Eksmoarre is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, trije kilometer westlik fan Boalsert. It doarp leit oan 'e Eksmoarster Opfeart, in opfeart fan 'e Makkumer Feart. Eksmoarre docht in soad yn 'e mande mei buordoarp Allingawier, dêr't it Van Panhuyskanaal de himrikken fan 'e twa doarpen skiedt.
Eksmoarre hat ynwenners (). Under Eksmoarre falle de buorskippen Brúndear, Eksmoarstersyl en Lonjé. Op 19e iuwske kaarten wurdt de buorskip Sibrandabuorren eastlik fan Eksmoarre neamd, dêr't op hjoeddeistige kaarten dêr ynstee fan de pleats Artesia op neamd stiet.
Skiednis Eksmoarre is ûntstien tusken sompen en puollen yn. It doarp wurdt al yn 885 as besit fan it Kleaster Werden neamd as Aspanmora. Yn 1275 wurdt it doarp Exmora neamd en yn 1399 Exsmora. De betsjutting fan de namme is net alhiel wis. De namme is in gearstalling fan it Aldfryske mora (sompe, feangebiet of plak fan sâltwinning) en aspa (esp). Op grûn fan jongere foarmen is de bestjutting faaks ēk (iik), boppe de mooglikheid fan 'e persoansnamme Eko of eg (hoeke)
Eksmoarre wie eartiids in fiskersdoarp. Troch it drûchlizzen fan de marren dêr omhinne, lykas de lytse Tsjerkmar, fuortendaliks westlik fan it doarp en justjes fierder de Kâlde of Makkumer Mar, Parregeaster Mar en stikmannich oare lytse puollen, waard der mear buorke. Hjoed-de-dei is der noch de Eksmoarster Opfeart nei de Makkumer Feart fan oer.
It doarp woeks suver út ta in streekdoarp oan 'e Doarpsstrjitte mei de herfoarme tsjerke benefter de streekbebouwing. Noardlik ûntsie ek in streekje mei oan 'e eastkant dêr't de grifformearde tsjerke boud waard. Oan 'e westkant stiet in rige ienfâldige fiskershúskes, boud mei Fryske trijelingen. Nei de Twadde Wrâldkriich wie der beskate nijbou oan 'e súdwestkant fan it doarp. Yn 'e 2000-er jierren waard it doarp fierder
Oant 2011 lei Eksmoarre yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Tsjerken Oan de noardkant fan it doarp stiet de grifformearde tsjerke.
Mear oan 'e súdkant stiet in romaanske tsjerke, de Jehannes de Dopertsjerke, dy't hjoed-de-dei in ryksmonumint is. Ynearsten hie de tsjerke in sealtek. Yn 1836 stoarte de toer troch in wynhoas yn en waard noch itselde jier ferfongen troch de hjoeddeiske houten boppebou. By restauraasje 1963-1966 kamen ûnder de plasterlaach wei romaanske finsters foar't ljocht.
Aldfaers Erfrûte De Aldfaers Erfrûte docht ek Eksmoarre oan, dêr't in grutterswinkeltsje, dy't ek as skoalle tsjinne hie, te besjen is.
Mienskip Doarpsbelang Eksmoarre fertsjintwurdiget de belangen fan de ynwenners fan it doarp. It doarpshûs hiet It Honk. It doarp hat mank mei Allingawier it moanneblêd Doarpsnijs, dy't om 'e moanne ferskynt.
Skoalle Sûnt 1796 hat Eksmoarre in skoalle hân. Yn 2022 moast skoalle De Oerdracht syn doarren slute en de bern op Tsjerkwert oanwiisd waarden.
Ferienings Begraffenisferiening De Laatste Eer Biljertferiening 't Keutje Buertferiening De Letbloeiers Buertferiening Trijesprong oant Trijesprong Buertferiening Van der Weypôle Buertferiening Trije yn Ien Kulturele Feriening LEX Frouljus Biljertferiening De Stootsters Dartklub Eksmoarre Iisferiening Iiskâld Jeu de boulesferiening De Tûke Goaiers Keatsferiening Eksmoarre Oranjeferiening Eksmoarre-Allingawier Stifting Club '77 Tafeltennisferiening Eksmoarre-Allingawier Toanielferiening Nij Begjin Folkstûnferiening De Gardeniers Frouljusferiening It Fûnemint Sjonggroep Eksmoarre
Befolkingsferrin 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2025 439 395 361 377 483 419 442Alle Cijfers 451
Berne yn Eksmoarre Hendrik Boschma (1928-2002), bankmeiwurker en boargemaster
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Eksmoarre rint de folgjende busline:
Line 96: Surch - Boalsert fia Makkum
De busline troch Eksmoarre wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Boalserterwei, Brúndear, Doarpsstrjitte, Ds Wilh A Brakelstrjitte (ferneamd nei Wilhelmus à Brakel), Eksmoarstersyl, Hindrik Postmastrjitte, Jelle Huitemastrjitte, Lonje, Marswâl, Surein, Van der Weijstrjitte.
Ferskaat Fan 1988 oant 2007 stie it Frysk Lânboumuseum as ûnderdiel fan Aldfaers Erf yn Eksmoarre. Doe't it te lyts waard, waard it sluten. De kolleksje kaam neitiids yn it doe nije Lânboumuseum yn Earnewâld, yn it eardere rekreaasjegebou fan It Wiid.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppelings om utens Webside fan Eksmoarre Beleef Exmorra
Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân