum, it kleaster Eanjum. Dêr stie boppedat in proasdij fan Augustiner Koarhearen, stifte yn 1256 en in susterkleaster dat nei de wetterfloed fan 1287 (wêrby't 14 nonnen ferdronken) ûntromme waard. It manljuskleaster, geastlik en stoflik meastentiids yn goede tastân, begûn yn 1423 mei kleasterherfoarmingen yn Lúntsjerk en sluet him oan by de kongregaasje fan Windesheim (1429). ± 1520 folgen inkele kanunniken de lear fan Maarten Luther. Yn 1572 wie it kleaster in steunpunt fan Caspar de Robles tsjin de geuzen. Yn 1580 is mei de ynfiering fan de reformaasje it kleaster opheft., Encyclopedie van Friesland, 1958. Anjum, b.
Koepeltsjerke thumb|left|250px|Berltsum ein 18e iuw
De âlde oarspronklik oan Sint-Michael wijde midsiuwske krústsjerke út 1348 waard yn 1777 ôfbrutsen. De âlde tsjerke hie in swiere toer mei sealtek yn de foarm fan de tsjerke fan Wânswert. De earste stien waard lein troch de soan fan de grytman, baron Georg Wolfgang thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, doe't dy sân jier âld wie. Twa jier letter waard de tsjerke yn gebrûk nomd ûnder it bestjoer fan baron George Frederik thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, grytman fan Menameradiel, en Evert Annes Nauta as tsjerkefâd, kastlein yn herberch “Het wapen van Vriesland”. Syn herberch stie op it plak fan it lettere tramstasjon. Yn de tsjerke is ek by de grutte restauraasje fan 1970 in midsiuwske stien ynmitsele, dy't yn 1951 út de Menamerfeart fiske waard. De stien lit in tsjerke sjen en it Laam Gods, dat ek yn it wapen fan Berltsum foarkomt.PKN-gemeente Berltsum, oproppen 20 jannewaris 2023 Fierder is der yn de tsjerke noch in tinkstien fan de bou fan de skoalle op it stee dêr't no 't Centrum stiet (neist de tsjerke).
Mienskip It doarpshûs fan Berltsum hjit 't Heechhout' en de doarpskrante "Op 'e Roaster" ferskynt ek yn Wier. De Stifting "Berltsumer Belangen" set him yn foar de promoasje fan Berltsum en it ferbetterjen fan de leefberens. Eartiids waarden de bewenners fan Berltsum útskolden foar hûnefretters.List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker
Tsjerken thumb|260px|Koepeltsjerke thumb|Fermanje, Berltsum|260px|Fermanje Koepeltsjerke (PKN) Krústsjerke (PKN) Fermanje
Skoallen iepenbiere basisskoalle 'Lyts Libben' kristlike basisskoalle 'De Fûgelsang' thumb|260px|Buorren
Ferienings en stiftings Angelsportferiening De Deinende Dobber Biljartferiening Bliid Boadskip Sjongers Follybalferiening Berltsum Fûgelwacht Fuotbalferiening Berltsum Gymnastykferiening Berltsum Keatsferiening Koerbalferiening Dokumintaasjesintrum Berltsum Iisklub Berltsum Manljuskoar Sjongedewiis Muzykferiening Op Maat Oargelkommisje Tennisferiening De Fjouwerslach Toanielferieing Elts syn Rol (Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside) thumb|260px|De Kamp
Alderein Berlingastate is in opfang foar de âlderein en bestiet út 22 (soarch-)apparteminten, fjouwer libbensrinbestindige wenningen en fjouwer wenten oan de Buorren.
Jongerein "It Piipskoft" is de Berltsumer jeugdsoas. Berltsum hat in regionale funksje wat it útgeanslibben oangiet. Der is in superdiskoteek, The Dance Factory, en in bar-dancing Sans Souci. Der is spesjaal diskoferfier om it útgeanspublyk wer thús te bringen.
Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 Ynwenners 1310 2445 2315 2329 2269 2148 2350 Jier 2015 2020 Ynwenners 2575 2550 ''Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020: Alle Cijfers. Oare jierren sûnder boarnefermelding oernommen fan de besteande ynformaasje yn it artikel'') thumb|260px|Skoallestrjitte
Berne yn Berltsum Klaas Aartsma (1838), toanielskriuwer Aart Aartsma (1865), haadredakteur fan De Hepkema Sibe de Jong (1903-1965), frisiast en esperantist Henk Gemser(1940-), sportlearaar, reedrydcoach en trainer
Ferskaat Oan de Kleasterdyk stiet Aldheidkeamer De Grusert. Under Berltsum stiet oan de Menamer Feart de muonts "De Kievit". Tolfde stêd? De Alkmaarske gemeentesiktaris Joost Cox makke op 9 febrewaris 2005 bekend dat Berltsum yn de 14e en 15e iuw stedske skaaimerken hân hat. Dêrmei soenen der gjin alve, mar tolve stêden yn Fryslân lizze. Neffens Cox hat Berltsum yn 1355 himsels stedsrjochten takend, mei meiwitten fan de riedsleden fan Westergoa en waard it yn 1470 yn in brief fan de Dútske Hânzestêd Lübeck in stêd neamd. Berltsum lei doe oan de Middelsee. In dokumint mei de ferliening fan stedsrjochten hie Cox lykwols net fûn. Syn bewearing waard tsjinsprutsen troch histoarikus Hans Mol fan de Fryske Akademy. Neffens Mol hie Berltsum him destiids net ta stêd ûntwikkele troch't it te ticht by Ljouwert lei.
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Berltsum rinne de folgjende buslinen:
Line 70: Minnertsgea - Ljouwert fia Sint-Anne Line 71: Surch - Ljouwert fia Harns en Minnertsgea
De buslinen troch Berltsum wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Alle strjitten yn Berltsum.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn De Waadhoeke Kategory:Doarp of stêd yn Menameradiel