Westhim is in doarp súdeast fan Blauhûs oan de Himdyk yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

It doarp hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis thumb|left|De Kat It doarp ûntstie op in terp oan 'e Westhimster Opfeart nei De Wimerts. Wat súdlik fan 'e terp lei oan 'e Himdyk by Katsyl in slúske, dêr't in buorren mei de namme Grouwe Kat ûntstie. Grouwe Kat en Westhim binne yn 'e rin fan 'e tiid oan inoar groeid. Eartiids hearde ek Blauhûs as buorskip by Westhim, mar sûnt 1949 is dat in selsstannich doarp en foar de foarsjennings is it memmedoarp Westhim sels op Blauhûs oanwiisd.

Sûnt 1275 wurdt it doarp Westhem neamd, alias Hemdijck en dêrnei is der neat mear feroare oan 'e namme. De oerlevering dat der yn 1482 ek in namme Woschem west hat, liket net te kloppen. De doarpsnamme ferwiist nei in binnenpolder of in stik oanslike lân, fan it Aldfryske wurd 'him'.Friese Plaatsnamen, Karel F. Gildemacher 2007 ISBN 978 90 330 0643 2

De Himdyk is al iuwen âld. It wie eartiids de ienige ferbining mei Blauhûs en Drylts. Folle letter is fan it fuotpaad op de Himdyk in wei makke.

De tsjerke mei syn 13e-iuwske toer wie foar de reformaasje oan de hillige Bartoloméus wijd. Yn 'e klokkestoel hingje twa klokken; ien fan 1353 en ien fan 1639. It midsiuwske tsjerke waard yn 1708 ôfbrutsen en op 'e nij boud. Op 'e âlde klok steane de nammen Bartoloméus en Luidulfrus.

Oant 2011 lei Westhim yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Mienskip thumb|260px|Stjelp oan De Kat Westhim hjit yn 'e folksmûle ‘De Kat’ en de bewenners wurde katten neamd. Ek it eardere kafee hie de namme De Kat.

Tsjerke PKN Aldegea e.o. (Yn 1979 binne de doarpen Wolsum, Blauhûs, Greonterp en Westhim tafoege oan 'e protestantske gemeenten fan Aldegea.)Protestantske tsjerke Aldegea Skoalle De measte bern gean yn Blauhûs nei de basisskoalle.

Ferienings Foar ferienings giet men faak nei Blauhûs. De buertferiening yn it doarp hjit Underlinge Wille.

Befolkingsûntwikkeling Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2007 2015 2020 Ynwenners 188 190 191 165 157 97 69 74

Berne Jaring Walta (1887-1971), skilder, tekener en etser. Lolkje de Jong-van den Berg (1947-), heechlearaar sosjale farmasy en farmako-epidemiology oan de Ryksuniversiteit Grins.

Yfnrastruktuer

Bustsjinst Troch Westhim rint de folgjende busline:

Line 39: Ferwâlde - Snits

De busline troch Westhim wurdt fersoage troch Qbuzz.

Strjitten De Kat Feytebuorren (buorskip)

Sjoch ek Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Doarp of stêd yn Wymbritseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân Kategory:Beskerme doarpsgesicht yn Nederlân